Anne Tjerk Popkema

De leafde sil ús rêde

logo.ensafh

Ynlieding holden op freed 12 septimber op it Swalk Boekebal, as bydrage oan de diskusjejûn oer de relaasje Fryske literatuer en KH2018.

20 oktober 2012 wie in swarte dei yn myn karriêre. Op dy dei krige ik de Obe Postmapriis foar oersettingen. Oant dat stuit siet ik alle dagen yn in boppekeamer fan myn hûs yn Grins sa tefreden as wat jierferslaggen, provinsjale nota’s en oare mearkes oer te setten yn it Frysk. Mar néi dy 20e oktober 2012 wie it gau dien mei de fertaalfreugde. Foar’t ik Projekt P!!! roppe koe, kaam ik yn it bestjoer fan It Skriuwersboun, waard ik op Facebook hifke troch tsientallen Fryske skriuwers, Fryske bewegers en fryskofilen yn it algemien, moast ik ynienen perfoarst hiel hurd tsjin de Fryske Akademy BÛÛÛ!!! raze, mei in dakje op de û. En doe moast de reboelje oangeande de Frankfurter Buchmesse en Alpita’s Choice noch begjinne… En provinsje-amtners, sa hearde ik fan alle kanten, dat moast wol it minste slach minsken wêze dat sûnt de Filistijnen en de fariseeërs op de ierdbol omswalke hie. Nee, de wrâld wie der nei 20 oktober 2012 net aardiger op wurden.

In pear moannen letter, sa healweis 2013, kaam ik foar it earst yn it provinsjehûs, ik soe mei in kultueramtner prate. Mei bibberknibbels stapte ik de draaidoar troch. Binnendoar seach ik hoeden om my hinne. Ik huvere. Raar. It wie folle kâlder as ik ferwachte hie, en it rûkte ek hielendal net nei swevel. Foar de ôfdieling Kultuer hie ik ferwachte njoggen sirkeljende treppen omleech te moatten. Mar ik koe mei de lift omheech. Dêrboppe hie ik op syn minst swarte katten yn de gongen ferwachte, pentagrammen op de flierren en ûnthade hoannen hingjend oan de plafonds. Mar ik seach nimmen – it wie dan ek freed nei twaën. Mar doe, oan de oare kant fan in lange lege gong, doe waard ik ynienen in stal gewaar… Jannewietske de Vries! Ik dûkte fuort ûnder in leech buro. Wat tochtest! Dêr hie ik al wol fan heard op Facebook: de frou ommers dy’t krekt earder noch Fedde Schurer en Obe Postma smoare wollen hie! Doe’t se by it buro lâns kuiere dêr’t ik ûnder ferskûle lei, ferwachte ik in spjalte sturt en bokkepoaten ûnder har rok weistekken te sjen. Mar… sa wie it net. Dy skonken wie neat mis mei, dat seach ik fuort wol. Doe’t se by my delrûn wie kaam ik gau ûnder it buro wei en seach har nei. Se hie it hier yn in kreas knotsje, seach ik, ik koe gjin hoarntsjes ûntdekke. En yn de gong hinge no de rook fan Chanel no 5. Net fan swevel. Ik wie raar yn de war.

Ik wie bang praat. Jannewietske is hielendal gjin duveltsje. Fansels net. Amtners binne minsken. Aardige minsken sels, kaam ik achter. Ik wit net hoe’t it earder mei de provinsje wie, ik ha dat yn de praktyk net meimakke. Mar myn ûnderfining fan, sis, de ôfrûne oardel jier, is dat kultueramtners minsken binne dy’t nei in goed ferhaal harkje wolle, En dat se har bêst oertsjûgje litte wolle op basis fan arguminten – as dy alteast op ridlike troan brocht wurde. Fansels, it gefaar dat út it provinsjehûs regelings komme dy’t de feeling mei it fjild net rjocht ha, leit op de loer. Mar ik bin der wis fan dat de provinsje leart en leare wól fan har flaters. Dat se lykwols net fuortdaalk op ien lulke kollum, in blog op ynternet of in tirade op Facebook in wat minder swietrokige beliedskeutel wer ynlûke, dêr moat men begryp foar ha. It soe ommers ek net bêst wêze as it oars wie.

Wy moate it mei-inoar roaie. Wy stribje ek itselde doel nei: in sûne Fryske literatuer mei in kwalitatyf en kwantitatyf goed oanbod, en in breed lêzerspublyk dat om mear raast. (Ik tink trouwens dat de fokus fan de boekpromoasje fierstente bot op it oanbod leit, en fierstente min op de fraach, mar dêr in oare kear oer).

