Willem Winters

Funksjonalisme of by Dokkum om

logo.ensafh

Ik ha nea in grut foarstanner/leafhawwer fan funksjonalisme west. Mar ek gjin 100% tsjinstanner. Wêrom soe men ek. Ekstremisten binne der dochs al sa’n soad yn ’e wrâld. Dus nim ik fakentiids in stânpunt yn, sadat ik net by de earste wurdwiksel yn ’e knipe kom.
Funksjonalisme yn ’e arsjitektuer kin best moai wêze, sa as dy wolkekliuwer fan Mies van der Rohe. It is by ekstreem funksjonalisme better út te hâlden as by oerdiedige fersiering, dat rûkt al gau nei kitsch. No ja, wat is der eins op kitsch tsjin?

Sydpaadsje: men soe ferwachtsje dat men yn in tv-programma as ‘tusken keunst en kitsch’ dúdlike grinzen lûke soe, mar dat is net it gefal. Komme de lju mei kitsch oansetten, dan begjinne de saakkundigen al te laitsjen foar’t se wat sizze. ‘Dat is kitsch mevrouw, het is een grappig ding, maar kunst nee, misschien geeft iemand er een tientje voor…’

Der binne ek kreaze foarbylden fan funksjonalisme dy’t nettsjinsteande harsels evoluearje ta fersiering. Nim bygelyks it Centre Pompidou yn Parys, mei syn fleurige kleuren.

It giet nuver op ekonomysk mêd: wylst it tal webwinkels tanimt giet de tradisjonele middenstân nei gychem. Mar mei inselde faasje ferskine oeral ACTIONS, dy’t meast oerstallige spullen oer de wrâld ferspriede.

DSC_0425

Ja, it is by Dokkum om mar no bin ik dêr’t ik wêze woe; want oerstallich of net, in heech kitschgehalte of net, ik fyn by de Action bytiden guod dêr’t ik sa bliid as in bern mei bin, en dat foar in pear sinten. De lêste kearen dat ik yn dy winkel omsneupte fûn ik in prachtsamling gommen! Yn de foarm fan frachtauto’s, taartsjes, en noch mear. It binne moaie kleurige dinkjes, dy’t ek noch útinoar naam wurde kinne. Do kinst mei dy stikjes gomje, al giet dat net echt handich, net funksjoneel dus. Nee, dan de gom fan ’e HEMA, kantige brokken sêfte matearje, mar folle mear as dat is der net oan te belibjen. Mar omraak gomje docht it.

DSC_0420

It is net oars, moarn helje ik de Action-gommen dy’t ik noch net haw. Net dat ik no safolle te gomjen haw. Hielendal net. Mar as samler wol ik de hiele searje hawwe. Dat is it fatum fan de samler.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op