Hedwig Terpstra

Beart Oosterhaven: ‘Der is sawol kontinuïteit as in protte fernijing yn de Fryske popmuzyk’

logo.ensafh

Beart Oosterhaven (1956) is berne en opgroeid yn Hitsum. Nei syn ûnderwizersoplieding hat er in skoftsje by de Afûk wurke. Dêrnei waard er by de Fryske Akademy (FA) oansteld as taalkundich meiwurker. Letter waard er dêr einredakteur fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken en wie er fan 1993 oant de reorganisaasje fan de FA yn 2009 koördinator fan de Musikologyske Wurkgroep. Oosterhaven hat sjueryfoarsitter west fan it Frysktalich sjongfestival Liet en fan it festival Liet International. Hy wie muzykredakteur by it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1978-1982 fan yn de redaksje siet, en hat fiif jier lang kollums skreaun foar de F-side, de wyklikse Frysktalige side fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Foar it wykblêd Frysk en Frij skreau Beart Oosterhaven resinsjes en artikels op it mêd fan muzyk yn de jierren 1989-1997. Fan 1976 oant 1981 wie er redakteur fan de dichterstelefoan Operaesje Fers. As dichter debutearre Beart yn 1974 mei twa fersen yn Hjir. Syn earste dichtbondel mei de titel De Polsslach, kaam út yn 1979. Syn twadde bondel In leech fermidden ferskynde tsien jier letter. Hy skreau ek fersen foar it tydskrift Trotwaer. Beart hat in gruttte passy foar muzyk en kin entûsjast fertelle oer benammen de Fryske muzyk. Hy skriuwt no geregeld muzykresinsjes foar Ensafh. Beart wennet mei frou Aukje yn Wjelsryp.

Foto: Joop van den Bremen

Foto: Joop van den Bremen

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik bin yn de krisistiid begjin tachtiger jierren begûn as skoalmaster yn Harns. De skoalle moast ynkrimpe en omdat ik der as lêste by kaam wie, moast ik der as earste út. Op dat stuit wie ik al mei LU-Frysk oan ‘e gong. Ik koe doe oan ‘e slach by it projekt Underwiislearienheden fan de Afûk, dêr’t ik in pear searjes multymediaal lesmateriaal foar makke ha. Dat projekt hat oant 1981 duorre. Ik wurke doe al gear mei in tal projekten fan de Fryske Akademy. Sa kaam ik yn de wurkgroep foar it meitsjen fan de twadde printinge fan it boek Twataligens. Doe’t ik de baan by de Afûk kwyt wie, hiene se by de Akademy ferlet fan in kopijtarieder-korrektor en ha ik dy baan krigen. Dat wie foar de helte fan de wurktiid, foar de oare helte ha ik noch kursussen organisearre by de Afûk. Op in stuit koe ik hiele dagen by de Akademy oan ‘e slach. Ik bin doe by dat prachtige ynstitút hingjen bleaun en ha allerhanne funksjes hân. Sa ha ik meiholpen oan de wurdboeken fan Willem Visser en oan it Wurdboek fan de Fryske taal en as spin-off ha ik begjin njoggentiger jierren de Nije list fan frjemde wurden makke.’

Wat dochsto by de Akademy op it mêd fan muzyk?
‘Ik bin al yn ’89 foar Frysk en Frij oer muzyk begûn te skriuwen. Op dat momint wie de Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy dwaande mei in grut boek oer de hiele skiednis fan de muzyk yn Fryslân. Ik ha foar dat boek earst in artikel oer lichte muzyk skreaun. Lammert Jansma, doe de direkteur, frege my oft ik net it hiele projekt op ‘e noed nimme woe. Ik ha dat dien en yn 1996 is it boek Muzyk yn Fryslân. Aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed útkaam. Dêr bin ik noch altyd grutsk op, want dat is de hiele syntetisearjende skiednis fan alles wat der oan muzyk yn en út Fryslân wie oan 1996 ta, sawol klassike muzyk, as hafabra, jazz, folk- en popmuzyk. Ik ha fan 1993 oant en mei 2008 yn de Musikologyske Wurkgroep fan de Akademy sitten. Yn 2006/2007 ferskynde it ûndersyksrapport fan KPMG en nei oanlieding dêrfan moast Lammert Jansma derút by de FA en kaam der in reorganisaasje. Ik koe doe noch mar twa dagen yn ‘e wike by de Akademy wurkje, as redaksjemeiwurker fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken. Doe’t Hanno Brand yn 2013 baas waard, ha ik der wer in dei by krigen. Dy dei mei ik ûnder oare besteegje oan musikografysk wurk.’

Wat dochst krekt yn dy ekstra dei?
‘Der lei in manuskript, de Musica miscella, in muzykbondel fan de Ljouwerter komponist Jaques Vredeman út 1602, mei lieten yn trije talen: Italiaansk, Frânsk en Midfrysk. Bernard Smilde hat syn libben lang mei dat manuskript dwaande west. Rudolf Rasch fan ’e Vereniging voor Nederlandse Muziekgeschiedenis hat him dêr ek op smiten en op in bepaald momint ûntstiene der ynterpretaasjekonflikten tusken him en Smilde. Ferline jier frege Hanno Brand my om de nije útjefte fan Musica miscella yn oparbeidzjen mei Rudolf Rasch ta in útdragen ein te bringen, mar doe wie de konsept-ynliedende tekst fan Bernard Smilde poater. Uteinlik kaam dy by Reinier Salverda, de eardere direkteur fan ’e FA, thús foar it ljocht. Ik bin doe út ein set en ha alles by de tiid brocht neffens de stân fan saken sa’t dy no is oangeande it Vredeman-ûndersyk. It is in twatalige útjefte wurden, yn it Frysk en yn it Ingelsk. It is de sechsde útjefte yn de rige ‘Musica Frisica’.
De Fryske teksten dêr’t Vredeman syn muzyk op komponearre hat, binne hiel lang taskreaun oan Gysbert Japicx. Ein sechstiger jierren is by in feiling yn Amsterdam de oarspronklike útjefte út 1602 boppe wetter kommen, wylst Gysbert Japicx yn 1603 berne is. Dy koe de Fryske teksten dus nea skreaun ha! Wy witte noch net wa’t dy Fryske teksten wól skreaun hat.
Ik bin de iennichste op de Akademy dy’t him mei it Vredeman-ûndersyk dwaande hâldt. De Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy bestiet noch wol, mar bestiet no hielendal út frijwilligers. Ik fyn dit hiel moai en spesjalistysk wurk: moatst ferstân ha fan muzyk, fan de talen, fan de skiednis. De nije útjefte fan Jaques Vredeman syn Musica miscella út 1602 sil nei alle gedachten yn febrewaris-maart 2015 ferskine.’

Do bist no 25 jier muzykredakteur. Hoe is dat begûn?
‘Begjin tachtiger jierren siet ik yn de redaksje fan Hjir. Ik ha ek yn de redaksje fan Operaesje Fers sitten, dus ik bin yn de literatuer begûn. Op in bepaald stuit skreau ik foar sawol Hjir as foar Frysk en Frij resinsjes oer literatuer. Yn 1989 kaam jild beskikber út it bedriuwsfûns foar de parse en Frysk en Frij waard oars opset. Ik ha doe ris op in redaksjegearkomste by haadredakteur Goasse Brouwer oanjûn dat der yn Fryslân in soad nije muzyk opkaam, de saneamde ‘Friese bries’. Dat wie tusken 1985 en 1990. Der kamen doe allerhanne Ingelsktalige bandsjes en der begûn ek aardich wat tekening te kommen yn de Frysktalige rock, bygelyks mei de band Reboelje. Ik fûn dat der wat mear en systematysk oer muzyk skreaun wurde moast yn Frysk en Frij. Goasse fûn it prima dat ik oer muzyk skriuwe soe, méi omdat er dêr net ien oars ta ree fine koe.’

P1000608

Beart Oosterhaven yn de Frânske Jura, mei op de eftergrûn Genève, july 2014. (Foto: Aukje Oosterhaven-Overal)

Wêr gong dyn earste muzykresinsje oer?
‘It earste stik dat ik doe yn 1989 skreaun ha, wie nei oanlieding fan in optreden fan Greetje Bijma yn it Frysk Museum. Greetje makke doe furoare as jazzy stimkeunstneresse en se hie krekt in plaat út: Dark Moves. It wie eins kurieus dat it stik oer Greetje gong. Yn de santiger jierren ha ik nammentlik anonym ek al oer muzyk skreaun. Ik siet doe op de Pedagogyske Akademy Mariënburg, Achter de Hoven yn Ljouwert, en ik wie goed befreone mei myn klassegenoat Willem Bekius. Willem wurke yn de fakânsjes as sjoernalist by it Frysk Deiblêd en dan moast er bygelyks oer foarstellings fan Tryater skriuwe. Hy koe net sa goed Frysk en dan gongen wy tegearre nei dy stikken en setten wy de jûns let in artikel yninoar foar it Frysk Deiblêd. Wy skreaunen ek tegearre artikels oer Fryske muzyk, bygelyks oer de soloplaat Land & Water (1975) fan Sido Martens. As Willem útbetelle waard, krige ik de helte. It is hiel grappich, want Willem en Greetje ha letter jierrenlang troud west. Krekt as moast it sa wêze, dat myn earste “offisjele” stik oer muzyk oer Greetje Bijma gong. Greetje hat in ynternasjonale karriêre makke. Willem is in pear jier lyn ferstoarn.’

Hoe gong it fierder? Do hast ek foar Omrop Fryslân wurke.
‘Ik hie jierrenlang in heale side yn Frysk en Frij oer muzyk. Yn 1997 moast dat blêd fan PvdA-deputearre Johanneke Liemburg ophâlde en bin ik, nei in lang tuskenskoft, oergien nei de F-side yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Ik bin trochgien mei it skriuwen oer muzyk foar Hjir. Foar Frysk en Frij skreau ik oer Ingelsktalige en Frysktalige muzyk en alle sjenres: jazz, pop, folk en ek oer klassyk as it sa útkaam. Foar Hjir beheinde ik my ta Frysktalige muzyk, in inkelde kear Stedfrysktalich. Utgeande fan de teksten skreau ik oer de muzyk. Soms behannele ik in stik of fiif, seis albums yn ien artikel.
Foar Omrop Fryslân ha ik in pear simmers lang bluesprogramma’s makke. Ik hie tsjin Rein Tolsma, doe haadredakteur, sein dat ik wol in rige programma’s meitsje woe oer de skiednis en ûntjouwing fan de lichte muzyk yn Fryslân. Net allinnich dus Frysktalige, mar ek Ingelstalige en Nederlânsktalige pop- en folkmuzyk. Yn 2003 gong Aly van der Mark mei pinsjoen as redakteur fan De Koperen Tún, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân, en foel der in gat yn de programmearring. Yn de maityd fan 2003 belle Rein Tolsma my op en frege er oft ik yn de simmer Aly har programma oernimme woe. By my krige it programma yn dy simmermoannen de titel: Makke yn Fryslân. Ik ha yn dat programma de hiele skiednis fan de lichte muzyk yn Fryslân behannele. Dat wie yn de moannen juny oant septimber 2003. Omrop Fryslân hat alle 14 ôfleverings fan Makke yn Fryslân op cd set. Der lizze setsjes fan dy cd’s, mei oanfoljende dokumintaasje, by Omrop Fryslân sels, by Tresoar, it Frysk Muzykargyf, it Frysk Popargyf en hjir op de Fryske Akademy.’

de fugel yn dy

Wat binne leuke en bysûndere dingen dy’tst meimakke hast?
‘By ien fan de útstjoerings fan Makke yn Fryslân siet Trinus Riemersma mei syn frou Dineke yn ‘e auto rjochting Frankryk en krekt sa lang as se dat ûntfange koene, hiene se it programma der op. Trinus en syn frou runden yn dy tiid út Frjentsjer wei Utjouwerij Venus. Doe’t se weromkamen, fregen se my oft ik ek in boek meitsje koe mei lietteksten fan de Frysktalige muzyk. Ik woe dat wol dwaan, mar woe der dan wol in goede, wiidweidige, ynlieding by skriuwe.
Uteinlik ha ik 100 lietteksten, dy’tst ek as gedicht lêze kinst en dy’t sûnder muzyk ek oerein bliuwe, fan 45 groepen en artysten opnommen yn it boek. Dêr ha ik in stik by skreaun oer de skiednis fan de Frysktalige folk en in stik oer de skiednis fan de Frysktalige pop/rock. Mei sin ha ik de streektaalmuzyk fan sokken as Doede Bleeker, The Feetwarmers en Irish Stew derbûten litten, want ik woe maksimaal de romte ha foar Frysktalich. In projekt lykas ditte kin winlik allinnich mar slagje ast sa’n grut argyf hast sa’t ik dat ha, ast der al sa lang oer skriuwst, want dan hast alles by de hân. En ik hie in deal mei Stichting Friesland Pop, dat ik harren Frysk Popargyf brûke mocht. It boek, mei de titel De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004, is yn 2005 ferskynd.