Mei-inoar dus. Wy moatte kreëarje, de provinsje moat fasilitearje. Mar de provinsje wol dêrby wól graach ûndernimmerssin sjen yn it literêre fjild. Dat fyn ik ek terjochte. Dat wol nét sizze dat de provinsje sokke ûndernimmerssin net stypje kin of wol: krekt oarsom, der binne aardich wat subsydzjeregelings dy’t it mooglik meitsje om fan in idee in plan te meitsjen, fan in plan in projekt en fan in projekt in produkt. Mar dat moatte wy wol sels dwaan.

En sa kom ik by wat ik wichtich fyn as it giet om wat de Fryske literatuer yn de oanrin nei KH18 sjen litte moat: dat wy ek ûndernimmend wêze kinne. De kreativiteit en de passy ha we der wol foar. De middels om moaie dingen op te setten binne der ek. Mar men moat wol leare hoe’t men dêrby komt. Gewoanwei wachtsje oant en ferwachtsje dat in útjouwer dat allegearre wol foar dy docht, dat is net genôch. Meitsje dysels net ôfhinklik fan de aginda of de winsken fan dyn útjouwer. Doch it sels. Do It Yourself.

Betink in plan, pak de telefoan op, belje nei it provinsjehûs, ôfdieling subsydzjesaken of kultuer – se há telefoan en it nûmer einiget nét op 666 – en freegje nei de regelings dy’t de provinsje hat om dyn plan de fuotten ûnder it gat mei te helpen. Silst fernimme dat dy der binne. Freegje om in petear, om útlis en tips te krijen. Silst sjen datst wolkom bist. Tagelyk sil de provinsje dy oantrune om ek by oare partijen om stipe of ynformaasje oan te klopjen, en om sels in part fan it risiko drage te wollen. Dat is ek terjochte, de provinsje is dyn wurkjouwer net.

En dus moatst sels om crowdfunding sykje of de papieren boer op, by kulturele fûnsen del mei oanfragen. Dat is hielendal net sa dreech, ast it in kear dien hast. Tagelyk moat men earst al leare hoe’t soks yn syn wurk giet, mar dat kin fansels. Kinst oaren nei harren ûnderfining freegje. En Partoer jout bygelyks op 30 septimber in sympoasium Ûndernimmen yn de non-profit sektor, mei in workshop oer fûnsewerving. Skriuw dy yn, lear fan oaren, besykje ris wat, gean in kear op de bek en besykje it gewoan opnij. Eardatst it yn de rekken hast, bist kultureel ûndernimmer. En dan lonkt KH2018.

Mar leit álle ferantwurdlikheid dan by de skriuwers sels? Nee. De amtner kin ek séls nei bûten komme, kin ek séls it fjild yn gean en freegje wêr’t en hoe’t er helpe kin. Sa kin er helpe om de drompel te ferleegjen om ús oanspraak meitsje te litten op de mooglikheden dy’t de provinsje graach biede wol. Dat bart te min. It provinsjehûs is noch te bot in ivoaren toer. De provinsje noeget noch te faak bestjoeren út, mar siket te min it kontakt mei it fjild sels, mei de skriuwers, de oersetters, de dosinten. De oerheid dy’t de wiken yngiet en mei de boarger praat, dat is dochs polityk 2.0?

Lit de lêzer fan dit stik by himsels neigean: wisten jo dat der sûnt 1 july in folslein nije provinsjale subsydzjeregeling foar kultuer leit? Ha jo dy regeling lêzen? Grif net. Dat yllustrearret it probleem: de provinsje lansearret in nije – en dochs wol frij revolúsjonêre en riante – regeling op it stuit dat wy allegearre op Oerol of mei de kont op de camping oan it Lago Maggiore sitte. Dat is kommunikatyf net handich. Mar tagelyk nimme deselden dy’t fan dy regeling gebrûk meitsje kinne net de muoite om op de hichte bliuwen. Wy hâlde inoar allegearre o sa bot yn de rekken, mar net op de goede manier.

Mar ik, as romantyske Grunneger, ik ha de oplossing. Ik ha in moaie brief skreaun oan Robert ten Brink. De Love-caravan komt meikoarten op de Twibaksmerk te stean. Ik sjoch it al foar my: tegearre krûpe in amtner en in skriuwer op in healrûn bankje… Se krije inoars hannen oer it taffeltsje hinne beet… By sêft kearsljocht en mei Engelbert Humperdinck sunich út de boxen sjogge se inoar djip en lang yn de eagen, suchtsje omraken en flústerje inoar dan ta dat se net sûnder inoar kinne.

De leafde sil ús rêde.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Klaske Hiemstra Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Klaske Hiemstra
Gast
Klaske Hiemstra

leafde… en in tút fan de juf!