Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – Septimber 2014 + oanfolling

logo.ensafh

Septimber is ien fan de moaiste moannen foar in boekegek lykas mysels (neist de moanne dêr’t jo jierdei yn falt, en de desimbermoanne mei Sinteklaas en Kryst). As skoalfamke wie it al sa moai om oan it begjin fan it nije skoaljier nije learboeken te krijen – op ’e basisskoalle likegoed as op ’e middelbere skoalle, dêr’t de boeken ek noch soarchsum en kreas kafte wurde moasten. Sa’n boek foar it earst iepenslaan en trochblêdzje en sneupe yn alles dat we dat jier wer leare soene wie hieltyd wer in spannend aventoer.
Op de universiteit gong it krekt sa, al koene we doe elts semester nije boeken krije, en faak genôch wiene dat ek hearlike lêsboeken en mânske klassikers dy’t yn de kolleezjes behannele waarden. ‘Ferplichte’ lêze hat foar my nea in straf west!
Yn de boekhannels dêr’t ik jierren wurke gûnze septimber ek altiten fan de nije boeken. Moannen yn’t foar streamden de útjouwersbrosjueres al binnen mei glimpen fan de nije masterwurken dy’t útkomme soene en dy’t we, doe’t se úteinlik ôflevere waarden, earst fan alle kanten beseagen – leafst fansels de binnenkant – foar’t we se in moai plakje yn de winkel joegen.
No as resinsint en redakteur mei ûnfermindere boekegekte stiet septimber noch hieltyd yn it teken fan nije boeken. Elts besprekeksimplaar dat op ’e doarmatte ploft betsjut in nij spannend aventoer, lykas de feestjes dêr’t it literêre en kulturele seizoen wer mei begjint, sa as Manuscripta, it UITfestival yn Ljouwert en it Boekefeest fan SWALK. It moais dêr’t de Fryske útjouwers yn augustus en septimber mei útpakke stiet hjirûnder wer foar jo op in rychje – in soad lêsplezier en spannende aventoeren tawinske!

Poëzij

Marijke de Haan
De Brekken
Frysk en Frij, Ljouwert 2014

brekken

Fyfde dichtbondel mei Fryske fersen en Nederlânske oersettings fan Marijke de Haan (1938) nei Toegevroren water, Zo zonder wijkplaats, Om utens thús en Kavel mei útsicht. Boekpresintaasje 13 septimber yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert.

Janke Nicolai
Kleurich palet
Dichtbondel útjûn yn eigen behear, mei foto’s fan Catrinus Zijlstra.

Proaza

Ferdinand de Jong
Bedoarne Hannel
Friese Pers Boekerij, Ljouwert augustus 2014
ISBN 97890 3300 4636 (204 siden)
Ferkeappriis € 15,00

bedoarnehannel

Fjirde misdiedroman fan Rink van der Velde-priiswinner Ferdinand de Jong dêr’t in famke spoarleas yn ferdwynt en deselde personaazjes as yn Guozzeflecht op ûndersyk útgeane en yn de wrâld fan de minskehannel telâne komme.

Steven H.P. de Jong
It testamint fan Mr. Dr. K. – De omkearde ferhúsdoaze – diel 1
Palisse, Wijk aan Zee 2014
ISBN 97890 8212 3722 (194 siden)
Ferkeappriis € 12,50

testamint

In atonale roman fan Gysbert Japicxpriis-winner Steven H.P. de Jong, oer alle tematyk fan it bestean, konkretisearre yn sa dúdlik mooglik taalgebrûk. It begjint mei twa briedstuollen, twa âlde mantsjes en in ferhúsdoaze…

Hilda Talsma
Brekber
Elikser, Ljouwert augustus 2014
ISBN 97890 8954 6616 (314 siden)
Ferkeappriis € 18,95

brekber

Nei de trilogy oer Frisum in nij boek oer Sinne, dy’t better mei hynders omgean kin as mei minsken, en har relaasje ta har freon, har famylje en har wurkjouwer.

Mindert Wijnstra
De Seefrou – folksferhalen
Kadoboek SWALK
Ferkeappriis Fergees | nei ein septimber € 9,95

seefrou

17 nije folksferhalen op basis fan âlde motiven fan masterferhaleferteller Mindert Wijnstra – oer de duvel en de dea, tsjoenderij en spoekerij, bjusterbaarlike bisten en magyske lokaasjes. Mei yllustraasjes fan Babs Veenstra.

Non-fiksje en ferskaat

Warner B. Banga
De geschiedenis van koren- en pelmolen Windlust, Burum
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3335 (192 siden)
Ferkeappriis € 25,-

windlust

Skiedskriuwing fan de mûne dy’t nei brannen yn 1785 en 2012 hieltyd op ’e nij opboud waard, en de minsken en it doarp deromhinne.

Elmar Kuiper
De lytse kannibaal
Elikser, Ljouwert augustus 2014
ISBN 97890 8954 6609 (49 siden)
Ferkeappriis € 14,95 | e-book € 6,50

kannibaal

In tragykomeedzje yn twa bedriuwen – yn maart 2013 opfierd troch toanielferiening De Takomst Húns-Leons – oer hurdfytser Sjoerd Lautenbach dy’t troch syn âld freondintsje Anastasia konfrontearre wurdt mei it ferline.

Ans Wallinga
Libben, leafde en lok
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8219 6504
Ferkeappriis € 8,95

libben

In moai kadoboekje mei prachtige foto’s en ynspirearjende sitaten yn it Frysk fan bygelyks Nelson Mandela en Salvador Dali.

Berne- & Jongereinboeken

Paul van Dijk
De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter
Aksjeboek Berneboeketiid – SWALK
Ferkeappriis (fan 12 oant 30 septimber 2014) € 4,95

wundertoeter

Hindrik wol yn in sleauwe simmerfakânsje graach wat bysûnders meimeitsje. Dan fynt er in wûndertoeter dêr’t er mei toverje kin en de boel mei op stelten set.

Torben Kuhlman
Lindbergh – it grutte aventoer fan in fleanende mûs
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9936 (96 siden)
Ferkeappriis € 17,95

fleanendemus

In keunstwurk fan in printeboek oer in lytse mûs dy’t syn eigen fleantúch makket en dêrmei nei Amearika reizgje wol om syn mûzefreonen werom te finen. Fan 7 jier ôf foar alle leeftiden

Johan Veenstra (oersetter)
Pake en Beppe Pluus – in et Stellingwarfs
Bornmeer, De Gordyk augustus 2014
ISBN 97890 5615 3298
Ferkeappriis € 6,-

beppepluus

“pake pluus en beppe pluus
die waren gek op nijn
nijn kwam ok vaeke op bezuuk
dat vunnen ze hiel fijn”

Matty de Vries
Piter, Pom en pake Pleister
Frysk en Frij, Ljouwert 2014

pleister

Boekpresintaasje 13 septimber yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert.

En fierder…

HotSum – 26 septimber om 17.00 oere wurde yn It Heerenlogement yn Harns de nije dichtbondel fan Aggie van der Meer presintearre, tegearre mei de bondel mei de folsleine essays fan it Sirkwy Sympoasium 2014. Yn dy bondel steane de útwreide stikken nei oanlieding fan ‘Alde Meuk? – Klassikers yn de (Fryske) literatuer’ dy’t Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege en Eric Hoekstra skreaunen en op 12 april yn Feanwâlden presintearren.

KFFB – op kommende wei: Brief út it ferline fan Nelly Jongsma-de Jong.

Protters – nei foarbyld fan de Nederlânske Lijsters ha Audiofrysk en Elikser yn de mande mei it Cedin de searje Protters opset: fjouwer jeugdboeken foar de boppebou fan de basisskoalle. Dit jier wurde Muoike Klaptút fan Ep van Hijum, Mentha Minnema en it keldermystearje fan Riemkje Hoogland–Pitstra, Mentha Minnema en it smokkelmystearje fan Jan Schotanus en It is foar de hearen fan Anny de Jong op ’e nij útjûn en as pakket ferkocht. 4 papieren boeken kostje € 16,-, 4 e-boeken kostje € 8,- en 4 harkboeken kostje € 10,-. Sjoch ek www.protters.nl.

Wijdemeer – op kommende wei: Blues fan ’e sângrûn – gedichten fan Jan Kooistra, Boeken en Bern: Ferskaat yn berneliteratuer – Jant van der Weg (ferskynt 31 oktober), Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 – Philippus Breuker (ferskynt 21 novimber), Van Broedertrouw tot Bildtweb.nl – De Friese gemeente Het Bildt in de lange twintigste eeuw – Kees Kuiken (ferskynt 20 novimber), Verveningen en verveners in Friesland – W. Visscher (ferskynt ein novimber), Een poëtisch beeld van Friesland – Sjoerd Andringa (ferskynt 9 jannewaris 2015).

Oanfolling:

Anne Feddema
De Triennen fan Cheetah
Afûk, Ljouwert septimber 2014
ISBN 97890 6273 3910 (208 siden)
Ferkeappriis € 17,50

cheeta

It Fryske proazadebút fan Anne ‘…’ Feddema, mei sânentweintich ferhalen oer ûntnochtering… ûntgûcheling… leafde… humor… oan ’e souder taspringe… sa’t jo se ûnder oaren ek kenne út Ensafh. Boekpresintaasje 24 septimber.

Ferskate auteurs
Komt in man by syn frou & oare Fryske kulferhalen
Afûk, Ljouwert septimber 2014
ISBN 97890 6273 2654
Ferkeappriis € 8,95

manfrou

Njoggen ferhalen oer echte mannen en wat har dwaande hâldt: einleaze fuotbalanalyzes, it betwingen fan de lust, literêre diedkrêft, en hoe wrâldfrjemd de echte man wol net wêze kin.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *