André Looijenga

simmerhjerst

logo.ensafh

 

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no de rispstûn’
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch. faaks)

it firmamint lûkt dan de siden pjama oan en
ranjaread priuwt wetters grûne

(mei mooglik makke troch it douwe kalmafûns en it fryske gea)

.
.

André Looijenga nimt dizzer dagen ôfskied fan de Skriuwersarke. Dit gedicht hat er dien makke oan de âlde skriuwtafel fan Douwe Kalma (1896-1953), dy’t op 7 augustus 2014 op de Arke pleatst is.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *