Geart Tigchelaar

Knappe hannel

logo.ensafh

Besprek Bedoarne hannel fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong is al lang net mear wei te tinken út de Fryske literatuer. Mei syn fjirde boek Bedoarne hannel komt er werom mei de personaazjes dêr’t wy mei yn ’e kunde kaam binne yn syn earste boek: Guozzeflecht. Bedoarne hannel kin lêzen wurde sûnder Guozzeflecht lêzen te hawwen, mar it is wol noflik dat dien te hawwen. Sa binne de personaazjes gjin frjemden mear en kin men jin folslein op it ferhaal stoarte.

Aukje, de dochter fan Jan syn eks-frou is ûntfierd. De plysje mient dat se as tsienerdochter harren âlden in hak sette wol en dêrom fuort bliuwt. Mar Tsjits, syn eks en har nije man, Albert, binne net gerêst en skeakelje Jan yn. Jan hat him troch de jierren hinne wier makke as priveedetektive. Libbe, syn kammeraat hat in spesjale funksje yn it plysje-apparaat, is in frjemde ein yn ’t bit en helpt Jan dêr’t er kin. Fanwegen syn útsûnderlike posysje kin er in soad klearkrije. Namste hja fierder yn it ûndersyk komme, namste mear it saakje stjonkt.
Bedoarne hannel is in echte misdiedroman. Op ’e earste side lêze wy al dat der in frou of famke finzen holden wurdt. Tusken de sênes fan Jan en Libbe lêze wy hieltiten koart hoe’t Aukje it makket. Der is wat mei har oan ’e hân dêr’t men mear oer witte wol. Aukje giet troch in djip dal, mar wurdt letter beret om te besykjen wat oan har situaasje te dwaan. En as lêzer wol men dan allinnich mar dat se it oprêdt. Men krijt as lêzer ek hieltiten mear ynformaasje oer de twa ûntfierders, ien mei in panty oer de holle en de oar in bivakmûtse.
Hja binne net de iennige ûnfrisse figueren yn it boek. Minsken om Aukje hinne spylje allegearre harren rol yn ’e saak. Dosearre komt de lêzer dêr hieltiten mear achter. Sels it feit dat de heit fan Aukje mear fan manlju as froulju hâldt, hat in gefolch. Dêrmei stekt alles naadleas yninoar. Mar dêrtroch hat men gauris it gefoel dat dingen wat té tafallich mei inoar gearhingje of té tafallich opmurken wurde. Sa komt Douwe, plysjeman dy’t Jan en Libbe assistearret, der tafallich achter dat de muzyklearaar, dy’t in frjemde rol yn de saak spilet, in seksrelaasje hat mei Albert, de mem fan Aukje. Stomtafallich sjocht er nammentlik beide yn de bosk op in moarntiid. De broer fan Karen, Jari, dêr’t Jan mei befreone is, sjocht ris in foto lizzen fan de haadfertochte, en komt dy letter hiel tafallich tsjin. Dy dingen moat men as lêzer foar leaf nimme. Net oan steure.
Wannear’t men dat nammentlik net docht, hawwe jo in ferhaal yn hannen dat flot lêst. It boek is suver filmysk fan opset mei koarte sênes wêryn’t wy fan de iene nei de oare geane. En dat filmyske aspekt is krekt wat De Jong foar eagen hân hat. ‘Ik haw it ferhaal eins ek opset as in film, mei ôfwikseling fan sênes. It wie foar my echt in eksperimint om it sa te skriuwen. Guon sênes binne hiel koart, yn ien gefal sels net mear as ien rigel. It is hast in skript, it kin wat my oangiet sa ferfilme wurde. Myn earste boek wie in rjochte line, fan A nei Z. Dit springt hinne en wer en dat is my hiel goed befallen, it wurdt der echt spannender fan.’ (Drachtster Courant, 29-08-2014) En dat it der spannender op wurdt, hat er gelyk, de gong sit der goed yn.
Wannear’t men Guozzeflecht lêzen hat, wit men dat sawol Jan as Jari as jongbazen flak nei de oarloch aktyf wiene. By it lêzen fan Bedoarne hannel komme iPhones en al datsoarte fan modern spul om ’e hoeke sjen. Dat docht de aktuelens te’n goede en it sil foar in soad minsken tige werkenber wêze dat jo wrakselje mei dat nijmoadrige guod. Lykwols ropt it ek de fraach op hoe âld oft hja dan no wol net binne? Dat wurdt net neamd yn it boek, allinnich mar dat hja âld wurde en sa fluch net mear binne. As men rekkenet, moatte se wol in jier as tachtich wêze! Net raar bedoeld, mar dat is foar wat hja dogge wol de âlde kant neist. Docht dat der no ta? It ropt alteast wol ûnnedige fragen op, ûnnedich yn ’e sin dat dat tackele wurde kinnen hie.
Om jin meinimme litte te kinnen mei it boek, moat men net al te folle neitinke en gewoan yn it boek dûke. Dan krijt men in spannend en flot lêsber ferhaal foar eagen. It is ek De Jong syn bedoeling foar in breed publyk te skriuwen. Dat is ek syn grutte fertsjinst. En leau mar dat der fan ’t hjerst in soad binne dy’t by it kacheltsje in pear oeren lêswille belibje mei Jan en Libbe en alle oare personaazjes yn Bedoarne hannel. De Jong sil grif knappe hannel dwaan.

Ferdinand de Jong
Bedoarne hannel
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014
ISBN: 978 90 330 04636
Ferkeappriis: € 15,00

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *