Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Maart 2015

logo.ensafh

Wy nimme de tried wer op wat dizze rubryk oanbelanget. Cornelis van der Wal hat it stokje fan Tryntsje van der Steege oernommen. In protte lêswille tawinske!

 

Poëzij

Albertina Soepboer
Herbarium

Frysk en Frij, Ljouwert 2014
ISBN 9789085660378
Ferkeappriis € 10,00

Yn de bondel Herbarium lit Albertina Soepboer sjen wat har as dichter nau oan it hert leit. Dêrom hellet se foar it ljocht wat se oan planten bewarre hat yn har herbarium. Dy planten roppe in wrâld fan passy en dea op. Tiid is net in line de fierte yn, mar in sirkel. Lykas by planten komme yn de fersen bloei en ferstjerren hyltiten op ‘e nij foarby. De fersen binne ek meiïnoar ferbûn troch har foarm. Sa makket de dichter in eigen wrâld yn herbarium en lit it oare achter de deistige wurklikheid sjen. Dat oare dat folle grutter is as allinne ús eigen tiid. Ek in tal Fryske dichters wurde dêrby as gids út de boekekast helle en krije op ‘e nij betsjutting.

H.M. Daams
Sjochst no wol
Elikser, Ljouwert 2014
ISBN 9789089547279
Ferkeappriis € 12,50

Dizze bondel jout in skets fan in wei nei bewustwurding en folwoeksenens wêrby’t ferkillende foarmen fan keunst in wichtige, gauris beslissende rol spile ha. De bondel bestiet út fjouwer tematysk oardere sykli, ferbûn troch trije oergongsfersen dy’t op harsels steane.
It earste part is wijd oan byldzjende keunst, wêrby’t de folchoarder fan de fersen al eat fan de ûntjouwing fan de dichter sjen lit. Yn it twadde part befine wy ús op it toaniel. It tredde part hat film as ûnderwerp en it lêste part fotografy, benammen aansichtkaarten.

Wilco Berga
Allinne en yn koar – Alleen en in koor

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062734658
Ferkeappriis € 15,00

Njonken de byldzjende keunst en it skriuwen, spilet lûd in grutte rol yn it libben fan Wilco Berga. Net inkeld muzyk, mar ek lûd fan wetter, wyn, bisten en deade dingen, lykas it ritmysk dokkerjen fan treintsjillen, it klapperjen fan in doar. Lûden dy’t soms in bysûndere betsjutting krije yn jins libben.
Dan noch it lûd dat minsken sels meitsje, allinne of mei-elkoar. Guon lûden binne foar altyd ferbûn mei mominten yn it ferline, moaie en minder moaie. Dy kinne jin samar yn ‘e tiid werom sette. Sa ‘t it kreakjen fan in trep by dat iene hûs heart. It is it motto fan dizze bondel: Lûd sit myn yn ‘t bloed.

 


Proaza

Anders M. Rozendal
Opgong nei Sint Vitus

KFFB, Dokkum 2015
ISBN
Ferkeappriis

Yn ’e fierste fierte hie Dora Knapen net tinke kind dat har libben nochris faai stean soe yn in kâld, wiet en wynderich Fryslân. Sa begjint dizze nije roman fan Anders M. Rozendal. Dora Knapen is in foars jongfrommes dy’t mear wol as it gewoane. Om dy reden giet se by definsje oan ’e slach. Dêr hat Dora har slinger.
By oefenings docht se foar gjinien ûnder en efter it stjoer fan ’e Mercedes Benz 290 GD fielt se har hielendal teplak. Mei de útstjoering nei Uruzgan wol Dora sjen litte wat se werklik yn ’e marse hat. Mar yn Uruzgan nimt korporaal Knapen in ferkearde beslissing en moat se werom nei de boargermaatskippij. Earst giet dat goed, mar letter… PTSS, posttraumatyske stress-steuring is de diagnoaze fan de psychiaters. Op in stuit reizget Dora nei Fryslân. Mei it opsykjen fan in âlde leafde hopet se har libben wer op ’e rit te krijen.

Manuela Köster
Tantalus III. Ferjilding

Elikser, Ljouwert 2015
ISBN 9789089547323
Ferkeappriis € 19,50

Spannend tredde diel oer Fayda Eldamaty wêryn’t alle ferhaallinen byinoar komme yn in ferrassend slot

Krekt as Fayda, de dochter fan de romrofte krimineel Safout Eldamaty, tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn.
It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te’n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline.

Yn dit ferfolch op Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte en Tantalus II Learjild, nimt Manuela Köster de lêzer mei yn de wrâld dêr’t it libben fan in minske net mear wurdich is as wat it

Durk van der Ploeg
Oer Atlantyske djipten

Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2015
ISBN 9033004666
Ferkeappriis € 17,50

Edom Koudenburg is fyftjin jier as er nei Kanada emigrearret. Yn dit ferhaal sjocht er werom op syn libben oan ‘e rûge westkust fan Newfoundland. Ynspirearre troch syn altyd briefskriuwende mem set er op papier wat de húshâlding oerkaam.
Striid tusken libben en dea wurdt hjir symboalysk werjûn yn in ivich konflikt tusken de minske en syn needlot.

Hylke Speerstra
Op klompen troch de dessa

Bornmeer, de Gerdyk, 2014
ISBN 9789056153359
Ferkeappriis € 25,00

Gewoane jonges wiene it. Se rûnen op klompen nei skoalle, waarden trettsjin jier en moasten oan’t wurk. Se waarden jongfeint, krigen alris in bytsje ferkearing. Doe’t hjir de oarloch dien wie, moasten se foar keningin en faderlân nei Indië. Want Indië wie dochs fan ús? ‘Wy batsten sa te sizzen op klompen troch de dessa. Mei de wiisfinger om de hoanne fan it gewear, want wy moasten earst wêze om te oerlibjen.’ De bleue jonges fan it Fryske platteplân bedarren yn in tropysk jongesboek. Mar hjir gie it op libben en dea. De jonges fan doe binne mannen fan fier boppe de tachtich. Lang ha se swijd mar no fertelle se. Harren wierheid is hurd, somtiden febjusterjend en oangripend. ‘Wy waarden de guerilla en eksekúsjes yn sleept.’ Hylke Speerstra heinde harren ferhalen en lei se fêst foar de takomst.


Ferskaat

Paulo Martina
Drie generaties Werkman

Bornmeer 2015
ISBN 9789056153380
Ferkeappriis € 25,00

Bijna zeventig jaar na de dood van Hendrik Werkman (1882-1945) heeft Museum Dr8888 een unieke tentoonstelling samengesteld over drie generaties Werkman. Dankzij Arne Werkman (1960), de kleinzoon van de beroemde kunstenaar, zijn vader Tap Werkman (1921) en de dichter/schrijver K. Schippers (1936) heeft Museum Dr8888 een van de grootste collecties H.N. Werkman in bruikleen verworven. Veel van de werken zijn nog nooit eerder geëxposeerd. De meer dan tweehonderd geëxposeerde druksels, aquarellen, schilderijen, grafiek en tekeningen zijn tevens opgenomen in deze catalogus. Maar dat is lang niet alles. Tap Werkman, zoon van Hendrik Werkman, heeft een enorm oeuvre opgebouwd dat zeker niet onderdoet voor dat van zijn vader. De ca. 150 werken die geselecteerd werden voor de expositie zijn in dit boek weergegeven.
Ook Arne Werkman heeft de creativiteit in zijn genen, hoewel die zich uit in een andere discipline: de muziek. Zijn composities werden en worden veelvuldig uitgevoerd in binnen- en buitenland door vooraanstaande musici. In deze catalogus is een CD bijgesloten met een selectie van de composities van Arne Werkman.

Tryntsje Nauta
Oranjekoek

Bornmeer 2014
ISBN 9789056153373
Ferkeappriis € 15,00/€ 39,50

Safolle bakkers, safolle oranjekoeken. In Frysk feest is net kompleet sûnder oranjekoeke. It swiete banket hat in lange histoarje en is útgroeid ta in feestlik symboal. Mar sa as ‘dè Fries’ net bestiet, hat ek dè oranjekoeke in soad ferskiningsfoarmen.Yn in ta fotostudio omboud buske gie keunstner Tryntsje Nauta op besite by alle trijeennjoggentich bakkers om harren oranjekoeke te fotografearjen.

Marjan Brouwer (red.)
Pjutten en beukers

Bornmeer 2014
ISBN 9789056153397.
Ferkeappriis € 15,00

In dit overzicht van tweeënhalve eeuw Friese kinderportretkunst worden veertig portretten belicht. Friese edelen en herenboeren die het konden betalen, lieten hun pjutten en beukers vol trots portretteren. Deze peuters en kleuters werden als prinsjes en prinsesjes aangekleed en vaak werden ze met een dier of speelgoed afgebeeld. Dat sloot niet alleen goed aan bij de beleving van de kinderen, maar had soms ook een symbolische betekenis.

Philippus Breuker
De opkomst en bloei van het Friese nationalisme

Wijdemeer, Ljouwert 2014
ISBN 9789492052049
Ferkeappriis € 35,00

Vrijdag 21 november is bij uitgeverij Wijdemeer het boek ‘Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875’ van P.H. Breuker verschenen. Het boek gaat over de krachten en omstandigheden die leidden tot het ontstaan van het Friese nationalisme in de periode tussen 1740 en 1875, een periode met een van de grootste verschuivingen in maatschappelijke verhoudingen die de westerse wereld heeft gekend. Het is gebaseerd op nieuw onderzoek en het leidt tot een nieuwe visie op dit ontstaan.

Boudewijn Boer
11 x 11 – Dwarsgezichten op de Friese elfsteden
Wijdemeer, Ljouwert 2015
ISBN 9789492052063
Ferkeappriis € 15,00

Met zijn fotoproject 11 x 11 maakte Boudewijn Boer een alternatieve Elfstedentocht, die uitmondde in een boek en een tentoonstelling in het Fries Museum in Leeuwarden. Elf Friese steden, elk in elf dwarse beelden, dat zijn 121 foto’s van dingen waar je normaal niet zo snel op let: vergeten plekken, ruimte die over is, ruimte die nergens toe dient of die nu eenmaal noodzakelijk aanwezig is, objecten waarvan je je afvraagt wie ze bedacht heeft, óf er wel iemand over nagedacht heeft en waarom ze er juist zó uit moeten zien. De achterkant van de stad – of de zijkant.

 

Sjoerd Andringa
Een poëtisch beeld van Fryslân
Wijdemeer, Ljouwert 2015
ISBN 978 949 2052 056
Ferkeappriis 19,50

Sjoerd Andringa is vooral bekend als persfotograaf, maar hij was ook beeldend kunstenaar. In de jaren dertig van de vorige eeuw volgde hij een opleiding tot meester-schilder. Hij wilde kunstschilder worden en na het behalen van de tekenakte kon hij als zodanig vanaf 1942 zijn brood verdienen. In deze periode hield hij in een boekje nauwkeurig zijn productie en daarbij behorende inkomsten bij. Hij noteerde in totaal maar liefst 679 werken.

Kees Kuiken
Van Broedertrouw tot Bildtweb

Wijdemeer, 2014
ISBN 9789492052032
Ferkeappriis 29,50

“Van Broedertrouw tot Bildtweb. De Friese gemeente Het Bildt in de lange twintigste eeuw”  is een kleurig drieluik van 125 jaar geschiedenis van een eigenzinnige plattelandsgemeente aan de Friese Waddenkust.

 

Ferskate auteurs
Alde leafde

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062734627
Ferkeappriis € 17,50
alde-leafde---web

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.

Berne- & Jongereinboeken

Vera Damhuis
Fronika de flie

Afûk, Ljouwert, 2014
ISBN 9789062739974
Ferkeappriis € 10,00

In lês- en teken-mar-mei-boek oer Fronika de flie
Fronika hipt by allegearre bisten en plakken del en wol oeral in tekening fan meitsje.
Sjoch wêr’t Fronika oeral telâne komt en tekenje mei har mei.

Hendrika Vis – de Ruiter en Bernard Roorda
Siem en Sanne sille fierljeppe

Uitgeverij Louise, Grou 2014
ISBN 9789491536274
Ferkeappriis € 8,50

Siem en Sanne sille fierljeppe is in bysûnder lês- en foarlêsboek foar bern tusken de 3 en 7 jier. In boek mei prachtige tekeningen en in spannend ferhaal.
It hûs fan Siem en it hûs fan Sanne steane ticht by elkoar, mar se kinne net by elkoar komme, want tusken de tunen sit in sleatsje. Hoe moatte Siem en Sanne no tegearre boartsje? Gelokkich hat de heit fan Siem in idee…
Ferhaal is fan Hendrika Vis – de Ruiter, tekeningen binne fan Bernard Roorda. It boek is 30 by 20 grut, mei in hurde omslach.

Mindert Wijnstra
Mei losse hannen

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062739844
Ferkeappriis € 7,50

Durk en Minke sitte op fuotbaljen. Sy kinne kampioen wurde en Studio F sil komme te filmjen. Mar it rint net allegearre neffens plan…

Lida Dykstra
De blauwe jonge
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062739837
Ferkeappriis € 7,50

Uniastate moat restaurearre wurde, mar de jonker hat dêr gjin jild foar.
De bern fan basisskoalle “De Opstap” helpe om jild yn te sammeljen. De jonker sil rûnliedings jaan. Earst is dêr net safolle animo foar oant Jort fertelt dat der in spoek yn de state is: de blauwe jonge dy’t ek op in skilderij stiet…

Jetske Bilker
De rommelwike

Afûk 2014
ISBN 9789062739967
Ferkeappriis € 7,50

Minke en Sjoerd binne jierdei en traktearje. Meester Jaap is lykwols net sa bliid mei alle rotsoai dy’t er dêrnei oer de flier fan it lokaal fynt…

Jan Schotanus
Om it hurdst!

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062739820
Ferkeappriis € 7,50

Flakby de freonen Jaap en Durk komme nije minsken op ‘e pleats te wenjen. It famke Ingrid hat in skelter en ek Jaap krijt de langferwachte skelter op ‘e jierdei. Wa kin it hurdst by de kuilbulte del?

Thys Wadman
In nije heit

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062734542
Ferkeappriis € 14,50

Ik bin gek op auto’s. Op gewoane auto’s, mar foaral op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.

Myn heit net. Dy hâldt net fan sport. Mar dy fynt ek hielendal neat oan auto’s. Hy hat it altyd drok mei syn angel en mei syn stomme fiskersboatsje. En dêr fyn ik wer niks oan. Ik soe eins wol in oare heit ha wolle. Ien dy’t wól fan sportauto’s hâldt. En fan fuotbal. Mar in heit kinst net sels útsykje en ik ha no ien kear dizze. Dat is spitich, mar it is net oars. Of…?

Ate Grypstra
Femke faalt (ebook)

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN ?
Ferkeappriis € 2,50

Femke faalt is in jeugdboek fan Ate Grypstra oer freonskip, leafde en flink wêze at net alles meisit yn it libben.

Dawn Sirett
It aldermoaiste trekkerboek
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062739875
Ferkeappriis € 14,99


Fierwei it aldermoaiste trekkerboek.
Giest in rûntsje mei op ‘e trekker?
Sjoch wat der achter de flapkes sit en harkje nei de lûden dy’t der achterwei komme. Fansels makket de trekker in protte lawaai!
Frysk,stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden.
De sensoaren foar de lûden reagearje op ljocht, soargje dus foar genôch ljocht.

Petr Horacek
Gekke Greta Goes

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 9789062737611
Ferkeappriis € 5,00

Soest ek wolris oars as de oaren wêze wolle? Greta Goes wol, se soe graach: Springe kinne as in kangoeroe en glydzje kinne as in pinguïn. Mar as se gromt as in liuw, wurdt it wol hiel spannend… en dan is it dochs wol handich om krekt sa te wêzen as alle oaren. Mar net altyd.


Marjet Huiberts
Wy ha der in geitsje by!

Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97889062739981
Ferkeappriis € 7,50

Op de bernebuorkerij ha se der in geitsje by. Thys giet der hinne te sjen. Watfoar bisten komt er tsjin? Wolst ek mei?
Lyts printeboekje op rym 12c5x15,5 sm. steand, ynbûn.

 

Audioboeken

Klaas Bruinsma (gearstaller en oersetter)
Blomlêzing út ’e Spaanse poëzij

Audiofrysk Easterwierrum 2014.
ISBN 978-94-6038-101-0
Ferkeappriis €6,50/€13,50

hoesSpaansePoezijlyts

 

 


En fierder…

Keapje it harkboek de Treastfûgel fan Hylke Speerstra yn de Boekenweek 2015 (7 – 15 maart). By oankeap foar minstens 12,50 oan harkboeken is it Boekenweekgeschenk fan Dimitri Verhulst der fergees by.
Yn maart is it Boek fan de Moanne ‘Skeind ferline’ fan Douwe de Graaf.

Op kommende wei:

Johan Fabricius (oersetting Anne Popkema)
De skipsjonges fan Bontekoe

Regaad, Grins 2015
ISBN 9789082197013
Ferkeappriis € 19,50

Hawwe jo opmerkingen en/as oanfollingen? Reagearje dan ûnderoan dit artikel!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op