Ein 2004 ha ik de kopij fan it boek De fûgel yn dy ôfsletten. Fan de 100 teksten yn it boek moast ik nei de tiid noch de rjochten regelje. Fan Wybren Altena bygelyks, woe ik de ‘Ballade fan Longerhou’ opnimme – dat nûmer is troch Doede Veeman sa grut makke -, mar dêr moast earst yn de famylje oer kediisd wurde. Op grûn fan eardere minne ûnderfinings mei in oare Fryske útjouwer, krige ik harren tastimming net. En De Kast woe in lyts fermogen ha foar de rjochten fan harren nûmers. Ik ha doe tsjin de bandleden sein, dat de lytse útjouwerij Venus dat net opbringe koe. Bassist Sytse Broersma hat my doe op in bepaald stuit belle, om te sizzen dat De Kast dochs wol hiel graach yn myn boek woe. Dus doe moasten sy earst harren auteursrjochtebaas oerrede. Sa gong it ek mei Wêr bisto fan Twarres, dat hat ek wat fuotten yn ‘e ierde hân. Dus, it hat in soad tiid en muoite koste foar’t ik it boek echt publisearje koe.
Yn septimber 2005 ha wy it úteinlik presintearre mei in prachtich konsert yn Frjentsjer. Reboelje wie útinoar gongen yn 2003, der siet wat âld sear en der wiene kommunikaasjeproblemen. Ik hie goed kontakt mei de jonges dy’t ûndertusken Swee hieten én mei Marius de Boer, de eardere sjonger fan Reboelje, dy’t solo gongen wie ûnder de namme Mariusz. Ik hie beide “fraksjes” frege om op “myn” konsert in set te spyljen. Dêrby hie ik noch Nanne & Ankie út de folkmuzyk en Bricquebec, de doe langst besteande Frysktalige rockband. De eks-Reboeljemannen iggewearren earst al wat tsjin, mar op in bepaald momint hie ik it dochs foarinoar dat se allegear optrede woene.
By it konsert ha wy oars in bysûnder momint meimakke! Yn Frjentsjer wurke in man as grienteman en dy hie twa bern mei in erflike sykte, dy’t yn in rolstoel sieten mei slankjes en fan alles derop en deroan. Dy bern wiene teeners en hartstikke fen fan Reboelje. Doe’t Reboelje noch bestie, gongen sy nei suver alle optredens. Ik ha se dêr ek faak sjoen. De heit hie in grutte bus en dêr kamen de rolstuollen yn en sa gongen se nei de konserten fan Reboelje.
De presintaasje fan De fûgel yn dy en it konsert wie yn De Bogt fen Guné, en ik prate de boel oaninoar. Op in bepaald momint seach ik ta it rút út en dêr kamen dy twa jonges yn harren rolstuollen oan, by it Bolwurk del en oer it terras fan De Bogt rjochting it poadium. Alle minsken dy’t foar it poadium stiene, gongen fansiden, om plak foar harren te meitsjen. De jonges skoden der, lykas it folk Israël troch de Reidsee, sûverein trochhinne, want se móásten by it optreden fan Swee en dat fan Mariusz wêze! In pear wike letter wiene se stoarn, sa bot hie de sykte taslein.’

Hoe giet it no mei de Fryske muzyk?
‘Ik ha foar myn artikel “Under de stok opgroeid: Frysktalige popmuzyk anno 2014“, dat op www.ensafh.nl publisearre is op 4 desimber 2014, de stân opnommen fan hjerst 2004 en de stân fan no. Der wiene in tal kritearia dêr’t de groepen by de seleksje yn 2004 oan foldwaan moasten. Sa moasten se geregeld spylje en cd’s útbringe, der moast in bepaalde nammebekendheid wêze. Ast sjochst wat der yn 2004 wie en wat der yn 2014 is, dan binne in protte groepen ophâlden te bestean, mar per saldo komst no út op in winst fan 18 Frysktalige acts, en dat binne sawol groepen as solo-artysten.

