André Looijenga

Sortes Postmianae

logo.ensafh

André Looijenga hâldt him op it stuit ta yn de Skriuwersarke. Foar Ensafh docht er dêrwei om de safolle dagen ferslach fan wêr’t er him dêr mei dwaande hâldt.

Ik tôgje mar mei boeken om. Bin ik eins wol te plak hjir yn it petgat? Rêst, roeie, fytse, ja fansels: mar thús yn Grins steane myn dekameters boekekast. Boeken kin ik net sûnder. Eins kin ik ek net skriuwe sûnder dat der boeken binne. Literatuer is foar my net sa mar ferhaaltsjes fertelle: it is fierder gean nei wat der allegear al skreaun is. En weromgean nei wat earder skreaun waard.

Der binne fansels wol boeken op de Skriuwersarke. In seleksje út it proazawurk fan Rink van der Velde (guon sinjeard). Boeken dy’t skonken binne troch myn foargongers op de Arke (in moaie gewoante). Romans en dichtbondels dy’t hjir op de pôle skreaun binne.

Dochs haw ik hjir sels ek noch in pear tassen fol foar eigen gebrûk hinnetôge. Ommers, de twa boekeplankjes besteane út tafallige oanwinsten: der is hjir eins ferlet fan in behindige Fryske hânbibleteek. (Jo lêze grif mei, Piter de Groot.) Wurdboeken, de bekende blomlêzingen, in moai represintative karút fan klassikers út inkelde ieuwen Fryske literatuer. Ik wit al wat ik skinke sil: Obe Postma, Samle fersen.

Myn eigen eksimplaar haw ik fan ’e wike mar út Grins ophelle. Safolle grien en sinneskyn en simmer en fûgels en boatsjeboel en kij om my hinne: ik sit hjir op De Feanhoop suver yn in Postma-fers. De grutmaster fan it poëtysk sjen nei it Fryske lân wolst it komplete wurk dan graach fan by de hân hawwe.

Op ’e túnstoel op in tapyt fan mos ûnder de koetsebeibeam slaan ik dr. O. Postma iepen. “Soene jo stjerre moatte as jo net dichtsje mochten?” – in bekenden, ûngefear middenyn, wêryn’t er syn wurkwize treffend beskieden delset:

Faaks soe ik wol effen perbearje meie hoe’t it klinkt as ik de wurden opsis?
En as ik sa yn tinzen wei de pinne opnaam en in pear rigels opskreau
Om my dan wer te betinken en troch te krassen en wer op ’e nij wat wurden te siikjen.
Dat soene jo dochs gjin dichtsjen neame?

It wurk fan in grut dichter iepenslaan, om syn foarsizzende krêft. Fan de âldheid ôf wie Vergilius dejinge út wa’t de sortes Vergilianae lutsen waarden: poëzij as horoskoop. Monsignor Quixote (út it aardige boek fan Graham Greene, dat ferline wike op myn paad kaam) brûkt dêrta leaver it traktaat L’Amour de Dieu fan de hillige François de Sales. No sa, dan ik mar ús wize âlde dichter fan Koarnwert.

Samle fersen, nûmer 17 út de moaie, mar fierste stadich oanwaaksjende Holder-rige, – écht klassyk útjûne klassikers – leit noflik yn de hân. Eagen ticht, de bledsiden glide litte. Op de iepen side de finger rûn gean, eagen iepen. It fers Jong, út 1928 – Obe Postma wie doe noch mar sechtich, fandêr de titel dus. Dizze profesij ûnthjit wat:

En dichters reis
De wûnd’re lânen yn!
Ik swalkje mei, in ranke jonge maat;
O dream, o skyn!
Yn fiere wazen wykt it blanke paad.

Obe Postma (1868-1963) is fansels ús grutte dichter om altyd by de hân te hawwen. Djipsinnich mar tagonkelyk; man fan maitiid, simmer en lange dagen; in bytsje mankelyk mar noait tryst; in betûft each foar it lânskip en foar de skiednis; rêstige kuierder. As der ien boek mei poëzij is om mei te nimmen nei it sprekwurdlike ûnbewenne eilân, dan dit. (Hoewol’t ik dan sels faaks ek noch Horatius meismokkelje woe.)

En op dit ûnbewenne eilân, as in adviseur út en troch ûnder it skriuwen. Ik blêdzje jitris. Kom oan yn it skift “Net-bondele fersen”. De finger falt op in distichon út de syklus It jier lâns. Efteryn stiet taljochte dat it út in bylage út 1957 fan it tydskrift It Heitelân komt. It lykje ûnderskriften fan plaatsjes op in kalinder. Ik haw it each op july:

Heamoanne
En hoppe, brûk no dyn ferstân,
Jan bringt dy feilich nei it lân.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
André Looijengasjieuwe borger Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
sjieuwe borger
Gast
sjieuwe borger

jan wie grif ien of oare boerefeint mei te folle bier op, der wiist it wurd hoppe op. my tinkt, obe tocht oan hopwynsel. ja der hold obe wol fan om sokke saken yngewikkeld under wurden te bringen, dat wie neffens de tiden.

André Looijenga
Gast
André Looijenga

Sjieuwe, nijsgjirrige ynterpretaasje… 😉
Ik ferwachtsje earder dat der op it kalinderblêd fan de Heamoanne in haiwein stie mei in hynder derfoar. ‘Hoppe’ is in njonkenfoarm fan ‘happe’: http://www.wnt.inl.nl/iWDB/search?actie=article_content&wdb=WFT&id=37243