Teleks: Drachten krijt tydlike boekwinkel

logo.ensafh

Wethâlder Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân iepent tongersdei om 13:00 oere in nije boekwinkel yn it sintrum fan Drachten. Bysûnder is, dat der yn de winkel inkeld Fryske boeken en boeken oer Fryslân te krijen binne èn dat de winkel nei trije dagen wer ferdwynt.

Dizze pop-up-store is in nij fenomeen en it is foar it earst, dat der sa’n tydlike winkel mei Frysk wurk ynrjochte is. De winkel oan de Markt 2 is in ynisjatyf fan Stifting Tsjil.

Sutelaksje

Mei de Moanne fan it Fryske Boek ferdwûn ek de tradysjonele boekemerk yn it sintrum fan Drachten. De belangstelling foar Fryske boeken en de merk rûn de lêste jierren fluch werom.

Stifting Tsjil stelt him as doel de ferkeap fan Fryske boeken te befoarderjen. Dat docht it troch as fanâlds sutelaksjes te organisearjen. Frijwilligers geane mei kroaden fol boeken by de doarren del. Fyftjin doarpen dogge dit jier al oan de aksje mei.

Omdat Tsjil omwille fan de tradysje en de histoarje Drachten net oerslaan woe, is keazen om dizze tydlike winkel yn te rjochtsjen.

Ferhalen en musyk

De winkel is op tongersdei iepen fan 13:00 oant 18:00 oere, op freed fan 10:00 oant 18:00 oere en op sneon fan 10:00 oant 15:30 oere. Op jûntiid is der romte foar ferhalen en musyk.

Op freed binne der optredens fan Hylke Speerstra en Eddy Dijkstra, ferhalen fan Ferdinand de Jong, Willem Schoorstra, Hilda Talsma en Martsje de Jong. Dy jûn is der musyk fan Jack Bottleneck.

Op sneon is der middeis om healwei fjouweren in slotkonsert fan Gurbe Douwstra.

Sutele yn Boarnburgum

Der wurdt sneon ek sutele yn Boarnburgum. De lokale organisaasje is yn hannen fan minsken út it doarp. De sutelders sammelje harren moarns by garaazje Paulusma.

Boarne: Drachtster Courant

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op