Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

De redaksje noeget jo út om in sonnet te skriuwen

snein, 15 novimber, 2009
pjotr

De redaksje fan ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot (sjoch rjochts yn it iepeningsskerm by de yn hâldsopjefte fan de ôflevering ensafh) om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein. Wat by it skriuwen fan it  sonnet net as eask steld wurdt is dat ek krekt it skema fan ûnbeklamme en beklamme wurdlidden folge wurdt sa’t dat troch Van der Sloot oanjûn is troch de aaien mei de punt nei ûnderen (gjin klam) of de punt nei boppen (klam) te pleatsen.  Boppe it gedicht stean twa aaien, dy stean fansels foar ’sonnet’, de titel, mar de titel dy’t jo oan jo gedicht jaan wolle hoecht net perfoarst út twa wurdlidden te bestean. De fjouwer aaien ûnderoan it sonnet  stean foar de namme fan de auteur, yn dit gefal Koos van der Sloot. Dêr kin men dus gewoan jins eigen namme foar yn it plak sette. De ynstjoerde wurdsonnetten (stjoere nei: redaksje@ensafh.nl) sille pleatst wurde op ensafh, de auteurs krije der in passend kado foar. Ynstjoere sa gau as jo it sonnet klear ha, mar net letter as 7 jannewaris 2010.