Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – oktober 2014

logo.ensafh

It lêzen is foar ús allegear begûn mei plaatsjesboeken; printeboeken om út foarlêzen te wurden en lêsboekjes mei plaatsjes dy’t ús toanden wat de wurdsjes betsjutten dy’t we leare moasten. Want dy wurdsjes wiene dêr’t it úteinlik om gong: sa gau’t wy dy lêze koene waarden de plaatsjes yn ús boeken hieltyd minder, en op ien of oare manier lêze we no allinnich grutteminskeboeken mei rigels en siden fol mei allinnich wurdsjes en gjin plaatsjes.

Dochs is it lêzen/sjen fan plaatsjes en wurdsjes tagelyk ek foar grutte minsken sa gek noch net. De kombinaasje fan tekst en byld is in nijsgjirrige, útdaagjende en in fantasije- en kreativiteit-prikeljende kombinaasje, trochdat sawol de linkerkant fan ús brein (dêr’t we taal ferwurkje en analytysk neitinke) as de rjochterkant (dêr’t we plaatsjes en symboalen ferwurkje, en ús emoasjes en yntuysje weikomme) oan it wurk setten wurde. Sa wurde konsintraasje en kreativiteit stimulearre, en de ynformaasje dy’t op dy manier binnenkomt wurdt dêrom better ûnthâlden.

En it is gewoan prachtich om in ferhaal te lêzen en te sjen tagelyk! Strips, graphic novels, byldferhalen – se biede in dûzeljend ferskaat oan soarten, stylen, sjenres en ûnderwerpen. Ek wurde gauris stripbewurkingen fan ‘gewoane boeken’ makke. Dick Matena, ien fan de bekendste en bêste striptekenaars fan Nederlân en tige betûft yn it ‘ferstrippen’ fan literatuer, hat de ôfrûne tiid twa Fryske favoriten ûnder hannen hân: De skippers fan de Kameleon en De tsien fan Martens Afke. Jo sjogge en lêze jin de eagen út!

Poëzij

Jan Kooistra
Blues fan ’e sângrûn
Wijdemeer, Ljouwert 2014
Ferkeappriis € 15,-

sangrun

Nije fersen fan Jan Kooistra nei 15 jier, mei nije en âlde tema’s yn in sobere styl.

Aggie van der Meer
Tei-iizje/Lok-azen
HotSum|Contrabas, 2014
ISBN 97890 7943 2813
Ferkeappriis € 17,50

aggietei

Twatalige bondel mei byldrike poezij yn de unike styl fan Aggie van der Meer.

Proaza

Nelly Jongsma-de Jong
Brief út it ferline
KFFB, Dokkum 2014
ISBN 97894 9197 1037
Ferkeappriis €16,- | foar leden € 9,-

nellyjong

Ferhaal oer Afke Bouma dy’t as wees bliid is mei it kontakt mei in famylje op Jellema-State. Se fielt har dêr thús, mar der is ek kriminaliteit wêrtroch’t Afke net langer feilich is en ek net by de plysje telâne kin.

Ferskaat

Fotografencollectief PS (red.)
Groeten uit Leeuwarden – honderd jaar veranderingen in de stad
Uitgeverij kleine Uil, Grins oktober 2014
ISBN 97894 9106 5811
Ferkeappriis € 25,-

groetenleeuwarden

Fotoboek mei hûndert âlde foto’s fan Ljouwert neist hûndert nije foto’s op eksakt itselde plak. Presintaasje is 19 oktober yn it Historysk Sintrum Ljouwert.

Kester Freriks (ynlieding), Eppie Dam (gedichten)
Fryslân in geel, groen en blauw – Leven en werk van Wim van der Veer
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 4412
Ferkeappriis € 14,95

wimvdveer

Jubileumboek by de oersjochútstalling (o/m 31 desimber yn Tresoar) ta gelegenheid fan 75 jier Wim van der Veer, mei ynliedend essay fan Kester Freriks en gedichten fan Eppie Dam.

Eeltsje Hettinga & Willem Winters
Sies Bleeker – Libje yn liende tiid
Uitgeverij Perio, Ljouwert augustus 2014
Ferkeappriis € 10,00

siesbleeker

Earbetoan oan de yn maaie fan dit jier ferstoarne keunstner, mei in ynterview fan Eeltsje Hettinga en in troch Willem Winters gearstalde samling teksten fan en oer Sies Bleeker en syn wurk.

Reinder R. R. van der Leest
Schildersprentenboek
Frysk en Frij, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8566 0361
Ferkeappriis € 10,00

vdleest

In oersjoch fan byldzjend wurk fan skriuwer/skilder Reinder R. R. van der Leest (1933) út de ôfrûne 25 jier.

Dick Matena (strip), H. de Roos
De skippers fan de Kameleon
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 2647
Ferkeappriis € 8,95

kameleon

Stripferzje fan it earste diel fan ien fan de meast suksesfolle nei-oarlochske berneboekesearjes fan Nederlân, troch ien fan de ferneamdste striptekeners fan Nederlân.

Dick Matena (strip), Jant van der Weg (oersetting), Nynke fan Hichtum
Afke’s Tiental | De tsien fan Martens Afke
Uitgeverij Personalia, Leens 2014 – ferskynt 17 oktober

afke

Stripferzje op basis fan it bekende boek fan Nynke fan Hichtum, yn de typearjende styl fan Dick Matena, sa’t de ôfrûne wiken yn de Ljouwerter Krante te sjen wie.

Doeke Sijens
Gerrit Benner
Museum Belvédère | Fries Museum, Grins 2014
ISBN 97890 7113 9222
Ferkeappriis € 29,-

benner

By it tentoanstellingstwalûk yn it Frysk Museum en Museum Belvédère ferskynde de earste wiidweidige monografy oer libben en wurk fan Gerrit Benner (1897-1981).

Jant van der Weg
Boeken en bern – kinderliteratuur in soorten
Wijdemeer, Ljouwert 2014 – ferskynt 31 oktober
ISBN 97894 9205 2025
Ferkeappriis € 25,-

boekenbern

In samling fan artikels fan IBBY-earelid Jant van der Weg, dy’t dit jier 75 wurdt, oer berne- en jongereinliteratuer.

Ferskate auteurs
Alde meuk? Essays oer klassikers yn de Fryske literatuer
HotSum|Contrabas, 2014
ISBN 97890 7943 2844
Ferkeappriis € 17,50

meuk

Delslach fan it fjirde Sirkwy Sympoasium dêr’t Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege en Eric Hoekstra har essays oer de rol en it plak fan klassikers yn de (Fryske) literatuer yn ynkoarte foarm presintearren.

Berne- & Jongereinboeken

Britta Teckentrup
De fertelbeam
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9813
Ferkeappriis € 12,50

fertelbeam

Prachtich yllustrearre printeboek mei leaf en treastend ferhaal oer Foks dy’t yn’e sliep falt, foar altyd, en de oare bisten yn it bosk dy’t har freon misse en har oantinkens oan him diele.

En fierder…
TDE – yn de rige Nije Biblioteek (in gearwurking fan Tresoar, DBNL en Elikser) ferskynden yn septimber nije útjeften fan Nei de klap fan Trinus Riemersma, Tin iis fan Tiny Mulder, Losse hannen fan Saakje Huisman, Koartsluting fan Akky van der Veer en Sterke skouders fan Hanneke de Jong.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op