Willem Winters

De katedraal fan Justo

logo.ensafh

Us leave frou fan ’e Pilar, sa neamde de mûnts Justo Galego syn katedraal dy’t er yn Mejorada del Campo oan it bouwen is. Rik Zaal neamt it ien fan ’e raarste bousels fan Spanje. Justo is der al yn 1936 oan begûn. Oeral sleepte er boumateriaal fuort. Gjin oare katedraal kin him mjitte mei dizze.

DSC_0244

Spanje ken fansels mear eigenaardige bouwurken. Tink oan de oeral oanwêzige arena’s. Of it Escorial fan Filips II (200 meter x 160 meter mei 2600 finsters, 1200 doarren, 68 treppens, 88 fonteinen, 16 binnenpleatsen, 15 kleastergongen en 9 tuorren. Dit alles ta foldwaning fan Peter Karstkarel.

DSC_0250

Myn measte bewûndering giet út nei Justo dy’t alles allinne die. Wylst de oare boppeneamde objekten útfierd waarden troch hûnderten, tûzenen wurkers. Dêrom skreau ik yn it gasteboek: ‘De katedraal is ien foar de geast.’ Op in stuit seagen wy in âld man midden yn e romte sitten. Dat wie Justo. Hy blykte al yn de 90 te wêzen en siet te pielen mei in bolfoarmich ding. Hy seach my net. Hy wie sa demint as wat.

De geast… ja, dy geast…!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op