Jouke Hylkema

Branje foar de blinen

logo.ensafh

‘Hee Morgan…!’ De donkere fyftiger seach op doe’t er de limûsine útstapte.
‘Mista Yllema… wat dogge jo hjir yn Den Haach?’
‘Ik haw in fraachpetear foar Ensafh.’
‘Enza..?’
‘Ja in literêr blêd út Fryslân, it hjitte foarhinne Farsk.’
‘Farc?’
‘Farsk! Mar eh do buorkest de lêste tiden ek hiel aardich sjoch ik… net gek… limûsine, bestjoerder, krytsjestreek, rolex. Dochst neat mear foar fakbûn ju?’
De swiere donkere man lake him in huodsje. De holle grut as in fuotbal.
‘Ik bin mei it fakbûnswurk opholden, krige tefolle lêst fan ’e rêch.’
‘Hoe no?’
‘No ja minister wêze ûnder Mugabe is nochal dreech wurk… lyts bedriuwsûnkje hân sis mar.’
Ik seach yndied oan syn rinnen dat er wat oprûn hie, Morgan wie der de man eins net nei om fan in trep te fallen.
Hy naam it wurd wer.
‘It is in oardel jier lyn dat wy inoar seagen op ’e konferinsje fan ’e Ferienige Naasjes yn Rome… Yllema… wêr gie it ek alwer oer… o ja, de kwaliteit fan iten en lânbou mondiaal besjoen, witst noch wol, trije dagen stinne oer de oprinnende prizen fan lânbouprodukten dy’t al in tipke fan in oansteande wrâldkrisis trochskimerje lieten, doe’t wy noch sûnder skuldbesef yn in seissilinder ride koenen. Wêr hawwe wy it noch mear oer hân… o ja,  ferheging fan it gebrûk fan biobranje, it effekt fan it opwaarmjen fan ’e ierde.’
‘Jawis it wie in nijsgjirrige konferinsje, al frege ik my wol ôf wat Zimbabwe dêr te sykjen hie, it liket wol as sit dy Mugabe oeral mei syn tengels yn te klauwen… jim lân is no net echt in grut foarbyld foar eh foarútgong, al spyt my dat om dy.’
Morgan sloech de eagen del, syn stim skeat wat omheech.
‘As ik net gien wie, dan hie ’k wer in pak op ’e bealch krigen, sa ast witst bin ik de Nederlânske Ambassade fan Zimbabwe ek al ris ynflechte… ik hoech mar wat út te heljen of Mugabe giet mei myn frou en bern oan de haal… de man is in psychopaat!’
‘Godskes, giet it dy kant út mei dy âlde deminte idioat? Dus it wie gjin ûnk?’
‘Krekt Yllema… earst krijst mei in stok op ’e bealch, en dan wurdst nei Den Heach stjoerd om yn in limûsine rûn te riden.’
‘Frjemd dat dy âlde gek noch sa’n macht hat, ast him op televyzje sjochst dan tinkst al gau dat er sûnder help net op tiid op it húske komme kin. Mar do bist hjir dus fanwegen diplomasy foar dyn lân, moat der lobbyt wurde?’
‘Ik haw aanst in petear mei Koenders.’
‘Ah ja Koenders, dy hat wol sinten.’
‘Ik moat al sintsjes mei weromnimme!’
‘Oars’
‘Oars haw ik net de noflikste ûntfangst by thúskomst.’
Mei in pynlike útdrukking helle er de rjochter hân oer de rêchbonke.

Frjemd kontinint dat Afrika, je koenen dêr blykber alles úthelje mei minsken dy’t te goedertrou wienen, harren eigendom trochslúzje nei oare projekten, allinnich bedoeld foar de upperclass, mafia en subsidiearre keningshuzen.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op