Bartle Laverman

Ferballe dream

logo.ensafh

 

der is net folle moaier
as in nacht yn it neijier
mei in tichte tekken damp
kâld oer it lân en
dêrboppe it folle ljocht
fan de moanne

alle reden foar in
Weltschmerzsigaarke
en de treast fan
jawis: ambachtlik stookte genever
de jachthûn
oan dyn aigle-learzens
sjocht glânzjend omheech

smytst noch in blokje ikehout
yn it snoarkjende duveltsje
soest no oan Grutte Dingen
tinke wolle
hjir yn dyn eigenmakke hutte
of in fiifstjerrenfers skriuwe
yn dripjende inket

mar skrikst
fan in roffel op de doar:

de nachtmerje

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
DfdMeulenArjan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Arjan
Gast

Moai fers. Yndied, as immen oanskillet of kloppet at men krekt oan in fers begjint … grize oer de grauwe.

DfdMeulen
Gast
DfdMeulen

Dream Lavermon
‘n Nacht yn ‘e hjerst — tink.
Jawis: jacht, jenever, 3Js.
Mar wurdst kjel, skrillest.
DauwefdMeulen