Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ‘t grien ûntnaam fan ‘e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ‘t klokkelieden.

Ut ‘t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ‘t libben fierde,
oereage ‘t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ‘t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ‘t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ‘t fermidden mei ús plannen
en ‘t honk foar alle tiid ûnder de pannen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *