Meindert Reitsma

Eefkes de minske úthingje

logo.ensafh

“‘Ik wie God (…) Mar no net mear. No bin ik Bobo, Bobo Skat.’” (hst. 2). Bobo Skat, dat is de namme fan de haadpersoan fan it nijste Fryske boek fan Froon Akker (1952), In aap klimt út ’e beam, dat yn 2010 yn it Nederlânsk ferskynde as Hoe blond je aap. Hoewol, persoan? Bobo is gjin minske, mar in aap en net samar in aap. Hy stiet fierder yn de evolúsje as de trochsneed aap en jo soene him hast guon minsklike eigenskippen tadichtsje. It grutte doel fan Bobo is no krekt om dy eigenskippen better ûnder de knibbel te krijen, om sadwaande eefkes de minske út te hingjen, sa’t de minske ommers soms ek wol ris de aap úthingje wol.
Bobo fynt minsken yn wêzen mar nuvere skepsels. Yn it begjin fan it ferhaal sit er yn syn beam en skôget it leafdesspul tusken in man en in frou. Under it sjen fleane syn tinzen alle kanten út: “It befêstiget it byld dat er fan de minske hat: in wûnderbaarlik skepsel dat fan gjin grinzen witte wol en om dy reden alle hoeken en hernen fan it bestean ferkent.” (hst. 1). No, dat wol Bobo ek wol ris besykje. Hy klimt út ’e beam en komt mei beide fuotten op de grûn telâne. Dy beslissing sil letter grutte gefolgen hawwe.

Syn ferhâlding mei de minske hat altyd dûbel west, want yn it ferline is er troch him by syn mem weiskuord, slim fernedere en úteinlik yn bistetún ‘Happy Zoo’ opsletten. ‘Happy’ wie er dêr dus net, mar gelokkich trof er in leave fersoarchster.

Yn haadstik twa treft de lêzer in bysûnder figuer: Norbert Schnabel. Hy is o sa wantrouwend, hat in soad ûnfrede en is bot terge, want “‘De wrâld terget my’, (…) ‘dat no tergje ik werom.’’” (hst. 2). Schnabel wurdt lid fan de Nije Partij, dy’t yn syn eagen dé rêding is foar Nederlân, in ‘Lân Yn Need.’ Hy komt mei Bobo yn ’e kunde en jout him ûnderdak. Underwylst leart Bobo praten sa’t minsken dat ek leare, nammentlik troch nei te praten. Stadichoan lit er syn eigen soart achter him en klimt er op de evolusjonêre ljedder.

Bobo wurdt oerspield mei it wantrouwen, de ûnfrede en it tergjen fan Schnabel. Benammen de allochtoanen moatte it belije: “‘Dêr húsmannet de oerlêst, mar dat meie wy net sizze. Net stigmatisearje,’ seit de premier. ‘Stel je foar dat wy de problemen by de namme neame, je moatte der net oan tinke.’” (hst. 3). Bobo snapt der lykwols net folle fan: “Oeral binne ommers ferskillende soarten, dat makket it krekt gesellich. Stel je foar dat yn ’e bistetún allinnich mar deselde bisten sieten, ek neat oan. Dochs?” (hst. 3). Dochs hellet Schnabel him by de Nije Partij en makket him lid.

It begjin lêst flot, wat komt troch de luchtige en satiryske styl en benammen de aparte sitewaasjes dêr’t de lêzer yn terjochte komt. De lêzer fernuveret him yn it begjin aloan, mar it aparte wurdt gewoan en sadwaande sakket it boek nei in pear haadstikken wat yn. Yn haadstik fiif komt de skriuwer mei in fynst dêr’t it ferhaal op siet te wachtsjen.
It docht bliken dat de hûn fan Schnabel, Spooky, prate kin en sadwaande ûntstiet der in nijsgjirrige dialooch tusken hûn en aap. Beide wolle se hegerop en wurde as de minske. Spooky wurdt de learaar fan Bobo, want hy is in belêzen hûn: “‘Ik bin op dit stuit dwaande yn in boek oer DNA, o sa nijsgjirrich, kin ik dy fersekerje.’” (hst. 5). Al mei al in tige humoristyske sitewaasje.

Troch nei te aapjen krijt Bobo it minske-wêzen hieltyd better yn ’e macht: hy wit de wurden better te finen. Mei syn dúdlike en koarte taal komt er helder oer by minsken. Sadwaande wit er yn de wyk in boargerinisjatyf fan ’e grûn te krijen en minsken entûsjast te meitsjen. Dat falt de top fan de Nije Partij ek op en dêrom sjogge sy wol wat yn him as partijlieder. Op it kongres wurdt er ûnder jûchheigerop keazen as de nije lieder. It nije politike wûnderbern is berne.
Dochs binne guon yn de partij fan miening dat Bobo net hielendal yn it profyl past, want hy hat in wat bûtenlânsk karakater en dat past net yn in partij dy’t propagearret dat ‘allochtoanen yn Allochtoanië hearre’. De oplossing is dat er in wiere make-over krijt, mei as hichtepunt in nij blond kapsel.

Dêr skimeret wat hypokrisy trochhinne, wat as in wichtich elemint sjoen wurde kin yn In aap klimt út ’e beam. It tilt nammentlik op fan de hypokrisy, sawol ymplisyt as eksplisyt. De Nije Partij hat it mier oan bûtenlanners, mar de achternammen fan partijleden as Salari, Baljé en Fong dogge no ek net echt autochtoan oan. In oar foarbyld is Reggie Nak, dy’t befeiliger fan Bobo wurdt. Hy fynt it skandalich dat dy bûtenlanners net iens goed de taal prate kinne, mar dat seit er wol yn it Liwwadders: “‘En ik bin ut helemaal met jou eens, dy bútenlanders kenne nyt eens fetsoënluk oanze taal prate. Ferstaast der geen kloaten fan, dus ik bin godskolereblij met dit hiero, echt waar.’’” (hst. 17). Fakentiids wit de skriuwer de hypokrisy goed yn it ferhaal te ferwurkjen, mar in inkele kear is it te simpel. Lykas yn haadstik acht dêr’t Rudy Slagter, in man fan de Nije Partij, folge wurdt: “Rêst. Dêr is er wol oan ta, want it is sa stadichoan fierste drok, sawol saaklik as privee. En minder ite, ek sa’n punt. Hy nimt noch in bitterbal.

Taal spilet in grutte rol yn it boek. Lykas earder neamd leart Bobo de minsketaal en dat slagget aardich, sa kin er ek reflektearje oer syn eigen taalfermogen: “Se [Spooky. M.R.] lei út dat ambysje der altyd al west hie, ergens djip yn it binnenste fan syn wêzen, mar dat er him der net bewust fan wie om’t er it wurd net koe. ‘Dus fertriet is pas fertriet ast it wurd kenst,’ miende Bobo.” (hst. 9). Dochs krijt er net alle fasetten fan de minsketaal ûnder de knibbel. Dat jildt bygelyks foar it ferskil tusken letterlik en figuerlik taalgebrûk, lykas yn in dialooch mei syn befeiliger: “‘Mach ik myn petsje foar jou afnimme, ja, dy foar jou afnimme?’ In grapmakker , konkludearret Bobo fuortendaliks. Reggie hat hielendal gjin pet op, allinnich mar dy fettige sinnebril.” (hst. 17). Soksoarte fan eleminten jouwe it ferhaal mearwearde, om’t it aspekten binne dy’t yn de literatuer ornaris net beljochte wurde. Om my hie de skriuwer dat wol faker ynsette mocht.

