Blog Cornelis van der Wal: Warskôging foar de Contrabas

logo.ensafh

Meikoarten is der in boekpresintaasje yn it Heerenlogement te Harns. In essaybondel en in fersenbondel sjogge dêr it ljocht. Moai no, soene jo sizze, Fryske boeken!, wie it net sa dat de útjouwer yn kwestje de Contrabas is, yn gearwurking mei de Fryske útjouwerij HotSum. Chrétien Breukers, de man efter de Contrabas, hat okkerlêsten dien krigen as ‘Gildemeester’ (stedsdichter) fan Utert. De man gie wat kréatyf mei syn boekhâlding om.

Lês fierder by Cornelis van der Wal

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

12 reaksjes op “Blog Cornelis van der Wal: Warskôging foar de Contrabas

  1. In nij djiptepunt yn de skiednis fan ensafh: de webmaster ropt skriuwers op harren manuskript werom te lûken by in útjouwerij op basis fan de haat- en roddelkampanje fan in dwaas út Grins. Cornelis van der Wal, it skoathûntsje fan Bart Droog, moat skriuwe op syn eigen stoart wat er wol, mar dat ensafh brûkt wurdt troch itselde kefferke om nochrisom it omtinken te fêstigjen op wat inkeld delkomt op laster en smaad, dat is tryst. En do, Edwin de Groot, fregest my wêrom’t ik neat te krijen hawwe wol mei dyn saneamde redaksje?

  2. Ha dy Abe!

    ensafh garret it (Frysk) literêre nijs, en dêr heart ek myn blochke fan juster by, hoe’t jo ek oer de ynhâld tinke meie.

    Bêste groetnis, Cornelis

  3. Chrétien Breukers is met unanieme stemmen van de twaalf leden van het Utrechts Dichtersgilde (UDG) geroyeerd als lid, omdat hij hun vertrouwen op ernstige wijze had beschaamd. Waarmee die twaalf leden – o.a. Mark Boog, Ruben van Gogh, Ingmar Heytze, Alexis de Roode en Vrouwkje Tuinman – te kennen hebben gegeven dat ze niet bepaald gecharmeerd waren van het feit dat Chrétien Breukers in zijn dubbelfunctie van uitgever/Gildemeester geld van het UDG verduisterd heeft.

    Het staat Abe de Vries natuurlijk vrij om te beweren dat dit royement samenhangt met een haat- en roddelcampagne van een dwaas uit Groningen. Al denk ik dat de € 8600,-* die Breukers te Utrecht verduisterd heeft toch bitter weinig met Groninger geraaskal van doen heeft.

    Chrétien Breukers heeft tientallen dichters uit het Contrabasfonds, drukkers, vormgevers en de distributeurs van de Contrabasbundels voor kleine tot grote bedragen opgelicht. Hij is hiervoor al meerdere malen veroordeeld. Er is o.a. beslag gelegd op zijn royalty’s. Breukers houdt zich al ruim vier maanden onbereikbaar voor deurwaarders en andere schuldeisers.

    Het staat Abe de Vries natuurlijk vrij om te beweren dat dit allemaal samenhangt met een haat- en roddelcampagne van een dwaas uit Groningen. Toch mag de vraag gesteld worden op hoeveel bronnen Abe de Vries zich baseert, met zijn bewering dat er zo’n campagne gaande zou zijn? Zit ik er ver naast als ik denk dat hij zich op één bron baseert, en dat deze bron Chrétien Breukers heet?

    Tot voor kort meende ik dat Abe de Vries een kwaliteitsjournalist was. Kennelijk had ik het mis.

    * (€ 8600 – bestaande uit: € 1500 direct van de gemeente Utrecht – dit betreft een in 2008(!) verleende subsidie voor een nooit uitgevoerd boekproject); en ruim € 7100,- bij het UDG, bestaande uit declaraties voor niet betaalde (en in enkel gevallen zelfs: niet bestaande) rekeningen van drukkers en vormgevers)

  4. Efkes foar de lêzers; Abe syn reaksje “En do, Edwin de Groot (…) is in reaksje op myn skriuwen fan 2 wiken werom. Ik reagearre doe op in krityk fan Abe op ensafh. Werom Abe doe net ynhâldlik reagearre hat op wat ik skreaun haw?
    Der no, twa wiken letter, mar ien ding útfiskje en dy yn in oare kontekst brûke is wat my oanbelanget frijwat demagogysk. Myn reaksje fan 2 wiken werom hie nammentlik op gjin inkelde wize te meitsjen mei de perikels rûnom de Contrabas. Sterker noch, ik haw it koartlyn sels noch opnommen foar HotSum om ’t ik goede erfarings haw mei dizze útjouwer en it skande fyn dat it Contrabasgedoch ûnderstek docht oan dizze útjouwer. Hawar, ik begryp no dat ik of foar 100% debet of 100% kredit stean kin yn Abe’s boekhâlding.
    Dat spultsje doch ik net oan mei. Boek my mar út, Abe.

  5. Ik bin net sa op ‘e hichte fan de saak Contrabas, mar ik haw sels hiel ûnsmaaklike erfarings mei de man. Ynearsten de smoarge resinsje op ‘It rinnen fan Silke”, en doe’t er trije moannen letter útjouwerke boartsje mocht hat er nei in hel protte geseur my der gewoan útwurke. Fan dat momint ôf mislearre alles.
    Ald nijs fansels, mar omdat Ernst Bruinsma “út eigen frije kar” myn poëzij net útjaan wol (85 % earder publisearre) en my wol yn ‘e Moanne hawwe wol, mar dan moat ik fansels gjin gedichten skriuwe, want hy fynt myn (earderpublisearre!) gedichten te min. Hy sil my grif wer nei in jer wachtsje en in snear hiel miskien, as ik braaf bin, wol wer in plakje jaan.
    En ferjit de KFFB net. Ik ha ferhalen opstjoerd, Corry Boelens hat de brot in jier lizze litten en it my weromstjoerd en it wie mar al te dúdlik: der is gjin kommisje oer gear west, net ien hat de ferhalen lêzen.
    Lêste opmerking fan Corry: wy publisearje gjin ferhalen, allinnich by ütsûndering. As Anders se skriuwt, dus. Se ha noch kofje mei koeke fan my hân ek noch. Ik bin fiersten te sêft.

  6. Boekhâldspultsjes doch ik net oan, Edwin. As der krityk komt, keatsto de bal gewoan werom: wêrom skriuwe jim dan net yn ensafh? Wêrom sizze jim net wêrom’t jim net yn ensafh skriuwe wolle? Nei my ta is dat in fraach dy’t nearne op slacht. Ik mei wize op de folgjende publikaasjes:

    Ensafh is oan ferjonging ta (30 maart 2013)
    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2013/03/ensafh-is-oan-ferjonging-ta.html
    In Jelma Knoltsje lêze (28 maaie 2012)
    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2012/05/kollum-36-in-jelma-knoltsje-leze.html
    Literêre diskusje? Ideeën frege (28 juny 2011)
    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2011/06/literere-diskusje-ideeen-frege.html
    Ensafh? Tiid foar in evaluaasje (16 juny 2011)
    http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2011/06/kollum-2-ensafh-tiid-foar-in-evaluaasje.html

    De jongste ,,affêre” mei de webmaster bewiist spitigernôch dat de Net-Redaksje noch altyd in Net-Redaksje is en ek net fan doel is om dêr feroaring yn te bringen. Bêst genôch, sels witte. Mar krityk wjerlizze is wat oars as de bal weromkeatse.

    Mei groetnis,
    A

  7. Say what: wy net yn ensafh skriuwe wolle? Wat is dat foar flauwekul, Abe? Hast it lêste nr fan ensafh eins wol sjoen? Ja, dochs wol, want do skriuwst der sels oer. Is dit in retoarysk truukje om de saak ôf te lieden fan wêr ’t it krekt oer giet?

    Abe, echt wier, do lulst út dyn nekke. Wy skriuwe yn ensafh. Punt.

    Ek no lês ik wer in net-ynhâldlike reaksje fan dy. Net op myn skriuwen n.o.f. dyn krityk op ensafh. Net n.o.f. myn skriuwen dat ik krekt HotSum wei hawwe wol by it gedonder mei Breukers en net op myn skriuwen oer it feit datst in demagogyske truukje úthellest. Op dat lêste hie ‘k seker in reaksje ferwachte, of joust my stikemwei yn bytsje gelyk?

    Al dyn betogen oer hoe min ensafh it wol net docht; It binne hynderkes yn in draaimûne fan eigen persepsjes, fijântinken en swart-wyt spuierij. Dat jout al genôch gedonder yn ‘e wrâld en it smyt niks op. De sifers sprekke dy boppedat tsjin. Tuerlik, it kin de master ris misse, mar dy “net-redaksje” set wol 6 kear per jier wat del om oer de almar groeiende webside mar te swijen.

    Do fynst ensafh mar niks, wolst neat ynstjoere oan kopij om ’t wy in “net-redaksje” binne, mar stjoerst ús wol in parseberjocht foar HotSum. Ik fyn it prima, hear, wy wolle graach in poadium wêze en bliuwe en hawwe ek altiten omtinken jûn oan dyn krityske blogjes mar ik kin ’t mar dreech pleatste as ik dyn kwalifikaasjes oer ensafh lês. It komt my frijwat opportunistysk oer.

    Hawar om it populêr te sizzen, ik bin der klear mei. Ik haw besocht by de nâunse te bliuwen – Ja Mous, de dûmnysoan is alive and kicking- mar jou it no op.

    Datsto as sjoernalist fan ‘e frije wrâld net in ûnderskied meitsje kinst (wolst?) tusken in webmaster en in individu mei in blog en saken dy ’t op syn blog steane fuort yn ferbân bringst mei ensafh, fyn ik wol it djiptepunt.

    Ik tank dy foar it feit datst myn earste gedichten op Farsk pleatse woest, foar dyn help/redaksje by myn bondels en dyn tige positieve kwalifikaasjes fan myn gedichten (ik hie der reade earkes fan) en dat sil ik altiten ûnthâlde, mar no is ’t klear.

    Bring dyn taalmachtige scudraketten mar yn stelling, faai de flier mar mei my oan, ferdraai de saken, betink wat nijs, diskwalifisear myn poëzy tenei mar, nim ensafh mar op ‘e kerrel……

    Ik slút it ôf.
    =e=

  8. Ik sitearje Edwin de Groot, twa wike lyn: ,,It soe lykwols wat wêze as de Fryske skriuwers en dichters dy ‘t omreden fan, ja, fan wat eins, net publisearje wolle yn Ensafh dat útsprekke en dêr dan oerhinne stappe.”

    Sa wurdt der op ynhâldlike krityk reagearre: wêrom skriuwe jim dan net foar ensafh? Wat my oanbelanget, myn antwurd oan in redakteur dy’t net lêze kin stiet yn in reaksje hjirboppe.

    En dat ,,deroerhinne stappen” kin net, want noch altyd hat ensafh in Net-Redaksje, boppedat in Net-Redaksje dy’t blykber fynt dat in rubryk op de ynternetsite fan ensafh eins net by it blêd heart en dus net ûnder de ferantwurdlikheid fan de Net-Redaksje falt, dêrfandinne dat op dat plak in lyts droktemakkerke frijút rúzje meitsje kin mei jan en alleman as er wer ris op in kemping sit en neat om hannen hat. It beroerde is lykwols dat it droktemakkerke anneks webmaster fan ensafh syn drokte útsutelje mei op de subsidiearre mar spitigernoch redaksjeleaze ynternetside fan ensafh. En as de Net-Redaksje net begrypt dat jo je literêre blêd net misbrûke litte moatte foar hetze en kwealaster, nammentlik oproppen oan skriuwers om manuskripten by útjouwers yn te lûken, dan is it yndie bysûnder lullich dasto, Edwin, net allinnich lid bist fan dy Net-Redaksje mar der boppedat net in wurd tsjinyn bringe doarst.

    Alle súkses fierder.

  9. Do slachst der mar nuver yn om, Abe. En ja, man, ik bin deabenaud foar myn kollega-redaksjeleden. Dy jeie my de grize op ‘e lea. Dat ja, hast gelyk, dêr doar ik neat tsjin te sizzen.

    Ik lies trouwens noch in moai sitaat. Wol tapaslik, mar faaks ek net want lêze kin ‘k net goed is my ferteld. Fan Goethe:
    Ken ik mijn verhouding tot mij zelf en tot de buitenwereld, dan noem ik dat waarheid. En zo kan ieder zijn eigen waarheid hebben en is het toch steeds dezelfde.
    En no hâld ik echt op, want it wurdt wat ôfwaaid..
    Of we drinke in kear in bierke.

    Hulde

  10. Hie graach wold mar moat wurkje.
    Ik begryp trouwens no wêrom ast skriuwst dat ik net lêze kin. Yn in eardere reaksje skriuwst “Wêrom sizze jim net wêrom’t jim net yn ensafh skriuwe wolle?” En dêr ha ‘k op reagearre. Mar dat hie tusken oanhellingstekens stean moatten en om ‘t dat net it gefal wie, lies ik dat as in fraach oan ús. And so the confusion was born. Bin wy it noch hielendal net mei mekoar iens, mar is it net lêze kinne út ‘e wei, tink.
    Bierke bliuwt stean

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *