Willem Winters

Satie +

logo.ensafh

Eltse reklamelul hat him alris ûntdutsen: Erik Satie.
-Jonge, do witst net watst hearst. Kinst oeral by brûke.
-Ja, ja, dat witte wy al jierren.
It is as mei Van Gogh op de koekjetromp: tefolle, tefolle!

At jo jo dan as serieuze musisy presentearje wolle mei in programma mei allinne mar Satie, dan moat dat wol wat tige aparts wêze. En dat wie it wat Vocaal Drieluik [Wendeline van Houten, sopraan; Steven van Gils, tenor; Rixt van der Kooij, piano.] sneintemiddei 15 maart brocht.

Yn Nederlân is Satie ferpest troch de sêfte oanpak fan Reinbert de Leeuw. Gelokkich doarde Vocaal Drieluik der yn te batsen, sa at je fan Satie sels ferwachtsje soene. En fierder kaam ek de absurdistyske humor en de eroatyske kant fan Satie oan bar.

Ja, sa mei ik Satie wer lije.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op