In oar plak dêr’t taal fan belang is, is by de ferskate perspektiven dy’t brûkt wurde. Lykas yn Einum (2012) skriuwt Froon Akker ek diskear út mear as ien perspektyf wei. Guon perspektiven hawwe har eigen taal, sa wurde by Leida Fong fan de Nije Partij in soad Ingelske wurden brûkt en is de taal fan Norbert Schnabel sa’t syn persoanlikheid is: “Healwei de oare deis sit Norbert Schnabel op it húske, syn deistige tocht nei Canossa. As fanâlds hinget de broek him op de ankels; syn ûnhandich grutte lichem sit rjochtop om anus en einterm sa goed mooglik yn elkoars ferlingde te manûvrearjen, wêrby’t de búk syn gemachten diskreet oan it sicht ûntlûkt. Dy boeddhistise hâlding is fansels bedoeld om middels transendinte meditaasje syn terms te ûntspannen en dêrtroch syn anus safier te krijen in pear keihurde keuteltsjes ôf te stean oan it rioel.” (hst. 10). Foar dit aspekt jildt ek dat ik fyn dat it te min útwurke is, want it bliuwt faak mar by in pear gefallen.

Dêr’t de perspektyfwiksels yn Einum fertuten diene. is dat no minder it gefal. De skriuwer brûkt yn totaal acht perspektiven, dêr’t guon mar ien kear fan brûkt wurde. It heakket net safolle ta oan it ferhaal. Fansels sjocht de lêzer de wrâld hieltyd wer troch in oare bril, mar it hellet de gong der wol wat út.

De perspektyfwikselingen dogge der wol ta by it tiidsferrin yn it boek, dêr’t Froon Akker mei boartet. Sa spylje haadstik seis en sân har likernôch op deselde tiid ôf, mar op in oar plak en mei oare minsken. Yn haadstik seis bellet Leida mei Schnabel en krije wy it petear fan har kant te hearren en it haadstik dêrop presys itselde tillefoanpetear, mar dan út it perspektyf fan Schnabel en Bobo wei. In moaie fynst fan de skriuwer.

Lykas earder sein is it boek in oersetting; de skriuwer hat it sels oerset. Spitich is dat der by it oersetten guon Nederlânske wurden stean bleaun binne (‘met’, ‘dichterbij’) en dat der lytse flaterkes ynslûpt binne (‘earntakken’, ‘lyksols’, ‘winkelsintrim’, ‘stjritte’).

Oerein bliuwt dat Froon Akker in fris boek skreaun hat dat yngiet op de aktualiteit, nammentlik de opkomst (en ôfgong) fan populistyske partijen, dêr’t wy de Nije Partij wol ûnderbringe kinne. Dêroan ferbûn skriuwt er oer de problemen fan de multykulturele maatskippij en de yntegraasje (dat neffens Spooky toanielspyljen is). Boppe-al seit it wat oer de minske en de maatskippij yn it algemien, dêr’t de minske altyd oanstriid hat om heger op de ljedder te klimmen om dêrnei, nayf as er is, nei ûnderen te fallen. Dêrneist is it mei de maatskippij wol goed mis wannear’t der harke wurdt nei aap, koartom: wannear’t eltsenien neiaapgedrach fertoant.

Us aap Bobo komt stadichoan yn in achtbaan. Yn it begjin fan syn karriêre giet it kresendo: de partij groeit en persoanlik hat er it wat froulju oanbelanget goed, mar nei ferrin fan tiid giet it hurd minder. Befeiliging is net mear út syn libben wei te tinken. Minne peilingen en ynterne swierrichheden soargje der foar dat Bobo de ôftocht blaze moat. De grutste reden hat lykwols mei himsels te krijen. De partij begjint syn achtergrûn nei te lûken, mar it docht bliken dat er dy net hat. It bestjoer is bang dat Bobo yllegaal is en wurket him dêrom de partij út. It makket Bobo net safolle út, want hy hat de minske úthongen. Missy slagge. Hy klimt wer yn de beam en is in konklúzje riker: “Foar it earst begrypt Bobo dat it miskien better west hie as de minske derfan ôfsjoen hie om him oait út syn beam sakje te litten, op twa achterpoaten fierder te gean, syn hierrige ferskining yn te ruiljen foar in neaken bestean en syn soartgenoaten de earen fan ’e kop te eameljen.” (hst. 19).

aapbeam

Froon Akker
In aap klimt út ’e beam
Eigen behear, 2014
€ 4,95 (allinne as e-boek), keapje op www.froonakker.nl
ISBN: 9789081552011

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *