Martsje de Jong

Kompleten – it mystearje fan libben, leafde en dea

logo.ensafh

Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.

It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.

De ik-figuur yn Kompleten giet yn retrête yn in benediktiner frouljuskleaster yn Seelân. 8 dagen, yn keamer 8, it kleaster hat húsnûmer 88.
Se wol har ûndergean litte yn it ritme en de rituelen fan it kleasterlibben en tusken de gebedstsjinsten troch har wije oan de brieven fan Pater Rogatus Hoogma fan Boalsert, dy ’t yn de jierren ’50 syn wurk docht yn in koloanje foar lepra-pasjinten yn Brazilië.
Hoogma skriuwt oer Mariaferskinings en wûnders dy’t dêr plakfine, mar ek dat de aartsbiskop him net leaut en oerpleatse lit. De brieven fan dizze ‘frei Rogato’ foarmje koarte yntermezzo’s tusken it no en de takomst, dy’t net blynwei mar yn it boek delset binne. De wûnders, de wûnderbaarlike genêzings fan melaatsken, mar ek it sûnder mankearjen klearstean foar de meiminske, it hâldt de ik-figuer hieltyd dwaande. Sels fielt se har tekoart sjitten nei minsken yn har omjouwing. De ‘bôleblokjefrou’ bygelyks: in psychiatrysk pasjinte dy’t ek har heil siket yn it frouljuskleaster. Se rint der no en dan yn mei har plestik taske mei guod. Se seit net folle, mar docht har tegoed oan blokjes bôle. De ik-figuer kin der net ta komme om by de frou sitten te gean en in oprjocht gesprek mei har oan te gean. Mar ek yn it no en de takomst spylje it wûnder en de wûnderbaarlike genêzing in grutte rol. Yn it kleaster is dêr de wûnderbaarlike genêzing fan kanker fan suster Augusta (en ek hjir wer de ferwizing nei de 8: Augusta komt fan Augustus, ek de namme fan de achtste moanne). Yn de takomst hopet se op it wûnder as har man slim siik wurdt. Se wol it wûnder sa graach sjen en leauwe, mar kin it net benei kommen. “Dy’t freget om bewizen, is noch net klear foar it mystearje”.
Alles yn it boek draait om it mystearje fan leafde en leauwe, fan libben en dea.

It kleasterlibben wurdt troch de skriuwster op in betiden humoristyske wize delsetten. It docht bliken dat de nonnen net safolle oars binne as de bûtensteanders. Se sjonge betiden falsk, komme te let, ha in mobyltsje yn it habyt dat ôfgiet ûnder de misse en gean sa mar troch. Tusken dizze nofteren konsatearrings troch krijt de lêzer in hiel aardich byld fan de rituelen yn it kleaster. Fan de ferskate gebedstsjinsten, dy’t moarns ier en betiid begjinne mei de Metten en jûns eindigje mei de Kompleten, de deisluting wêrmei’t de syklus fan it deistich bidden fol makke wurdt en werom sjoen wurdt op de dei. De Kompleten binne nei de Metten, Lauden, Priem, Terts, Sext, None en Vespers de 8ste tsjinst fan de kleasterdei.

Dy Kompleten, net foar neat de titel fan dit boek, ha lykas alle gebedstsjinsten in tal fêste psalmen dy’t songen wurde. Psalm 4 bygelyks: “vredig leg ik mij neer en ik slaap al” en it liet fan Simeon: “Heer, laat nu Uw dienaar in vrede heengaan… mijn ogen hebben Uw heil aanschouwd”.
Dizze Kompleten ferwize yn alles wer nei de it tredde ûnderdiel fan it boek, de takomst. Yn koarte sinnen, suver yn dichtfoarm, komme alle stadia fan de sykte en it ferstjerren fan Jens foarby. It petear by de arts, de eangst en it net leauwe kinnen, it besef en it fertriet, mar ek de berêsting en it ôfskied. Sa op it each binne de bylden út de takomst yn willekeurige folchoarder yn it boek pleatst, mar altyd wer logysk folgjend op de realiteit fan it libben yn it kleaster.

De tematyk yn Kompleten (libben, sykte, dea, leafde en leauwe) is swier, mar oandwaanlik, minsklik en mei humor delsetten. De symbolyk yn it boek en de hieltyd weromkommende rituelen jouwe treast en hâldfêst oan de ik-figuer. Krekt dy kombinaasje fan faktoaren makket it in hiel bysûnder en waarm boek om te lêzen. Ut en troch brûkt de skriuwster sitaten fan oare minsken, dy ’t de haadpersoan en de lêzer oan it tinken sette oer de mystearjes fan it libben. It belûkt de lêzer op in tûke wize by wat der yn it boek bart. Kompleten kin wat my oanbelanget oanslute yn it rychje ‘klassikers fan de Fryske literatuer’.

claus,kompleten

Marga Claus, Kompleten
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9585

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op