Willem Winters

Kwetsber

logo.ensafh

Mear as 1,3 kilo weacht it en it telt 288 siden. In prachtboek mei prachtige foto’s, in boek vol kleur, in boek vol nostalgy, al dy moaie minsken mei harren kleurrike kultuer; in prachtboek fan Oxfam Novib, fergees foar de leden.

It giet om it boek Kwetsbare talen, wat gaat er verloren als een taal niet meer klinkt?. It antwurd stiet yn de ynlieding: ‘Gemeenschappen hebben hun taal nodig om essentiële informatie van generatie op generatie door te kunnen geven, van sociale gedragsnormen en godsdienstige overtuigingen tot kennis over hun natuurlijke omgeving. Wanneer een taal uitsterft, gaat deze kennis verloren.’ Der is in konstruktive oanpak nedich om taal en kultuer te beskermjen. Hieltyd wer wurdt by eltse taal fêststeld hoefolle minsken de taal noch sprekke en hoe nedich it is om wat oerbliuwt te rêden fan ’e ûndergong.

Scan 1

Dat klinkt allegear moai, mar sjoch nochris nei dy prachtige kleurefoto’s: dy lêste sprekkers fan in taal binne allegear opfarve of yn ’e klean set mei it each op de toerist, of se libje noch foar it grutste part tradisjoneel. Stel je foar dat in Volendammer yn fol ornaat of in Staphorsterke mei withoefolle rokken har sa melde foar regulier wurk, dat wurdt neat.

Oxfam Novib docht goed wurk yn de striid tsjin de earmoede, mei it konservearjen fan kultuer, mar de modernisearring kinne se net opkeare.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op