Geart Tigchelaar

Dûbeld skeind

logo.ensafh

Besprek Skeind ferline fan Douwe de Graaf

Douwe de Graaf (*1941) hat mei Skeind ferline syn romandebút levere. Hy hat earder fjouwer non-fiksje boeken oer de skiednis fan Drachten en omkriten skreaun.

De titel fan it boek kin in soad ynhâlde. Krekt troch syn suver wat klisjeemjittigens en algemienens sprekt it net oan. Dêr komt noch by dat it omkaft fan it boek net botte spannend oandocht. Op de foarkant in nêst ljipaaien mei oan de efterkant in strjitte dy’t grif it wenplak foarstelle moat dêr’t Romke, de haadpersoan, opgroeide mei syn mem. De kaaipassaazje út it ferhaal is lykwols ôfprinte op ’e efterkant en dat ûnthjit wól it ien en oar. Der wurde in man en frou útmakke foar respektyflik ‘dikke smearlap’ en ‘smoarge hoer’. De skeller leit dêrnei it gewear oan it skouder en sjit troch de ruten. Dat kin noch wat wurde, tinkt de lêzer dan.

It is dêrom spitich dat dy belofte net wiermakke wurdt. It boek lêst as in trein, gjin drege wurden of drege gedachtespinsels en it is betiden smeuïch. Romke is in ienfâldige jonge, mar wol in rûchhouwer en in frijbûtser. It leafst is er bûten yn de fjilden of yn syn hoale yn ’e bosk. Mei oare minsken kin er min oerwei en wol er sadwaande sa min mooglik te krijen hawwe. De dingen yn syn libben folgje inoar suver as fansels op. En dêr wriuwt it, want faker as ienris stjit men tsjin wat al te folle tafallichheden oan. Sit er om wurk ferlegen, praat syn mem tafallich mei ien út it doarp dy’t wol in putsje foar him hat. Mar in side letter is er dêr troch omstannichheden wer wei. Of se komme op it wurk derefter dat syn heit net hielendal koosjer west hat yn ’e oarloch en wolle him dêrom leaver net hawwe. Of it is om’t er sels syn nocht hat en domwei weibliuwt. Moatte se fanwegen jildkrapte út it arbeidershûs fan Philips, praat Romke tafallich mei in mantsje dy’t njonken in hûs wennet dat ûnbewenne is. Fansels, se kinne der nei praten mei ynstânsjes yn. It giet wer efkes goed, en dan hawwe Romke en Jikke, syn frou, wer spul. Dêrmei is it hiel bot in en-doe-en-doe-ferhaal.

De lêzer komt nea te witten hoe âld oft Romke op beskate mominten yn it boek is. As men as lêzer in hantfet kriget, soe men guon dingen better pleatse kinne. Sa kin men jin gauris ôffreegje wêrom’t Romke noch hieltiten by syn mem yn ’e hûs wennet. Benammen as der hieltiten mear spul is, soe men sizze dat syn mem him der ris útsette moat. Dat bart lykwols net. As er syn takomstige frou swier makke hat, moatte hja ynienen trouwe en sille se út ’e hûs. Dan kin it dus ynienen wol. Sa wurdt der ek nea in jiertal neamd en de wrâld om harren hinne beskreaun. It bliuwt sa in hiel mikroskopysk ferhaal oer Romke en de pear minsken om him hinne. Hie de lêzer wat mear oer de tiid sels meikrije kinnen dan wiene dingen better te begripen en hie it boek wat mear ‘body’ krige. De efterflap fertelt ús dat it ferhaal ek hjoed-de-dei spylje kinnen hie, faaks woe de auteur dat foarinoar krije troch it net spesifiker yn in tiid te pleatsen. Lykwols kin de problematyk en it wrakseljen dêrmei universeel wêze. Dat it oanbelangjende ferhaal yn in beskate perioade setten wurdt, docht dêr net oan ôf. It hie yn dit gefal it ferhaal krekt sprekkender makke.

It boek hie ek mear ‘body’ hân as der mear beskriuwingen fan de natoer west hiene. Dat om de reden dat Romke graach bûten wêze mei en harket en sjocht nei alles om him hinne. Dan is it hiel spitich dat de skriuwer mei net mear op de proppen komt as de neikommende passaazje: ‘Wat wie dat moai, al dy fûgels dy’t fluiten, it wie krekt in konsert.’ (s. 69). De ferliking mei net mear as in konsert is in deadogger om’t dy sa útkôge is.

De Graaf hie der goed oan dien as er hjir en dêr de losse eintsjes ynfolle hie. ‘De buert begrypte doch al net wêr’t sy en har soan fan libben.’ (s. 46). De lêzer ek net, mar dêr wurdt net op weromkommen. Om ûnder de tsjinstplicht út te kommen, wurdt Romke matroas. Hja krije op see in oanfarring mei in Deensk skip. Goed en wol, mar de oarsaak fan dy oanfarring wurdt net út ’e doeken dien. De lêzer is dêr nijsgjirrich nei, mar bliuwt mei dy fraach sitten.

De relaasje mei Romke syn heit is fierwei it bêste útwurke yn it boek. Syn heit is yn ’e oarloch nei Dútslân gien te wurkjen. Letter komt de lêzer derefter dat er dêr soldaat west hat, mar der is mear as dat, safolle is wol dúdlik. Mem wit mear, mar wol it net sizze. Wat it west hat, wurdt pas dúdlik yn it lêste haadstik. Mar om’t it net slimmer kinnen hie as dat, docht krekt ôfbrek mei’t it ‘over the top’ is. It ûnderhûdske is derôf. Dêrfan ôfsjoen is de haat-leafde-relaasje dy’t Romke mei syn heit hat goed útwurke. Hy fynt dat syn heit better net weromkomme kinnen hie. ‘Dea of fuort, dat wie eins itselde.’ (s. 22). Mar letter tinkt er oan eartiids dat er mei syn heit yn de beestjes omreage en hat dêr hiele waarme gefoelens oan. Hy jout syn heit hieltiten de skuld as er as soan fan in lânferrieder bygelyks troch de heit fan syn grutte leafde ôfwiisd wurdt. ‘Dat wie de safolste kear dat it ferline op him ôfkaam.’ (s. 79). Mar as it him yn it sin komt wat syn heit him leard hat, falle dy oare gedachten wer fuort.

Dêrmei kin de titel fan it boek op twa wizen útlein wurde, of better sein, der sit in dûbele laach yn. Foarst is it sa dat Romke al in skeind ferline hat fanwegen syn heit dêr’t er hieltiten wer tsjin oanrint. By de measte tsjinslaggen jout er syn heit de skuld, fakentiids ek terjochte. Minsken binne altiten koartsichtich en jouwe de bern ek de skuld. Fierders kriget er fanwegen syn ûnoanpasber aard sels in skeind ferline.

Bywannear’t jo in flot en lêsber boek lêze wolle oer in ûnoanpasbere jongfeint dy’t hiel wat te ferstouwen kriget fanwegen syn ferline en syn aard, hawwe jo mei Skeind ferline in prima boek yn hannen. Lette jo op alle dinkjes yn it boek, dan is de aardichheid der gau ôf.

9789062739905

Douwe de Graaf
Skeind ferline
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN: 9789062739905
Ferkeappriis: € 12,50

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op