Sytse Jansma

sûnder mis gjin merke

logo.ensafh

 

lit my gekke fratsen fan dyn flanken draaie
ballonhûnen foarmje of as botswana’s brûke

fonken út it plafond fan dyn tinken sûnder
mis gjin merke en sûnder fleis gjin fêsten

lit my bibelrigels sûkerswiet spinne as in toefke
op dyn pokrovtoer dyn katedrale lichem bewenje

as klaterrussyske sinten en dan dyn madonna-langnek
fan jewelste útinoar skowe as in attraksje boppe it alter

lit my wachtsje yn lange gebeden op in foarsichtich
stjitten út dyn heupen de stilte foar it amen azemje

*

Ein septimber komt Sytse Jansma syn twadde, en twatalige, bondel út: as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht, dy’t útjûn wurdt troch Hotsum (yn gearwurking mei De Contrabas). Dit gedicht stiet dêr ek yn.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op