Hedwig Terpstra

Jarich Hoekstra: ‘Ik bin net ûnwennich nei Fryslân.’

logo.ensafh

Jarich is berne yn 1956 yn Hitsum. Hy is opgroeid yn Abbegea en op syn tolfde ferhuze nei Almelo. Hy is heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde yn it Dútske Kiel, dêr’t er him ek mei de ferskate Noardfryske dialekten dwaande hâldt. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krigen Jarich en Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis foar har Fryske oersetting fan Bommel-ferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Yn 1995 kaam harren earste boek Hâld faasje út. Yn 1999 folge de histoaryske thriller De frouwepenje en yn 2013 Leffert: In heldedicht yn tolve sangen. Ik sykje him op yn syn boppewenning yn Kiel. Under him wennet syn freondinne Antje Tadsen. Beide huzen binne meiïnoar ferbûn, in moaie konstruksje. Tegearre prate sy yn it Fering/Öömrang, it Noardfryske dialekt fan de eilannen Föhr/Amrum.

IMG-20140816-WA0003

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik ha yn Grins studearre. Frysk wie doe noch in kopstúdzje, je moasten earst in oare Germaanske taal studearre ha en dan koene je mei Frysk begjinne. Doe’t ik nei Grins kaam bin ik earst mei Skandinavistyk, mei Noarsk, begûn. Ik bin tagelyk ek al in bytsje begûn mei it folgjen fan Fryske kolleezjes, mar ik koe noch net offisjeel mei dy stúdzje begjinne. Doe’t ik myn kandidaats Skandinavistyk hie bin ik mei Frysk begûn. Al foar de ein fan myn stúdzje bin ik by de Fryske Akademy oan it wurk gong. Dat wie yn in tiid dat in soad âlderen der by de Akademy mei opholden, dus se sieten wol te springen om minsken. Ik ha ek in pear kear op skoallen sollisitearre as learaar, mar dat ha ik gelokkich net krigen, oars wie ik miskien yn it ûnderwiis hingjen bleaun. By de Akademy ha ik earst in skoft oan it Grut Frysk Wurdboek wurke en dêrnei bin ik wittenskiplik meiwurker wurden foar grammatika-ûndersyk. Fan dêrút haw ik sollisitearre nei dizze baan yn Kiel en dy ha ik yn 1999 krigen.’

Wat kinst fertelle oer de stúdzje Frisistyk hjir yn Kiel?
‘Dy is hiel lyts. Njonken myn plak is der noch ien plak, dus wy binne as dosinten mar mei ús twaën. Ik ha hiel lang in meiwurker hân út Skotlân, Alistair Walker. Hy is no mei pinsjoen en haw ik in nije meiwurkster: Wendy Vanselow. Wy moatte mei ús beiden it hiele program dwaan. Frisistyk is in folsleine stúdzje, je kinne in bachelor- en in masteroplieding dwaan yn Kiel. Kiel en Grins binne de iennichste plakken dêr’t je in folsleine stúdzje Frysk dwaan kinne. In grut foardiel fan Kiel is dat minsken hjir twa fakken studearje. Ik nim oan dat in soad fan myn studinten Frysk foar de aardichheid derby dogge en it as in oanfolling op har oare stúdzje sjogge. Dêrtroch krije wy folle mear studinten as yn Grins, dêr’t je mar ien fak kieze kinne. Wy ha tusken 25 en 30 studinten dy’t regulier Frysk studearje.’

Wêr komme de studinten Frysk wei?
‘Foar it grutste part net út Noard-Fryslân, net út it Fryske gebiet. Hjir yn Dútslân is it hiel gewoan dat bygelyks ien út Saksen of út Beieren Frysk kiest. Dat wy folle mear studinten ha dy’t net út it taalgebiet weikomme as studinten dy’t der wol weikomme hat ek neidielen, want dan binne der hast gjin memmetaalsprekkers, dus moatte se de taal fan begjin ôf leare, as in frjemde taal. It grutte foardiel is datst folle mear studinten hast.’

Ha jim ek bûtenlânske studinten?
‘Sûnt ik yn Kiel bin ha wy eins altyd wol in Amearikaan hân. De universiteit fan Kiel hat ferbinings mei universiteiten yn Amerika, de universiteit fan Pensylvania bygelyks. En der is in Japanner, Shimizu, dy sit yn Saporro, dy hat yn Kiel Frysk studearre, mar dat wie foar myn tiid. Hy praat floeiend Frysk en hat de grammatika fan ús Frysk yn it Japansk skreaun. Der bestiet ek in wurdboek fan ús Frysk nei it Japansk ta. Minsken dy’t har yn Japan en yn Amerika mei Germanistyk dwaande hâlde binne faak ek yn it Frysk ynteressearre en dat kinne je mar op in pear plakken dwaan. Der is no krekt in Amearikaan fuort. Ik sei al tsjin him dat er thús gau soargje moat dat der wer ien komt, want we ha altyd ien hân. En it liket derop dat wy meikoarten wer ien krije.’

CAM00072

Is der in Fryske studinteferiening yn Kiel?
‘Nee, der binne wol aktiviteiten, mar in feriening is der net. Studinteferienings binne der yn Dútslân in bytsje minder as yn Nederlân. De ferienings dy’t der binne ha foar in part wat in minne namme, omdat guon wat rjochts-oriïntearre binne. Dy binne min of mear ûntstien as nasjonalistyske beweging, foaral tsjin Napoleon bygelyks. Yn de rin fan de tiid binne in soad fan dy ferienings dochs wol wat nei de rjochtse kant ta gongen. Der binne net in soad studinteferienings yn Kiel en se binne ek net grut. Elk fak hat wat yn Dútslân Fakschaft hjit en dat binne studinten dy’t foar de oare studinten dingen organisearje, lykas feesten. Dat hawwe wy as stúdzje Frysk ek net echt, omdat wy te lyts binne. Wy organisearje fansels wol alle dingen dy’t oare fakken ek dogge, lykas ekskurzjes en in krystfeest. By it krystfeest komme faak ek studinten út Grins. En ien kear yn it jier noegje ik de studinten hjir by ús thús út foar in túnfeest.’

Komme alle farianten fan it Frysk by Frisistyk oan bod?
‘Ja, yn prinsipe wol. Ik sis ek tsjin de studinten dat it fak net allinnich Noard-Fryslânkunde is, mar dat it algemien is. Omdat wy yn Kiel sitte is Noardfrysk fansels ús swiertepunt, lykas dat dat yn Grins ús Frysk is. Se kinne dus ek ús Frysk leare en algemien by alle ûnderdielen fan it fak hearre se ek wat oer ús Frysk, Sealterlânfrysk en Ald-Frysk. Studinten moatte by ús twa Frysk dialekten leare. Se begjinne mei in Noardfrysk dialekt en dan kinne se noch in twadde Noardfrysk dialekt derby nimme, mar as sy wolle kinne se ek Sealterlânsk of ús Frysk dwaan. Der binne trije dialekten dy’t wy altyd oanbiede: dat binne Mooring op de fêstewâl, Fering/Öömrang en Westerlauwersk Frysk, dat is ús Frysk. Der binne fansels folle mear Noardfryske dialekten en Sealterlânsk is der, dus as der studinten binne dy’t sizze dat se eins Sealterlânsk dwaan wolle, dan sykje wy in groepke byinoar en jouwe wy dêr in kursus yn. Dit semester biede wy ek Sölring oan, it dialekt fan Sylt. It lesjaan yn de dialekten dogge wy sels. Ik kin yn prinsipe alle dialekten wol sa goed dat ik dêryn in ynliedende kursus jaan kin. Yn Grins haw ik njonken ús Frysk ek in bytsje Noardfrysk studearre. Doe’t ik krekt begûn wie mei de stúdzje wie Nils Århammer professor yn Grins. Hy is in ekspert op it mêd fan it Noardfrysk. Ik wie foar it grutste part syn iennichste studint by Noardfrysk, mar Tsjêbbe Hettinga hat der ek in skoft by west. Doe’t ik op de Akademy wurke ha ik my wat mear op it Noardfrysk talein. It dialekt Fering/Öömrang ha ik wat better leard. Doe kaam de baan hjir yn Kiel frij. Ik hie der earst net iens oer tocht om dêrop te sollisitearjen, mar Nils Århammer hie my doe frege oft ik ek sollisitearje soe. Doe bin ik begûn nei te tinken: tinkt hy dan dat ik dêrfoar yn de beneaming kom? Doe ha ik sollisitearre, mei it idee: ik ha grif net safolle kâns. Mar ik bin it dus dochs wurden.’

