Hedwig Terpstra

Goffe Jensma: ‘Der is gjin bettere manier om dysels kennen te learen as troch dysels mei oaren te fergelykjen.’

logo.ensafh

Goffe Jensma (Kornhorn, 1956) is sûnt 2008 heechlearaar Fryske taal- en letterkunde en sûnt 2012 opliedingshaad fan de bachelor Minorities & Multilingualism en de master Multilingualism oan de universiteit fan Grins. Fan 2001 ôf wie er as wittenskiplik ûndersiker Fryske letterkunde ferbûn oan de Fryske Akademy en fan 2006 ôf as bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hat skiednis en filosofy studearre yn Grins en is yn 2004 promovearre yn de godstsjinstwittenskip. Foar syn proefskrift De gemaskerde God, François Haverschmidt en het Oera Linda Boek krige er de Mallinckrodtpriis foar de bêste Nederlânske dissertaasje op it mêd fan teology en godstsjinstwittenskip yn de ôfrûne tsien jier. Foar syn stúdzje Het rode tasje van Salverda (1998) krige er yn 2001 de Joast Halbertsmapriis fan ‘e Provinsje Fryslân.

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

De stúdzje Frysk yn Grins hat sûnt dit jier in nije opset yn de foarm fan twa nije stúdzjes: de bachelor Minorities & Multilingualism en de master Multilingualism. Hoe sjocht de stúdzje der no út en wat wie de reden foar de nije opset?
‘Wy hiene hjir yn Grins by de stúdzje Frysk altyd wol aardich studinten. It maksimum wie in kear njoggen earstejiers, dat wie fantastysk. Dan hast sa’n bytsje rjocht fan bestean. Mar ek dan kin de stúdzje foar de fakulteit noch hieltyd net út. Stúdzjes krije troch it Ryk betelle op grûn fan it oantal studinten dat oankomt en nei ferrin fan tiid wer útstreamt. Dat is yn Nederlân in hiel burokratysk en strak systeem. Om lyk te draaien moat in bachelorstúdzje 25 studinten it jier rekrutearje. Dit hold yn ús gefal dus yn dat de fakulteit der op talizze moast en noch helte mear omdat studinten Frysk oer it algemien twadde stúdzje-studinten wiene; dêr krige de universiteit sowieso al gjin fergoeding foar. Dat wy bestiene op grûn fan it ûntsach en de goodwill dy’t de universiteit hie foar it Frysk as twadde Rykstaal. De situaasje feroare nei’t Ronald Plasterk yn 2010 in wet troch it parlemint loadste dy’t regele dat studinten foar in twadde stúdzje tenei in folle heger kolleezjejild betelje moasten, sa’n tsientûzen euro it jier. Us ynstream droege doe fuortdaliks op. Yn 2011 en 2012 hiene wy leau ik mar ien nije studint. Moatst trouwens al begripe – want dat hie der by de bûtenwacht noch wolris oan – dat wy folle mear studinten hiene as dy twa; der wiene ek âlderejiers en byfakkers. Doe’t ús fakulteit yn 2011/12 yn de jildpine rekke waard de situaasje pas echt nipend. Opheffing drige, net allinnich foar ús mar hjir yn de fakulteit gong it ek om Finoegristyk en Skandinavyske talen, dy’t der by eintsjebeslút no beide útreorganisearre binne (op Sweedsk nei).

Wy wiene der by de stúdzje Frysk oan ûndertroch gien as wy net de kont tsjin de krêbe smiten hiene. Wy soene earst meidwaan yn de nije oplieding Europeeske Talen en Kulturen, mar doe’t ik seach hoefolle formaasje dat foar Frysk skele soe ha ik alarm slein. Op termyn soene wy weromgean fan 3,5 fte nei minder as ien fte. Wy binne doe mei ús allen in aksje begûn. De studinten fan Skanomodu, de Ried fan de Fryske Beweging en ek de provinsje en lju yn De Haach ha ús dêrby ôfgryslik holpen. De studinten praten mei Twadde Keamerleden en der kaam in hantekenaksje. It resultaat wie yn safier in sukses dat ik by it universiteitsbestjoer komme moast. Dat hie net sa folle op mei dy aksje, mar ek net mei de offisjele status fan it Frysk as twadde Rykstaal. Asto sa nedich it Frysk oan de universiteit hâlde wolst, sykje do dan mar 100% eksterne finansiering, wie it sizzen. Doe bin ik, tegearre mei myn stêf, mei in plan kommen dat in oanskerping en útwreiding wie fan it spoar dêr’t wy earder al mei oan ‘e gong wiene. Wy fûnen altyd al dat wy de stúdzje wat mear fergelykjend meitsje moasten. Mar no moast it wol folle drastysker en ús plan hold úteinlik yn dat wy no in Ingelsktalige bacheloroplieding binne fan trije jier. Dy trije jierren wurde ornaris opfolle mei twa jier haadfakken en in jier lang frije romte en minoaren. Foar it Frysk fersoargje wy yn dy frije romte en minoaren no in Fryske track, sis mar in spesjalisaasje Frysk. Dy track is net ferplichte foar elke studint, mar ast it al dochst dan kinst in fol jier kolleezjes yn it Frysk folgje en kin dyn skripsje ek oer Fryslân gean. Ast dat ferlikest neffens hoe’t de stúdzje earst wie dan skeelt it net iens sa folle. Mei in ûntheffing fan de eksamenkommisje kinst sels noch mear Frysk dwaan. Der sitte bygelyks yn it programma twa fjildûndersykfakken (‘Into the Frisian laboratory’), dêr kinst ek in Frysk ûnderwerp foar kieze. De fiertaal yn de kolleezjes is no foar in grut part Ingelsk, mar ik fyn dat wol winst. De generaasjes dêr’t wy no kolleezje oan jouwe ha te krijen mei ynternasjonale konkurrinsje en it is fan belang dat se kwa taal net achter bliuwe. Wy hiene in model Nederlânsk en Frysk en dat is dus no Ingelsk en Frysk. Yn de Ingelsktalige twa jier sitte algemiene fakken, lykas skiednis fan Europeeske minderheden, sosjolinguïstyk, multilingualism, de multikulturele maatskippij en minderheidsliteratuer. Noch justjes foar de ferkiezings fan 2012 krigen wy fan steatssekretaris Halbe Zijlstra te hearren dat er ús plan spannend en kânsryk genôch fûn om ús in ynvestearringssubsydzje te jaan fan it ministearje fan ûnderwiis. Dy waard nochris oanfolle mei jild fan de provinsje en fan ús eigen universiteit. Wy moatte no sjen binnen seis jier lyk te draaien. In prachtige útdaging!’

Harmonie2

Hoefolle studinten ha jimme yn it nije programma?
‘Wy binne dit jier begûn mei tolve full programme-studinten. Dat wurdt oanfolle mei Erasmus-studinten dy’t in útwikselingsjier dogge. Us bûtenlânske studinten fine de stúdzje ‘Minorities en Multilingualism’ hiel nijsgjirrich. Dy minsken komme oeral wei, wy ha studinten út Kolombia, Japan, Argentinië, Itaalje, Ruslân, de Oekraïne. Fan de tolve studinten dy’t foltiids studearje komme der seis út it bûtenlân. Dat is fantastysk, want al dy nasjonaliteiten by-inoar jouwe sa’n stik ekstra enerzjy yn de kolleezjeseal. Ik ha dêr wol in moai foarbyld fan. Myn eigen kolleezje oer de skiednis fan Europeeske minderheden begûn ik ôfrûne septimber mei twa minderheden út Europa dy’t tsjintwurdich wrâldnijs binne: de Oekraïne en Skotlân. Yn de Oekraïne wolle guon Russysktalige minsken yn it súd-easten fan it lân har ôfskiede en oan de oare kant fan Europa hiene de Skotten it klearkrigen dat se foar ûnôfhinklikens fan it Feriene Keninkryk stimme mochten. Fuort yn it earste kolleezje kaam der nei tsien minuten in lette studint de doar yn, in famke. By neifraach bliek se ôfkomstich te wêzen út de Oekraïne, nota bene út Donetsk, dus midden út it oarlochsgebiet. Dan rint, om it sa te sizzen, de wrâldskiednis de kolleezjeseal yn. Soks makket ús programma wol hiel relevant foar studinten en ek hiel nijsgjirrich. Moatst dy ris yntinke hoe in push it jaan kin oan jonge minsken, oan jonge Friezen, om harsels ek yn dy kontekst sjen te kinnen en serieus nommen te wurden. Mar dy Fryske studinten ha wy dit jier spitigernôch noch net. Dêr wolle wy útsoarte wol op oan, wy fersoargje dizze oplieding ommers as ôfdieling Fryske Taal en Kultuer en sjogge it ek as ús earste opdracht om de stúdzje Frysk te tsjinjen troch dy te fernijen. En earlik sein, ik fyn de nije opset fan de stúdzje better by ús tiid pasjen as wat wy hiene. It is in geweldige ferriking ast as studint dyn eigen Fryske identiteit yn sa’n ynternasjonale, globale kontekst learst te besjen. Der is ommers gjin bettere manier om dy sels kennen te learen as troch dysels mei oaren te fergelykjen. Boppedat hast no ek as studint Frysk in bettere kâns om bûten de provinsje en ek ynternasjonaal oan it wurk te kommen. Ik tink dus dat it in kwestje fan tiid is en fan goede publisiteit om ek foar it Frysk de fuotten wer ûnder it gat te krijen. Wy sille yn de kommende jierren folle mear nei skoallen en eveneminten en ek mei in eigen website folle sichtberder op it ynternet wêze. De groep dêr’t wy ús op rjochtsje binne yn prinsipe alle skoalbern yn de fyfde en sechde klassen fan it middelber ûnderwiis.’

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Wat is eins de relevânsje fan jim nije stúdzje?
‘By myn witten is der net ien oare stúdzje yn Europa dy’t it sa ynrjochte hat as wy. En dat wylst de minderheden- en meartaligensproblematyk oeral yn ‘e wrâld spilet. Oeral binne naasjesteaten dêr’t minderheden oan ‘e râne fan sa’n steat stean. Dat kinne migrantenminderheden wêze, bygelyks Turken en Marokkanen yn de Nederlânske kontekst. Mar je hawwe ek de ‘localised’ minderheden, dy’t al hiel lang op in fêst plak yn in lân libje, mar dy’t, troch it ferlizzen fan grinzen of it ferskowen fan machtssintra, yn de krimpgebieten oan de perifeary fan dy naasjesteaten telâne kommen binne. Friezen hearre dêrby, lykas ek de Basken, Katalanen, Friuliërs, Kasjoeben, de Samen yn Noard-Skandinavië, om mar in pear te neamen. Friezen ha dy oanstriid miskien net sa, mar je wolle net witte hoefolle minderheden yn Europa net dreame fan of sels stride foar ûnôfhinkelikheid. Us stúdzje is der net op rjochte om dat stribjen te stypjen, mar earder om it serieus te nimmen en it te begripen.’

Binne jimme no in folsleine stúdzje?
‘Ja, absolút. Mear as dat sels, want yn de master kinst mear as ien kant út. Ast oan de universiteit in bachelor dien hast kinst oan de universiteit noch in master folgje en ek dy ha wy nij opset. De University Campus Fryslân joech de mooglikheid om sels in master te ûntwerpen. Doe ha wy tocht: wy besykje om tegearre mei de ôfdieling tapaste taalkunde in master multilingualism op te setten. Dat slút oan by wat de provinsje Fryslân wol mei syn kennis-hotspots, dêr’t ek ‘meartaligens’ ien fan is. Tsjinwurdich wurdt de wearde fan it Frysk ek folle mear sjoen yn wat je as meartalich mins op oaren foar ha, as yn it politike ideaal fan in takomstich ientalich Frysk Fryslân sa’t dat earder bestie. It wie in skuorren om it allegear foarinoar te krijen, mar nei’t we ferline offisjeus draaid ha, binne we dit jier offisjeel útein set. Ferline jier hiene wy alve studinten, dit jier 22. Wat it Frysk oangiet, ferline jier hat ien studint staazje rûn by de Afûk en de konklúzje is dat ek dizze master Multilingualism in mooglike rûte nei it Frysk ta is. Dit jier sitte der sân Fryske studinten yn, dy leare dêr gjin Frysk, mar wol oer Fryslân. As dy minsken op staazje gean dogge se dat op de Fryske Akademy, by Tresoar of by de Omrop, wêr’t de meartaligensproblematyk him mar uteret. Foar ús twa nije opliedings ha wy no sân man personiel, besteande út in Noarske (Nanna Hilton), in Katalaanske (Eva Juarros Daussa), in Dútser (Tilman Lanz) en fjouwer Friezen (Hanneke Loerts, Willem Visser, Anne Popkema en iksels). ‘

It Frysk bliuwt wichtich yn de nije stúdzje, begryp ik.
‘Wy binne noch hieltyd gewoan in oplieding yn Fryske taal en kultuer. Ast de Fryske track folgest learst by ús learst it Frysk op it heechste yn Nederlân oanbeane nivo. Mar lykas sein, ek literatuer, skiednis en taalkunde fan Fryslân heare dêrby. Ast al dy fakken dochst witst genôch fan it Frysk om dermei fierder. Yn de master kinst dy dan spesjalisearje. Behalven de master multilingualism kinst ek in master Fryske letterkunde dwaan. Ik ha yn de ôfrûne jierren in stikmannich fan sokke studinten ôflevere. Yn prinsipe krijst dan in pear algemiene fakken oer literatuer en in healjier Fryske ynfolling (30 ECTS) en dat is dan echt spesjalisaasje. Dêrnei kinst, ast dat wolst, in PhD-plak op in Frysk ûnderwerp besykje te krijen.’

Wat kinne je letter mei de stúdzje Multilingualism en Minorities & Multilingualism?
‘As de ôfstudearre minsken yn Fryslân bliuwe – dat wol sizze de minsken dy’t de Fryske track folge ha – kinne se mooglik by de Fryske Akademy of Tresoar oan ‘e slach en útsoarte ek by de provinsje en de gruttere gemeenten. Mar it ferfangingsferlet fan de Fryske kulturele ynfrastruktuer is fansels net hiel grut, miskien trije oant fiif minsken jiers. En dy ha fansels ek nochris konkurrinsje fan minsken út oare stúdzjerjochtings. It takomstich wurkterrein sil foar in grut part fan de ôfstudearre studinten lizze yn bestjoer en organisaasje en dan yn spesifike sektoaren, lykas dy dêr’t je jinsels yn dwaande hâlde mei kultuer, multikulturele problemen of meartaligensproblematyk. Studinten kinne bygelyks oan it wurk as adviseur op trijetalige skoallen. Mar fansels – en dat jildt likegoed foar de net Fryske al al Fryske studinten – lizze der ek nasjonaal en ynternasjonaal beropsperspektiven. Wy binne der optimistyk oer dat ús studinten oan it wurk komme. Elk minske is meartalich en neffens dat de wrâld globaler wurdt, wurdt er ek meartaliger en ûnsteane der problemen dy’t oplost wurde moatte. Dêr komt noch wat by en dat is dat wy ­– teminsten wat de Fryske arbeidsmerk oangiet – troch ús netwurk ticht tsjin it fjild oansitte. Dat jout kânsen want it paad nei wurk rint foar in studint tsjintwurdich fia staazjes. En dêr meitsje wy in soad wurk fan. Op it stuit besykje wy ek om dy staazjemooglikheden út te wreidzjen nei ynternasjonale organisaasjes, lykas Unesco of de EU.’

Hast geregeld kontakt mei Jarich Hoekstra, heechlearaar Frisistyk yn Kiel?
‘Jarich en ik kenne inoar wol goed; wy sitte bygelyks tegearre ek yn de redaksje fan in tydskrift (Us Wurk). As ôfdielingen Frysk ha wy in kontrakt yn it ramt fan it Europeeske útwikselingsprogramma Erasmus. Alle jierren kin der in dosint fan ús nei Kiel en oarsom, om lêzings en kolleezjes te jaan. It is der troch al dy drokte in skoft net fan kommen, mar it stiet ûnderwilens wer op de aginda. Wy sille no moandei sjen wa’t dit kear nei Kiel mei. Ik lies yn Ensafh dat Jarich net botte jaloersk is op ús situaasje, mar yn prinsipe folget er yn myn eagen yn Dútslân itselde model as dat wy no keazen ha. Ek dêr is de stúdzje Frysk ommers allinnich mar mooglik trochdat studinten per definysje twa stúdzjes kieze. Ast yn Dútslân ek allinnich mar ien stúdzje folgje mochtst, dan soe ik noch sjen moatte wat der fan kaam. Wat algemiener steld, ek yn Dútslân kin komme wat hjir al langer oan de universiteiten oan de gong is, nammentlik dat it Angelsaksyske model fan rasjonalisaasje fan it ûnderwiis folge wurdt. Je moatte mei sa min mooglik begelieding en ynspanning (want dat kostet jild) sa grut mooglike groepen studinten betsjinje (want dat smyt jild op). Underwiis is in bedriuw, dat is it basisprinsipe. Tink dus net dat de oerheid it goed foar hat mei it ûnderwiis, it wurdt oer alle boegen ôfknypt en yn myn eagen faak ek op in folslein ûnferantwurdlike manier. In gefolch hjirfan is dat in soad spesifike ekspertize sneuvelet, bygelyks op it mêd fan lytse talen en yn it bysûnder fan it Frysk.’

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Wat binne de reaksjes op de nije stúdzje?
‘It soe wêze kinne dat guon minsken yn Fryslân fine dat wy it Frysk ferret ha. Dêr leau ik dus hielendal neat fan. Der binne wat histoaryske fakken sneuvele. By de âlde stúdzje lei in soad klam op de midsieuwen en dat is der in bytsje ôf. De winst is datst de moderne kultuerproblematyk fan Fryslân kennen learst en ek de feardichheid oanlearst om dy te analysearjen en belied te ûntwikkeljen. Earder waard sein dat je mei it Frysk net in soad koene, mar mei de nije stúdzje wurdt dat, lykas ik al earder sei, hiel oars. Wy ha ferline jier in pear bachelorkolleezjes proefdraaid en wy krigen goede feedback dêrop, út Kanada en út Sina wei bygelyks. Ik herinnerje my in famke út Kanada dy’t skreau dat se troch myn kolleezjes de meartalige situaasje yn Quebec no better oankoe.’

Komme Fryske dialekten ek oan bod by de stúdzje?
‘Wat oan bod komt by de nije stúdzje is hoe’t dialekten har foarmje en dan brûke wy it Frysk as foarbyld. De stúdzje is in stik minder beskriuwend en in stik mear problematisearjend wurden. En nee, de studinten kinne by ús net in kursus Noardfrysk folgje, mar se kinne wol in healjier nei Kiel om it dêr op te dwaan. Dêr helpe wy se dan ek by.’

Kinst wat mear oer dyn opliedings- en wurkachtergrûn fertelle?
‘Ik bin net in Frisist fan hûs út, mar in histoarikus. Ik bin ta it Frysk kommen troch myn komôf. De tachtiger jierren wiene in hiele drege tiid, sawat elkenien dy’t skiednis studearre hie waard wurkleas. Yn dy tiid ha ik mei in pear oare histoarisy betocht om in tinkboek te meitsjen oer de universiteit fan Frjentsjer. Dy soe yn 1985 400 jier bestien ha. Dat is úteinlik in mânsk, ynternasjonaal boek wurden mei allerhanne artikels fan eksperts. Troch dat boek bin ik sa’n bytsje yn de Fryske wittenskip telâne kommen. In hoart letter krige ik in opdracht fan de Fryske Akademy om ûndersyk te dwaan nei de njoggentjinde-ieuske Fryske kultuer, in projekt dat úteinlik, jierren letter, laat hat ta myn Het rode tasje van Salverda. Undertusken wie ik ek dwaande mei in boek oer de Stichting Op Toutenburg yn Swarteweisein: Tot aandenken aan mijn moeder. Grootgrondbezit en filantropie te Swarteweisein. Dat boek is yn 1992 útkommen. En ûnderwilens wurke ik troch oan Het rode tasje, dat ik sels wol myn belangrykste boek oant no ta fyn. It hat lang duorre foar’t dat der lei. Om de holle boppe wetter te hâlden wie ik, om it sa te sizzen, hieltyd oan it multytasken en lei it wurk oan Het rode tasje faak stil. Ik ha yn dyselde rite noch in boek oer universiteitsskiednis fan Nederlân skreaun: Veranderingen in het hoger onderwijs in Nederland, 1815-1945, redaksje dien en skreaun foar in grou boek oer de skiednis fan Ljouwert en in boek mei artikels oer godstsjinst en literatuer útjûn: De God van Nederland is de beste. Underwilens wie ik ek al oan ‘e gong mei myn projekt oer it Oera Linda-boek. Troch Yme Kuiper syn ynspannings wie it my nammentlik slagge om in promoasjeplak by Teology yn Grins te krijen.’

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Wat bisto no eins? Taalkundige, histoarikus of literatuerwittenskipper?
‘Myn wittenskiplik spesjalisme is kultuer- en literatuerskiednis. Ik ha op dat mêd oer in hiel grut ferskaat oan ûnderwerpen skreaun, eins út alle ieuwen sûnt de sechtjinde en ek op mear as ien terrein. Troch myn oplieding as filosoof en histoarikus benaderje ik de literatuer op in mear kontekstuele manier as dat de measte literatuerwittenskippers dogge. In bytsje sa’t de ûndersykstradysje fan de Cultural Studies dat docht. De ferhâlding tusken kultuer en macht en ôflaat dêrfan dy tusken literatuer en nasjonalisme ynteressearje my bygelyks hiel bot. In soad fan myn wurk giet dêr ek oer. Dat jildt útsoarte foar myn dissertaasje oer it Oera Linda-boek, mar ek hiel bot foar Het rode tasje van Salverda. Yn dat boek beskriuw ik it ûntstean fan it byld fan de Fryske kultuer sa’t wy dat tsjinwurdich noch hieltyd werkenne: in provinsje mei in echte, eigen taal, bewenne troch allegear grutske, frije, sympatike dwerskneppels en mei in skiednis fan foar de berte fan Kristus oant juster. Dy konstruksje fan kultuer wie typysk in 19de-ieusk ding en je sjogge dat rûnom yn Europa groepen dy’t wy no algemien as taalminderheden erkenne op sa’n selde manier oan ‘de’ eigen kultuer kommen binne. Wat ynteressant is oan de foarming fan sokke etnyske minderheden troch har kultuer is de sosjale en politike kontekst dêr’t dat yn plakfynt. Altyd binne it elites, faak oanfierd troch de yntellektuelen ûnder har, dy’t de foarstap nimme. It fernijende oan Het rode tasje is dat ik troch sa te sjen ôfweevje mei in âlder idee oer Fryske kultuer en Fryske beweging, nammentlik dat de Fryske kultuer altyd al bestien ha soe en dat de Fryske beweging in bottom up beweging wie, fan minsken dy’t opkamen foar de rjochten fan dy ‘de’ Fryske kultuer. Ik beskriuw it folle mear as in kultuer dy’t optocht wurdt, brûkt wurdt, hieltyd op’e nij útfûn wurdt en foarm kriget yn de hannen fan lieders dy’t om allegear redenen minsken achter har besykje te krijen. Yn Fryslân giet it dan yn it earste plak om de Fryske elite út de earste helte fan de njoggentjinde ieu. Trochdat dy yn it nije Keninkryk der Nederlannen de Friezen fertsjintwurdige, hie dy der it measte belang by om dy kultuer ek ûnder wurden te bringen. Nei ferrin fan tiid ha oare, legere groepen yn de maatskippij de sizzenskip oer it Frysk oernommen en hieltyd fierder útwurke. Mar de kearn lei dêr. En noch altyd is dy dynamyk tusken lieders en de achterban ien fan de meast opfallende kenmerken fan de Fryske kultuer. It giet folle faker om de posysje fan de lieder as om de kultuer sels.’

Nei Het rode tasje hast dyn dissertaasje skreaun oer it Oera Linda-boek. Hoe sit dat eins mei dat boek?
‘Ja, dat is ek sa’n typysk njoggentjinde-ieusk boek, mar wol hiel bysûnder. It wazemet in soartemint fan over the top-nasjonalisme út. It is skreaun yn sabeare Aldfrysk, it makket gebrûk fan allegear histoaryske boarnen en oerdriuwt dy grouwélich. Sadwaande hat it boek finaal de gek mei dat moaie Fryske nasjonalisme. Guon minsken hâlde it noch altyd foar echt. Mar it is it fiksje, literatuer dus. En sûnder mis is it ‘it’ boek út de Fryske literatuer dat it fierst trochkrongen is yn de úthoeken fan ‘e wrâld. It is oerset yn it Spaansk, Italjaansk, Súd-Afrikaansk, Russysk, Noarsk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk. Mar alle kearen troch minsken dy’t it boek foar echt ferslite, dy’t mei oare wurden noch hieltyd leauwe dat de Friezen 4000 jier lyn oan de oarsprong stien ha fan alle blanke Europeeske beskaving, dat se de útfiners fan de demokrasy wiene, dat se laat waarden troch froulju en it mier hiene oan keningen en dat se der de meast ferljochte godstsjinst op neiholden dy’t je je mar yntinke kinne. Wat ik yn myn boek sjen litten ha is dat it Oera Linda-boek ûnderdiel wie fan in soart fan grap dy’t net útkaam is. De betinker wie François Haverschmidt, better bekend as ‘Piet Paaltjens’. Dat wie in frijsinnige dûmny dy’t in skoft yn it hiel ortodokske Foudgum boppe Dokkum stien hat. Hy krige dêr sa it mier oan de finen dy’t de bibel letterlik namen en dy’t leauden dat de wrâld net âlder wie as 6000 jier en dat Jezus echt op it wetter rûn hie dat er se geweken nimme woe. Dêrom hat er in boek makke dat der hiel âld útseach, mei gielmakke papier, hoekige runeletters, yn it alderâldst tinkbere Aldfrysk. Mar as je wat better seagen dan koene je der samar trochhinne sjen. Haverschmidt hie fermoedlik rekkene dat dat ek sa barre soe, dat der in publike diskusje op gong komme soe mei as útkomst dat it boek net echt wie. Dat gie net troch fral omdat in âld-learaar fan Haverschmidt oan it Ljouwerter gymnasium der yntrape en it boek begûn te ferdigenjen. Hy joech it út en skreau der allegear brosjueres oer. It ferhaal is dat er der op it lêst achterkaam dat er ferneukt wie en dat er him doe tekoart dien hat. Yn de tweintichste ieu is it boek op ‘e nij foar echt fersliten troch de Nasjonaal-Sosjalisten yn Dútslân. Dy hawwe it ek oerset yn it Dútsk: Die Ura Linda-Chronik. Nei de oarloch waard it op ‘e nij populêr yn New Age-rûnten. Ik krige ferline wike noch in mail fan ien út Kanada dy’t sei dat er de échte oplossing fûn hie. Dat giet hieltyd mar sa troch. Ik fyn it it meast bysûndere boek út de Fryske literatuer. It wie in grutte aardichheid om dêr in proefskrift oer te skriuwen.’

OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Wat hast no noch om hannen?
‘As ik wat mear tiid ha soe, soe ik graach in boek skriuwe wolle oer ‘De Fryske tydskriften’. Dat soe in soart fan ferfolch wurde op Het rode tasje. Fryslân is hiel bysûnder trochdat wy hjir in hiel protte Frysktalige tydskriften hân ha, mear as hûndert, dy’t ek echt wat foarstelden. It Fryske literêre en kulturele libben spile him foar it grutste part ôf yn dy tydskriften. Der wiene hartstikke bysûndere blêden by, lykas De stim fan Fryslân, in krante fan it Kristlik Frysk Selskip fan foar de oarloch, dêr’t ek it wrâldnijs yn byholden waard of, út dyselde rûnte wei, it ienmanstydskrift fan Eeltsje Folkertsma Tsjûgenis. Foar de oarloch waarden boeken ek faak earst publisearre as fúljeton, bygelyks de boereromans fan Reinder Brolsma. De selsstannige boekpublikaasje is pas nei de oarloch echt trochset. It belang fan dy tydskriften is dat de Fryske mienskip – it gefoel dat wy mei ús allen by inoar hearre – dêr ta stân kaam is en ûnderholden waard. Dat is ek in algemien prinsipe. Printwurk is ien fan de grûnslaggen foar nasjonalistyske mienskipsfoarming. Tink mar oan Benedict Anderson syn ferneamde boek oer Imagined Communities. Optheden binne der noch mar twa tydskriften dy’t har dwaande hâlde mei Fryske literatuer: Ensafh en De Moanne. De Fryske ‘mienskip’ spilet him no ek folle mear ôf op it Ynternet dat fierhinne it plak fan it papieren printwurk oan it oernimmen is. De sosjale media en webpublikaasjes binne foar it Frysk stadichoan belangriker wurden as de kranten en de tydskriften.’

Wat fynst fan de Fryske literatuer fan no?
‘Ik bin earder in leafhawwer fan poëzy as fan proaza. Ik fûn it dêrom wol in útdaging om yn de sjuery te sitten fan de lêste Gysbert Japicxpriis. It jûch my in goed idee oer de bridte fan de Fryske poëzy tsjintwurdich. Fryske poëzy kin, fyn ik, net allinnich kwalitatyf it besjen wol lije mar is ek tematysk hiel nijsgjirrich. De nijste bondel, Man en mem, fan Elske Kampen bygelyks is fantastyske, yn al syn beskiedenheid oerweldigjende poëzy dêr’t ik my amper fan yntinke kin dat dy net net yn it Frysk skreaun wurde kinnen hie. It berik fan dizze en oare poëzy is spitigernôch net grut, al hielendal net bûten Fryslân. It Frysk en de Fryske literatuer freegje om in soad goodwill. Moatst der in protte foar oer ha om se yn stân te hâlden. Ik bewûnderje Fryske skriuwers derom per definysje en ik fyn dat oaren dat faak te min dogge. De Fryske literatuer is foar de ynstânhâlding en it ûnderhâld fan de Fryske taal fan grutter en wêzentliker belang as bygelyks de Fryske Akademy of Tresoar.’

Wat moat der dien wurde om de Fryske literatuer mear ûnder de oandacht te bringen?
‘Ik ha lêsten yn it ramt fan ‘Swalk’ by Tresoar op ‘e tekst west oer Kulturele Haadstêd en de Fryske literatuer. Ik tink dat Kulturele haadstêd kânsen biedt foar de Fryske literatuer trochdat der jild is en in ynfrastruktuer om yn in ynternasjonaal ramt te wurkjen, benammen mei oare minderheidsliteratueren. Mar maklik is it net. Talen sels binne makliker meiïnoar te ferlykjen as de literatuer yn dy talen. Tink dy marris yn: do wolst literatuer útwikselje mei de Basken. Dan moat der oerset wurde, mar hoefolle Friezen lêze Baskysk en hoefolle Basken Frysk? Dat makket it dreech om mei Fryske literatuer ynternasjonaal wat te dwaan. By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis hie ik alris foarsteld om in Europeeske priis yn te stellen foar minderheidsliteratuer en dat ha ik by ‘Swalk’ no nochris werhelle. It tink dat it echt in goed plan is. Dêrby giet it net sasear om de priis sels, mar om it hiele proses om dêr te kommen. Dan moatst yn oare minderheidskultueren en -literatueren minsken opsykje dy’t meidwaan wolle, oare skriuwers moetsje. Dan moatst dus ek oersetters fine en sjueryleden en politisy dy’t sa’n priis útrikke wolle. Koartsein, dan moast in hele ynfrastuktuer fan minderheidsliteraturen opsette. Dat is net sa maklik, mar as dat slagget hast de literatuer foarútholpen mei in prachtich literêr netwurk troch Europa hinne en hast boppedat in legacy foar Kulturele Haadstêd kreëarre. Miskien moatte der yn sa’n projekt ek oare foarmen socht wurde as allinnich literatuer op papier. Mear performance, mear twataligens, mear filmkes op Youtube, om mar in pear dingen te neamen. De moaiste literêre happening dy’t ik it lêste jier meimakke ha wie Faderpaard yn Ljouwert. Dat fûn ik echt sa briljant betocht om dy twa wrâlden byinoar te bringen, dy fan it hynstefolk en dy fan muzyk en poëzy. Echt oerweldigjend, mei Tsjêbbe Hettinga dy’t op film oanwêzich wie en gedichten foardroech, Nynke Laverman dy’t song en dan al dy prachtige hynders yn de arena. Dat wie echt in geniet om nei te sjen. Sokke foarstellingen jouwe lucht en biede kânsen, ek oan de Fryske literatuer.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op