Geart Tigchelaar

Kulferhalen, mar gjin flauwekul

logo.ensafh

In tin boekje, krekt 80 siden. Njoggen skriuwers. Fol mei saneamde kulferhalen sa’t it foarkaft ús foarhâldt. Ferhalen foar manlju. Wat moat men jin dêrby foarstelle? Ik hie in hiel oar boekje ferwachte. Flauwichheden oer bazige froulju dy’t de manlju goed ûnder de tomme hâlde. In soad pis- en poepgrappen, in soad seks, faaks noch wat geweld. Stereotype manlju dy’t fan fuotbaljen hâlde, rûch yn ’e bek binne, en wat al net mear.

Mar neat fan dat alles, eins. En dat fûn ik alteast net slim. It binne njoggen hiel ferskillende ferhalen kwa styl, struktuer en tematyk. Soks is fansels logysk mei njoggen ferskillende skriuwers. Der kin net sein wurde dat hjir de man no sa bot útdjippe wurdt. De man spilet gauwernôch in byrol. Of soe dat al genôch sizze?

Anne Feddema iepenet it mei syn typyske Feddema-styl. Praterich, flot, fol humor, hjir en dêr wat absurdistysk. In aap dy’t in huzaar op it krús springt. Ja, no wurde jo benijd, no.

Folle serieuzer pakt Arjan Hut út. Yn syn ferhaal is in opstân geande, wurde froulju ferkrêfte, binne der religieuzen dy’t wakker mei skuon smite. De ik-persoan klimt yn in beam en lit him betsjoene troch in do.

Ate Grypstra nimt ús mei nei it sikehûs dêr’t in man leit dy’t it slim hat, wier slim. Hy eamelet dêr oan ien tried wei oer troch tsjin syn frou. Dy harket al hast net mear. Der wurdt wolris sein dat as manlju siik binne hja it altiten o sa slim hawwe en dêr wakker oer seure. Mar dit ferhaal pakt sa stereotyp net út as jo faaks wol tinke.

Dan kneppelet Bouke van der Hem der sterk yn. It is efkes skeakeljen, troch de Afrikaanske nammen dy’t neamd wurde en omdat it ferhaal gauris ferspringt fan personaazje. Moai is de ferliking tusken de trijetalige skoalle en de taalstriid yn Togo. Dy ferliking hat lykwols net in al te fleurige klimaks.

It ferhaal fan Jaap Krol is faaks noch it meast ‘stereotype’ manljusferhaal. It giet oer de gruttens fan pimels en de dêrmei anneksgeande hiërargy yn de mannewrâld. En oer de ynfloed fan de froulju, – al binne hja noch sa mei wichtige saken dwaande. Gau nei hûs, ‘oars wurdt der net joept!’

Nyk de Vries komt mei in Prospero-eftich ferhaal dat him yn it bûtenlân ôfspilet. In Fryske jonge dy’t befreone rekket mei Akimu, dy’t alle kearen ‘problems’ hat wannear’t er him sjocht.

It ferhaal fan Sipke de Schiffart hie sa yn syn ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen stean kinnen. Of faaks is dit ferhaal noch sterker en better. It is sa’t wy fan De Schiffart wend binne: kru, mar betiden wol o sa fermaaklik. Ik haw my betrape der lûdop by lake te hawwen.

Sjoerd Bottema skriuwt út it perspektyf wei fan in sekretaresse, dy’t in berneferhaaltsje skreaun hat. Dat lêst se foar oan har baas om te sjen oft er wol oplet. Se hie nammentlik in ferbettere rapport foarlêze moatten. Of wol se oandacht, en seit it mear oer har as oer him?

Henk Wolf is de hikkesluter, dy’t ús yn ’e flotgerzen stjoert mei in absurd ferhaal oer in nij programma fan Omrop Fryslân. Jezus, froulju fan de Prostitúsje-Akademy, in radikale moslima passearje de revu. Mar ek de fraach hokker Fryske skriuwer de lytste kul hat. Wa’t it wit mei it sizze.

Koartsein, in ôfwikseljend ferhalebondeltsje, yn in fris en fleurich omkaft. My tinkt, ek geskikt foar froulju, – mar as man bin ik perfoarst gjin saakkundige om dêr oer te oardieljen.

komt_in_man_by_syn_frou

Sjoerd Bottema, Anne Feddema, Ate Grypstra, Bouke van der Hem, Arjan Hut, Jaap Krol, Sipke de Schiffart, Nyk de Vries en Henk Wolf
Komt in man by syn frou & oare Fryske kulferhalen
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN: 9789062732554

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op