Is it tal studinten alle jierren likernôch gelyk?
‘Ja, trochinoar binne it altyd 25-30 studinten. De lêste jierren ha wy nochal wat groei hân. Earder krigen we der elk semester seis, sân studinten by en tsjintwurdich giet it om alve, tolve dy’t derby komme. Der is no in grutte generaasje bern dy’t begjint te studearjen. En de tsjinstplicht is trije jier lyn ôfskaft yn Dútslân, dus in protte minsken gean no fuort nei de universiteit. En der wie de kwestje mei it eksamen yn Dútslân. Minsken binne hjir ien jier langer dwaande as yn Nederlân, dus se binne njoggentjin as se klear binne mei skoalle en dan komme se nei de universiteit. Dat is foar in part oanpast oan de situaasje yn de rest fan Europa. Doe kaam der op in stuit ek yn ien kear in groep dy’t earder klear wie en nei de universiteit kaam. En algemien komme der mear minsken nei de universiteiten de lêste tiid. It wurdt op it stuit ek befoardere dat der mear minsken nei de universiteit gean en de stúdzjefinansiering is yn Dútslân goed regele.’

Wat fynst fan de situaasje mei de stúdzje Frysk yn Grins?
‘Dêr sjocht it der net sa goed út. Der binne twa problemen: hast dêr it systeem datst ien fak studearrest, dus moatst fuortendaliks beslute datst in bepaald fak dwaan wolst en dêr mei fierder wolst. Dat is fansels in grutte stap, hielendal as je achttjin binne. It is hjir geunstiger dat je twa fakken hawwe, mar dat kinne je net ien twa trije feroarje yn Nederlân. Wat foar Grins in grut probleem west hat is dat it studearjen fan in twadde fak hiel djoer wurden is. In soad studinten Frysk dienen Frysk as twadde fak of dienen it der letter noch in kear derby. Dat hat der ta laat dat de studintetallen yn Grins hiel lyts wurden binne. Sa lyts dat je dochs in bytsje bang wêze moatte hoe’t dat fierder giet. Doe ha se derfoar keazen om de stúdzje yn prinsipe te rêden troch de stúdzje mear te rjochtsjen op meartalichheid en minderheidstalen. It is fansels de fraach hoefolle der yn it programma oerbliuwt foar it Frysk. De stúdzje is bot ynternasjonaal rjochte. It kin bêst wêze dat dy stúdzje goed rint en dat der allegear minsken út it bûtenlân komme om meartaligens te studearjen. Der sille miskien ien of twa Friezen by wêze. Miskien dat dy sels ek ûndersiken dogge op it mêd fan it Frysk en dat it Frysk dêr ek wat oan hat, mar ik bin der bang foar dat it op termyn net goed komt sa. Dy minsken studearje gjin Frysk, mar meartalichheid. It nije programma rint no in jier, dus it is noch net goed te sizzen hoe’t it komt.

De studinteferiening Skanomodu hat it ek swier. De âlde ploech dy’t dêr siet om dat noch oan it rinnen te hâlden is hast net ien mear fan. Se besykje ek wol nije studinten oan te lûken, mar dy binne der dus hast net. Der hat yn Kiel in jiergong west dy’t hiele goede kontakten hie mei studinten yn Grins. Dy minsken yn Grins hawwe dêr ek de studinteferiening opset. Ik seach dy ûntjouwings mei grutte nocht oan, want ik wol graach dat de Frisistyk yn Dútslân en Nederlân in bytsje byinoar komt en dat der útwikseling is. Ik ha sels geregeld kontakt mei heechlearaar Goffe Jensma yn Grins. No yn de lêste tiid is it wol wat minder omdat hy hielendal mei de nije stúdzje oan ‘e gong is. Yn ús master is in staazje ferplichte en dat is in staazje yn Nederlân om mei de Nederlânske Frisistyk yn kontakt te kommen. En dat is faak yn Grins of by de Fryske Akademy. Fan de groep út Grins hat Geart Tigchelaar by ús in semester fan syn master folge. Hy hat it hjir bot nei it sin hân. Ik bin bang dat de útwikseling tusken Grins en Kiel in bytsje deabliedt omdat der no te min studinten Frysk binne yn Nederlân.’

Wurdt it Frysk wichtich fûn yn dizze regio?
‘Ja, yn de grûnwet fan Sleeswyk-Holstein is fêstlein dat it Frysk in taal is dy’t stipe fertsjinnet. De tsjintwurdige regearing set him dêr frij sterk foar yn dat de minderheidstalen hjir, it Frysk, it Deensk en it Platdútsk, stipe wurde. Dus it is hjir in sterk polityk item dat minderheidstalen befoardere wurde. Dat hinget ek mei de hiele histoaryske situaasje gear, mei de Deenske minderheid hjir en de Dútske minderheid oan de oare kant fan de grins. It Frysk hat dêr ek foardiel fan. By de universiteit binne se ek hiel posityf oer it Frysk en it Platdútsk. Yn Nederlân is it wolris sa dat it Frysk net hielendal foar fol oansjoen wurdt, mar dat ûnderfyn ik hjir net sa. It grutste probleem by ús stúdzje is eins de Nachwuchs. Wa moat my skielk opfolgje bygelyks? Wy hawwe fansels in protte studinten, mar wat dêr by eintsjebeslút fan oerbliuwt as lju dy’t ek yn de Frisistyk wurkje dat binne fansels mar in pear. Us studinten komme wol op de pear banen telâne dy’t hjir yn de Frisistyk binne. Yn Flensburg is ek in oplieding Frysk, dêr kinne se komme, of se komme by it Nordfrysk Ynstitút yn Bredstedt. En in tal studinten komme fia it Fryske programma fan de NDR by de radio terjochte. (Sjoch en harkje hjir: http://www.ndr.de/wellenord/sendungen/friesisch/index.html.) Se soene ek by in regionale krante of yn it kultuerbedriuw komme kinne. Se leare hjir in protte oer de regionale situaasje, net allinnich oer de taal mar ek oer de skiednis en de kultuer. Dat binne de mooglikheden, mar dy bliuwe relatyf beheind. It tal fan 25 oant 30 studinten is fierstefolle foar it tal banen dy’t der binne. Wat dat oangiet is it in gelok dat de studinten in twadde fak ha en faak yn dat oare fak fierdergean.’

CAM00079

Wat wurdt der dien op it Nordfriisk Instituut?
‘Yn prinsipe dingen dy’t se op de Fryske Akademy en de Afûk ek dogge. Se ha bygelyks in talekursus ûntwikkele. Der hat ek in gearwurking west mei de Afûk, op it mêd fan Edufrysk, de ynternetkursus Frysk, dy’t ek foar it Noardfrysk oanpast is. Der wurdt ûndersyk dien nei taal en der wurdt in soad dien op it mêd fan regionale skiednis. De hjoeddeiske direkteur Thomas Steensen is histoarikus. Hy ûnderwiist op de universiteit fan Flensburg. Dat is likernôch wat yn Nederlân in learareoplieding is, mar je kinne dêr ek promovearje.’

Hoe giet it mei it Eastfrysk?
‘Mei it Seelterlânsk giet it net echt hiel goed. Der binne inisjativen om dat op skoalle te ûnderwizen. Der binne sa’n tûzen-twatûzen sprekkers, in hiel lyts oantal. Wy hawwe in studinte hân dy’t út Seelterlân kaam. Har mem is ek hiel aktyf dêr, sy jout ek ûnderwiis yn it Seelterlânsk. Sy studearre medisinen en sy hâldt ek wol kontakt mei ús studinten. Sy kin dus Seelterlânsk prate en wy ha ris in kursus jûn dêr’t sy ek by wie. Der is in soad materiaal yn it Seelterlânsk, boeken, ek foar bern, en der is krekt in talekursus útkommen neffens it model fan in Noardfryske talekursus. En oan de universiteit fan Oldenburg hâldt Jurg Peters him foar in part mei it Seelterlânsk dwaande, mar dat is einliks in fonetikus. In echte oplieding Seelterlânsk is der net.’