Dat betsjut dat der in trochgeande groei west hat en der is ek in bepaalde stabiliteit fan in stik of 21 acts dy’t der yn 2004 ek al wienen, bygelyks trûbadoers lykas Gurbe Douwstra en bands as Xigatze, dy’t der no nóch binne. Der is ek wer in hiele oanwaaks fan nije nammen, bygelyks Wiebe Kaspers, dy’t no as pianist furoare makket by Syb van der Ploeg en Gé Reinders. Hy is hartstikke Frysk, skriuwt teksten yn it Frysk en komt aanst mei in twatalige cd, Frysk en Nederlânsk. De jonge dy’t krekt Liet wûn hat, Bruno Rummler, is ek hiel goed dwaande. Hy hat nei Liet International yn Oldenburg west en is dêr fyfde wurden. Gerbrich van Dekken is al wat langer oan ‘e gong. In pear jier lyn debutearre sy mei Bubbels, in hiele moaie cd, en sy giet ek troch mei it meitsjen fan prachtige dingen.’

En giet it goed mei it Frysk yn de Fryske muzyk?
‘As artyst moatst wol hiel motivearre wêze om dyn teksten yn it Frysk te skriuwen. It is folle bewurkliker as datst it yn it Hollânsk of Ingelsk dochst, want yn dy talen is yn alle gefallen fatsoenlik ûnderwiis. Dêr komt by, dat Fryslân in tinbefolke ruraal gebiet is. Yn Ingelân sjochst dat bands dy’t oer har hichtepunt hinne binne, noch altyd fan bygelyks Glasgow ôf, de hiele Midlands troch nei Londen ta, rûnom optrede kinne en dan it oare jier wer boppe-oan begjinne kinne. Yn Dútslân kinst bygelyks yn de grutte stêden yn it Ruhrgebiet as artyst goed oan ‘e kost komme. Beropsartyst Piter Wilkens hat yntusken alle poadia, lytse doarpen en gatsjes fan Fryslân wol hân. Profesjoneel is it al hielendal hast net te dwaan yn Fryslân, want sealhâlders wolle altyd foar in appel en in aai muzikanten boeke.
Watst hjir wol hast, is Omrop Fryslân. Dy’t omrop moat ‘libje’ fan de Fryske ferskes. Jan van Friesland waard yn 2010 haadredakteur en doe krigen wy ynienen mei yngong fan 1 jannewaris 2011 omropnonstop.nl, 24 oeren deis Frysktalige en Fryske streektalige muzyk op ynternet. En Gurbe Douwstra syn programma fan in oerke yn ‘e wike op sneon, Radio Froskepôle, waard útwreide ta fiif oeren yn ‘e wike.

Ik ha fan 2000 oant en mei 2006 foarsitter west fan de faksjuerys fan Liet en fan Liet International. Yn 2006 wiene wy mei Liet International yn Östersund yn Sweden, dat wie doe de fyfde edysje. Ik krige dêr kontakt mei in Sweedske produsinte dy’t nei oanlieding fan Liet International dwaande wie mei in rige fan tsien radioprogramma’s fan in oere oer minderhedemuzyk yn Europa. Sy frege oft ik dêr foar Fryslân oan meiwurkje woe. Se hat letter in dei by my thús yn Wjelsryp west en doe ha ik har allegear Fryske muzyk hearre litten. Dat programma kaam yn de simmer fan 2010 op ‘e lanlike radio yn Sweden en dêr binne in protte reaksjes op kaam. Ik ha doe in pear wike letter by Omrop Fryslân it idee lansearre, om by de start fan de kampanje foar de Fryske Top 100 2010 út ein te setten mei in “Wike fan de Frysktalige muzyk”. Op in bepaald momint krige ik in mail fan Wim Brons fan de Omrop, dat it oangean soe. Yn 2010 wie de earste Fryske Muzykwike en dêr ha se sûnt oan fêstholden. Yntusken hat yn 2011 ek de Top 1000 fan de Fryske muzyk by Omrop Fryslân te hearren west. Yn dy sin is Omrop Fryslân folle wichtiger foar de Frysktalige muzyk as de managers en de measte programmamakkers dêre sels faaks yn ‘e rekken ha!

Weima & Van der Werf draaie al lang mei yn de Fryske popmuzyk, mar songen altyd yn it Ingelsk. No ha se in Frysktalige plaat makke en yn ien kear brekke se troch, omdat Omrop Fryslân soks oppikt. Itselde foarbyld hast mei Grytz & Grize. Grize is Douwe van der Werff, dy’t earder yn Okke Hel siet. Grytz (= Grytsje Melchers) is in prachtige sjongeres. It duo hat earst in fantastyske plaat makke mei allegear Ingelsktalige covers, echt ûnfoarstelber moai, mar de plaat die hielendal neat! Yn 2013 makken Grytz & Grize in Frysktalige plaat: in grut sukses en se ha oeral optredens en in protte airplay op Omrop Fryslân. Johannes Rypma hat in Ingelske cd makke nei oanlieding fan syn twadde plak yn “The Voice of Holland” yn 2013: Play Me, in hiel aardige plaat. Mar op it momint dat er yn it Frysk sjongt, wurdt it moaier en oertsjûget it mear. No hat er in moaie Fryske ballad skreaun op basis fan in liet fan Greenday, nettsjinsteande de taalflaters prachtich autentyk. Fryske artysten as Piter Wilkens en Jaap Louwes brûke hieltyd gever Frysk yn har lietteksten. Ik fyn it in wûnder, ast sjochst wêr’t de artysten “weikomme” moatte, dat wy dan op dit stuit sa’n nivo berikt ha mei de Frysktalige muzyk.’

IMG_0028

Beart Oosterhaven tusken de gitaren, thús yn Wjelsryp. (Foto: Aukje Oosterhaven-Overal)

Binne alle sjenres fertsjintwurdige yn de Fryske muzyk?
‘Ja, eins alles is oanwêzich. Der is blues fan Chickens go Mad, in protte singer-songwriters, lykas Gurbe Douwstra en Piter Wilkens, en dêr is Bruno Rummler no bykaam. Der is sels Fryske happy hardcore, dat sjenre wie oars foaral populêr yn de njoggentiger jierren. En dan komt der sa’n geweldich nij talint as Jack Bottleneck, dy’t Amerikaanske slideblues spilet. Fenomenaal! Hy komt meikoarten mei in cd. Rob du Jardin is ek in geweldige artyst, nettsjinsteande syn kar foar mainstream-repertoire. Der is krekt in treflike nije cd fan Marcel Smit útkaam. Cd’s wurde yn de winkels dan wol net sa folle mear ferkocht (muzyk wurdt foaral downloaden), foar in artyst lykwols is it wichtich om geregeldwei in cd te hawwen dy’t er oanbiede kin oan de media. Op basis dêrfan kin er ommers media-omtinken krije en útnoege wurde om te spyljen! En by optredens, as minsken yn ‘e hite hei binne, kinne altyd wol cd’s oan ’e man brocht wurde.’

Makkesto sels ek muzyk?
‘Ik bin sels in beskieden muzikant. Lit my de teksten mar skriuwe. Aukje en ik ha wol hiele muzikale bern. Us âldste, Aaltsje, is toetseniste. Sy hat twa bern, lytse Aukje fan 5 en Tynke fan 2. Ik ha lytse Aukje al in keyboard brocht en ik ha ek noch in lytse elektryske gitaar foar har te stean. Us Maaike hat konservatoarium dien, sy is klassyk gitariste en se is muzykdosinte oan it Werkmankolleezje yn Grins. Sy wennet gear mei Nathaniël van Veenen, in jazzgitarist. Ytsje, ús jongste, is ôfstudearre as psychologe en sy is bugeliste by it fanfare-orkest CWO yn Grins. Se nimme by my thús wol dingen op en dan “boartsje” ik wolris wat mei. Ik sammelje as hobby gitaren dy’t yn de oanskaf (gauris healsliten) goedkeap, mar om te bespyljen fan in poerbêste kwaliteit binne.’

Do setst ek lietteksten oer.
‘Ja, yn 2000 ha ik in stik of 55 bluesteksten oerset yn it Frysk. Ik ha goede kontakten mei de organisaasje fan Aaipop en ha doe frege oft it wat wêze soe om dy nûmers op Aaipop te spyljen. Dat wie fuort klear, mar doe moast ik noch in band ha! By de bluesprogramma’s foar Omrop Fryslân hie ik om ‘e wike in band yn de studio foar in ynterview. Sa hie ik dêr in kear Henk Osinga fan Chickens Go Mad ek en Henk prate aldermachtichst moai geef Frysk. Ik ha Chickens Go Mad letter frege om myn oersettings te spyljen, mar de toetsenist, Frank Bergkamp, sette him yn it earstoan wat ôf, want hy woe leaver yn it Ingelsk optrede. Op in bepaald stuit kaam it dochs safier dat wy oan it repetearjen rekken mei de Frysktalige nûmers. “Hey Joe” fan Jimi Hendrix, dêr’t ik “Hee Jehannes” fan makke hie, wie ien fan dy nûmers. Frank Bergkamp moast de toetseparijen yn dat nûmer spylje. En dêroerhinne kaam de “skeurende” gitaar fan Herman Driesten. Sa waard it in fantastysk nûmer. Yn ien kear foel by Frank it kwartsje, hy kearde hielendal om en doe koene wy echt spikers mei koppen slaan. Chickens Go Mad hat úteinlik geweldich spile op Aaipop 2000 en letter ha se ek noch allegear optredens dien mei de Frysktalige nûmers. Yn 2001 binne der live-opnames makke fan de band yn Muzyksintrum Schaaf te Ljouwert. Alve fan dy nûmers binne op de cd Rau, blau en gau kommen.’

Do hast dit jier ek dyn 40-jierrich jubileum as dichter.
‘Ja. Ik bin net hiel produktyf as dichter, ik meitsje mar sa no en dan in fers. It moat by my hielendal te plak falle en dan ha ik in gedicht. It wurket by my net om der foar sitten te gean en allerhanne techniken ta te passen. De azem fan de poëzij sit der dan net yn. It gedicht “Robert Johnson”, dat yn Ensafh stiet, rôle metrysk en kwa rym samar út de pinne. Robert Johnson is in bluesheld mei in hiel ferhaal derachter. Hy hat yn syn libben, hy is 37 jier wurden, 29 ferskes opnommen. Dy stean alteast op syn namme, mar de measte binne net fan him, dy binne fan Son House. Ik ha ris in BBC-dokumintêre sjoen oer de skiednis fan de jazz mei in lyts sydpaadsje nei de blues. Son House fertelde dêryn, dat Robert Johnson earst mar in matige muzikant wie en letter op wûnderbaarlike wize samar ynienen spylje koe as de bêste. It ferhaal is, dat er by de Crossroads syn siele ferkocht hie oan ‘e duvel en yn ruil dêroar it talint as bluesmuzikant krigen hie. Johnson wie in echte womanizer en sa is er úteinlik oan syn ein kaam: in jaloerske “echtgenoat” hat him fergiftige. Son House die yn de dokumintêre ek út ‘e doeken dat de teksten foar in grut part fan him wiene en dat Robert Johnson dêr goede sier mei makke hie. Dat ferhaal, al is it op plakken faaks wat apokryf, hat my ynspirearre ta it skriuwen fan it gedicht “Robert Johnson”.

Yn it ramt fan de Fryske Muzykwike 2014 ha ik alle dagen in eigen “muzykgedicht” bydroegen foar it radioprogramma Noardewyn en ôfslutend waard dan de muzyk dy’t dêrby heart draaid. Dat, omdat ik no 25 jier muzykredakteur en 40 jier dichter bin. De earste gedichten ha ik oer de telefoan hearre litten, in bytsje it Operaesje Fers-idee, mar de lêste ha ik live yn de studio foardroegen. Dêr wiene ferskate bands, lykas De Hûnekop, Mooi Wark en ek The Dubliners, no de Dublin Legends (der sitte noch twa leden fan de orizjinele band yn). Sjonger Seán Cannon fan de Dublin Legends kaam nei my ta en sei dat er gjin wurd fan it gedicht “Robert Johnson” ferstien hie, mar dat er it in “great poem” fûn, omdat de kadâns fan it gedicht him sa bot oanspruts. Dat fûn ik in moai komplimint.

De earste twa gedichten ha ik yn 1974 publisearre yn Hjir en alle jierren skriuw ik wol wat. It is no sels sa, dat der wol wer genôch leit om in bondel fan te meitsjen. Ik doch dêr lykwols net safolle war foar. Doe’t myn earste bondels útkamen, fûn ik dat hiel cool, mar no fyn ik it ek moai om út en troch yn Ensafh te publisearjen.’

Filmke oer Wjelsryp, nei 3.20 minuten komt Beart yn byld

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op