En mei it Noardfrysk?
‘Dat giet better, mar dêr gean de sprekkertallen ek achterút. De rûzing is dat der tusken 8000 en 10.000 sprekkers binne. Yn ús Fryslân binne sa’n 300.000 oant 400.000 Frysksprekkers, dus dat binne hiele oare tallen. De situaasje yn Noard-Fryslân is sa dat der fanâlds tsien ferskillende dialekten binne, dy’t ek relatyf fier útinoar rinne. De minsken fan dy ferskate dialekten praten ek net Frysk meiïnoar, mar Platdútsk om inoar te ferstean. Elk dialekt hie in pear tûzen sprekkers moatst rekkenje. De situaasje no is dat fan dy tsien dialekten Fering/Öömrang noch libbet en it wichtichste dialekt op de fêste wâl, it Mooring of Bökingharder Frysk ek noch aardich rint, mar op de fêstewâl is it hiel lestich. Dêr wurde de sprekkerstallen hieltyd minder en der binne in soad dialekten dy’t of útstoarn binne of op stjerren nei dea. Der binne miskien noch mar minsken dy’t bygelyks Wiedingharder Frysk prate. Foaral op de westlike helte fan Föhr is in min of te mear sletten sprekkersmienskip dy’t noch foar it grutste part Frysk praat. Dêr kinne je ek op it gymnasium it Fering/Öömrang as eksamenfak kieze, dus dêr funksjonearret it noch wol. Helgolân is überhaupt al lyts. Dêr binne heechút noch hûndert minsken dy’t it Halunder prate. Op de basisskoalle wurdt der wol wat oan dien, mar ik wyt net krekt wat. It Frysk ferdwynt hieltyd mear fan de strjitte en de skoalpleinen, dat jildt al langer foar it Noardfrysk, mar ek hieltyd mear foar ús Frysk. It wurdt sa stadichoan in famyljetaal en mear beheind ta bepaalde groepen dy’t de taal noch brûke.’

Wat foar ekskurzjes dogge jim mei de studinten?
‘Yn alle gefallen ha wy altyd in ekskurzje nei Noard-Fryslân foar de begjinnende studinten. En earder ha wy wol nei it Seelterlân west. Yn desimber is it Frysk Filologekongres op de Fryske Akademy, dêr gean wy altyd mei in groep hinne. Dat organisearren wy ek faak mei de Grinzer studinten. Dy soargen derfoar dat der ûnderdak wie foar de Kieler studinten. Ik wit noch net hoe’t dat yn desimber gean sil. De âlde groep fan Skanomodu is no ek hast klear of al oan it wurk. Wat dêrnei komt is noch net sa dúdlik, dus dat moatte wy even ôfwachtsje.’

Do dochst in soad tegearre mei Harke Bremer, oersette en skriuwe. Sjogge jim inoar noch geregeld?
‘Ja hear. Harke is in learaar klassike talen yn Swolle. Hy wennet yn Kampen. Ik ken him út myn studintetiid en al sûnt dy tiid wurkje wy gear. Wy binne begûn mei oersetten en dêrnei begûn mei skriuwen. Wy treffe inoar gewoanwei ien kear yn ‘e moanne, mar der sit ek wolris mear tiid tusken. Hy komt nei Kiel en ik kom nei Kampen en dan sitte wy in wykein byinoar en dan skriuwe we meiïnoar. Dat dogge we de freedtejûns, de hiele sneon en op snein gean we wer werom, dat is it skema. It duorret meast frij lang foar’t wy in boek klear hawwe. Wy binne krekt mei wat nijs begûn nei it heldedicht Leffert. In thriller binne wy no mei dwaande. Leffert wie wat gekkichheid en wy woenen no wer wat serieuzers skriuwe. Us boek De frouwepenje spilet by de Upstalbeam. Harke en ik binne beide o sa ynteressearre yn skiednis, yn dat boek koene wy dat moai kombinearje.

De-Frouwepenje

Wy binne as studinten begûn mei it oersetten fan alle Asterix-strips. Dy lizze hast allegear noch yn it laad, der binne fjouwer fan útkommen. Wy ha kontakt opnommen mei de útjouwer, Oberon. Earst wiene se net sa ynteressearre, mar yn twadde ynstânsje dochs. Wy ha dêrnei toanielstikken foar Tryater oerset, lykas It Poppehûs fan de Noarske skriuwer Ibsen. Ek oare dingen ha wy oerset, lyks Yslânske sagas. Dy lizze allegear noch yn it laad. Wy binne op in bepaald stuit begûn mei in eigen roman, in soart foargonger fan Hâld Faasje. Dy ha wy by de Q oanbean, mar se wiene net hielendal tefreden. Wy moasten it omskriuwe en ynkoartsje. Dat hawwe wy ek foar in part dien, mar doe binne wy der mei opholden en ha wy it lizze litten. Letter ha wy strips fan Ollie B. Bommel oerset. Der wie al in Fryske bondel fan Ollie B. Bommel útkaam, dy wie net fan ús, mar dêr kaam nochal wat krityk op omdat dy hiel letterlik of flau oerset wie. Doe waard ús namme neamd by de útjouwer, Jos Boelhouwer fan Le Chat Mort yn Ketlik, en dy hat ús frege om de folgjende oer te setten. Doe ha wy in hiele rige oerset. Yn 1996 ha wy dêr de Obe Postmapriis foar krigen. Ek fan Kapitein Rob ha wy in pear dieltsjes yn it Frysk dien.’

Do skriuwst ek wittenskiplike artikels, ûnder oare yn it tydskrift Us Wurk. Ien dêrfan is it stik oer it fenomeen ‘seachdest’, d.w.s. it brûken fan ‘e swakke doetiid yn ‘e twadde peroan fan ‘e sterke tiidwurden.
‘Ik sykje wol nei wat nije ferskynsels yn de taal. Der hat in ûndersyk fan de Akademy west nei hoe folle it Frysk brûkt wurdt yn ynternet, yn tsjets en sa. Ik hie my al langer ôffrege: wêrom docht net ien dêr wat oan? Je kinne moai ûndersykje by dy ynternetgroepen dy’t meiïnoar yn kontakt binne hoe’t it Nederlânsk en Frysk trochinoar brûkt wurde. Ik bin gjin taalsosjolooch, mar ynteressearje my foar de strukturele dingen yn it taalgebrûk. Sa kaam ik op it fenomeen fan ‘seachdest’ yn plak fan ‘seachst’. Sa’n foarm as ‘seachdest’ hie ik wolris heard, mar ik wie der fanút gong dat ien dat ris ferkeard sein hie, of miskien twa of trije. Der binne gefallen dat wy dy foarm allegear al brûke, lykas ‘wistest’. Doe’t ik yn ynternet seach, kaam ik derachter dat in mearderheid it al hast konsekwint sa docht. Dêr is it ynternet in hiele goede boarne . Wy soene fansels grutte groepen ynterviewe kinne, mar it is folle makliker om gewoan yn it ynternet te gean. Ik ha foaral ien ynternetfoarum, Partychat, rieplachte. Dat binne lju dy’t ynteressearre binne yn útgean, drinken en disko en dêr prate se oer. Ik ha ek oare boarnen derby nommen, lykas ynternetsiden fan keten. Dêr komme je dit soarte fan dingen tsjin. Dit gebrûk kin him trochsette yn de taal, as no de jongste generaasje dat docht, en dat kinne je sa hiel betiid op it spoar komme. Yn dit gefal fyn ik it net sa hiel slim as dit him trochsette soe. ‘Hiedest’ sizze in protte minsken fan myn generaasje ek al. Wêr’t dat hinne giet wit ik net. It liket derop dat dat in frij ynterne ûntwikkeling yn it Frysk is. Ik kin dêr net fuortdaliks in Nederlânske ynfloed yn ûntdekke. Miskien is it in algemiene ûnwissichheid oer de goede foarm en dat kin mei de twatalichheidssituaasje gearhingje. Dizze ûntjouwing fyn ik minder slim as it omdraaien fan tiidwurden, troch de ynfloed fan it Hollânsk.

CAM00077

Yn it Noardfrysk hast ek soartgelikense ûntjouwings. Bygelyks yn it Ferring/Öömrang, soks as ‘grutter as’. It wurdsje ‘as’ is yn it Ferring/Öömrang ‘üüs’. In soad minsken op Föhr en Amrum sizze no net ‘gratter üüs’, mar ‘gratter hü’. ‘Hu’ betsjut eins ‘hoe’. Yn it Dútsk sizze se foar ‘sa grut as’ ‘so gross wie’, mar ‘wie’ is yn it Dútsk ek it wurd foar ‘hoe’. ‘Üüs’ en ‘hü’ binne twa wurden yn it Frysk en dêr meitsje se allinnich mar ‘hü’ fan en it ‘üüs’ falt dan wei. Dan sizze se dus feitliks ‘sa grut hoe’.’

Watfoar boeken lêsto graach? Hast yn elk gefal in protte Fryske boeken.
‘Ik hâld de Fryske literatuer yn it algemien wol goed by. Durk van der Ploeg mei ik wol graach lêze, it iene boek mear as it oare. Gedichten mei ik ek graach lêze, Cornelis van der Wal fyn ik in hiele goede, orizjinele dichter. Him kin ik noch út de tiid by de Akademy, hy wie doe ek in skoftke mei it Frysk wurdboek dwaande. Ik lês in hiel soad, ek âldere boeken, bygelyks út de njoggentjinde ieu, fan Waling Dykstra. Boeken fan Paulus Akkerman lês ik ek graach, net perfoarst om de ynhâld, mar fanwege de taal ek. Ik lês in soad wittenskiplike literatuer. Ik bin krekt werom fan fakânsje yn Sweden en dêr haw ik wat Sweedske boeken lêzen. Ik ha Noarsk studearre, dus ik kin ek wol Sweedsk lêze. Ik lês ek wolris in Dútske of Ingelske roman. Tom Sharpe hat Harke en my wol ynspirearre mei syn humoristyske, absurdistyske romans. Fan him haw ik hast alles lêzen. En in protte strips.

Dat is ek noch in haadstik. Mei in groepke minsken, Jacobus Dijkstra, Hindrik Sijens, Reitse Jonkman, Fokke Wester en Harke, ha ik eartiids in skoftke it Frysk striptydskrift Strips makke. Harke hat teksten skreaun en ik ha tekene. Wy hiene abonnees, wy ha in stik of sân nûmers útjûn, by de Oldehove waarden se printe. It tekenjen koste in protte tiid. Ik wit noch wol dat ik hiele nachten trochtekene omdat it klear moast. Wy kamen sels ek yn de strips foar. It is hast in fergetten haadstik, hast net ien wit mear dat dit der west hat.’

CAM00091

Bist ûnwennich nei Fryslân?
‘Nee, net echt. Ik bin bliid dat ik yn Kiel wenje. Ik ha nei safolle tiid hjir myn kunde en freonen. Ik bin hielendal ynboargere. Dútslân foldocht my wol om te wenjen. Ek as ik nei de universitêre situaasje sjoch bin ik net echt oergeunstich op de Grinzers bygelyks. It klimaat foar it Frysk is hjir goed en ik kin hjir dwaan wat ik wol. Ik kin my mei ús Frysk dwaande hâlde en mei Noardfrysk, wat ik ek graach doch, sûnder dat ik der in hiel soad tiid yn stekke moat om it fak überhaupt bestean te litten en hieltyd problemen te hawwen mei bedrigings en sa. Ik fyn it moai om wer ris yn Fryslân te wêzen, mar ik bin net ûnwennich, nee.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op