Geart Tigchelaar

And the winner is…!

logo.ensafh

Men hat fansels altiten sa jins favoriten. Dan falt it net ta om in sa’n objektyf mooglik stik te skriuwen. Om dy reden sil ik dat yn de ûndersteande skôging ek net besykje, mar sil wol besykje om oan alle tolve nominearren foar de GJ-priis rjocht te dwaan. Mar dit stik is ek bedoeld om de diskusje op gong te bringen/fierder te bringen, dat sjit mar raak, soe ik sizze. Ik haw almeast myn eigen besprekken oanhelle. Dat is net út narsisme wei, mar domwei om’t it hjir giet om wat ik fan de nominearren fyn.

Sipke de Schiffart – Wat it is om bang te wêzen (2012)

Stikem bin ik grut fan fan de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen fan Sipke de Schiffart. En hjirby is dat net stikem mear. Op dy bondel haw ik ek stimd mei de poll op dizze webside. De Schiffart hat in grut skriuwtalint. Hy brûkt dat talint foar betiden sinistere en ûnderhûdske spannende ferhalen mei in morbide karakter en hat nei myn betinken dêrby in aparte toan yn ’e Fryske bellettry. Men wol der eins yn it genyp om laitsje, mar doart eins net, om’t men wit dat it sa net heart. Mar as men dit boek lêst en dochs allinnich yn jins lêsstoel sit, kin men lekker jins gong gean. Nei in pear ferhalen hat men de skriuwer al ridlikgau troch en wit men dat der wat oan sit te kommen. Mar it lêsgeniet bliuwt mei’t De Schiffart wit te boeien en men witte wol wát der krekt komt. Sa’t ik yn it besprek skreaun haw: ‘Der falt mei oare wurden in oeribelen soad te ûntdekken oan it debút fan Sipke de Schiffart.’ (Tigchelaar, 2013, s. 8). De bêste man is hieltiten nominearre foar alderhanne prizen dy’t Fryslân ryk is, mar fisket alle kearen wer efter it net. No hoopje ik dat it west hat om him de grutste literêre priis te jaan. Wat my oanbelanget skriuwt er alfêst syn namme op de balke yn it GJ-hûs.

Anne Feddema – De triennen fan Cheetah (2014)

In oare skriuwer mei in apart lûd is Anne Feddema dy’t ek nominearre is mei syn earste ferhalebondel. Apart yn styl, apart yn tematyk. Skilders, skriuwers, akteurs en neam alle soarten keunstners mar op fungearje yn syn ferhalen. Almeast keppele oan in gewoane Fryske jonge. Feddema kin net sûnder de keunsten, it is yntegrearre yn syn hiele wêzen en dat komt ta utering yn syn skriuwen. Men kin jin hearlik ûnderdompelje litte yn de fantastyske (yn beide betsjuttings fan it wurd) ferhalen. Grôtfol sitte de ferhalen en dat allegearre begetten yn Feddema’s – ik soe suver sizze wolle – bekende staccato-styl fan skriuwen. Ik bin der net fys fan en jou de surrealist, absurdist, dadaïst en humorist in grutte kâns, want De triennen fan Cheetah is wier in oanrieder (net oertsjûge? Lês Tigchelaar, 2015b). Nei dizze ferhalebondel noch net genôch? Hâld Ensafh yn de gaten, want Feddema publisearret gauris yn dat tydskrift. Feddema hat de GJ alris wûn. Dat no De Schiffart mar, net?

Elske Hindriks – In kop as in almenak (2013)

In boek dat in soad omtinken krigen hat is In kop as in almenak fan Elske Hindriks, pseudonym fan Elske Schotanus. In soad positive reaksjes, sa’t se moai opsomd stean op sirkwy.nl. Ik sil hjirby fuortdaliks mar earlik bekenne dat ik it boek net lêzen haw. Wêrom net? Dêrom net. Kin der net in reden foar jaan, men kin no ienkear yn ien libben spitigernôch net alles lêze. ‘It is hiel bysûnder hoe’t sa’n persoanlik boek mei hast yntime oantinkens en details dochs sa’n werkenber byld en universeel gefoel oproppe kin.’ konkludearret Tryntsje van der Steege op ensafh.nl. Fierder wurde der yn de besprekken ‘yntrigrearjend’, ‘nijsgjirrich’, ‘yndrukwekkend’, ‘Ek de humor ûntbrekt net yn dit boek’, ‘prachtige literêre styl’ en gean sa mar troch neamd. En elk is it der oer iens dat nettsjinsteande troch de partikuliere skiednis elkenien him der wol mei identifisearje kin. Krekt dat is it knappe oan it boek. No, De Schiffart, wurdt noch krap as ik de besprekkers leauwe mei. Mar wy hâlde moed!

Willem Schoorstra – Rêdbâd (2011)

…En geane fierder mei in pracht fan in histoaryske roman. Yn myn besprek neamde ik it Schoorstra’s magnum opus (Tigchelaar, 2011a), mar dat hoopje ik eins net. Ik hoopje dat dit ien fan syn magna opera is, dus dat de bêste man noch folle mear skriuwt. In boek oer it libben fan Pier Gerlofs is ûnderweis en soe ik ek graach besprekke wolle foar dit tydskrift. Willem Schoorstra is wakker aktyf as skriuwer en wurdt gauris mei dy pet op frege foar alderhanne dingen. Is hy op dit stuit ien fan de ferneamdste Fryske skriuwers? Yn alle gefallen wol ien fan de betteren yn myn optyk. Rêdbâd is histoarysk ferhipte goed ûnderlein en mei de tapassende ‘stiet-as-in-hûs’ argayske styl is dit boek mei ien wurd manjefyk. Wat moat ik der oars noch fan sizze? Ek dit boek goait hege eagen. Ik wit it wol, oars wie de skriuwer net nominearre.

Josse de Haan – Frou mei mandoline op sofa (2014)

Sterk staaltsje literatuer hat Josse de Haan ôflevere. De matador fan de Fryske literatuer mei faaks wol sein wurde. En Frou mei mandoline op sofa is in yntellektueel en literêr boekwurk dat mear as ien kear lêzen wurde moat om werklik trochkringe te kinnen ta de essinsje en yntinsje fan it boek. En komt men der dan wier wol oan ta? Mar is dat no net krekt it libben? It libben en de keunst? Yn it besprek haw ik it in syktocht neamd en neat is minder wier, want der falt in soad út te heljen en in soad oan te ûntdekken. Dit boek is perfoarst mei rjocht en reden op de longlist bedarre. Mar hy hat alris de GJ-priis krigen (al wie dat net foar in beskaat boek), dat ik soe sizze, no ien fan de oaren in kâns.

Jetske Bilker – It libben fan in oar (2012)

Tsjok boek haw ik wolris sjoen. Haw ’m yn de hannen hân en der ris trochblêdere, mar fierder as dat bin ik net kommen. Nee, ik bin net bang foar tsjokke boeken, mar bin der domwei net oan ta kommen. ‘Messkerp’, sa skriuwt Yvonne Dykstra op De Moanne. En Doeke Sijens skriuwt yn ’e LC: ‘De opset fan it boek is in fernimstich wûnder en hâldt de oandacht fan de lêzer muoiteleas geande.’ En by Hanneke de Jong is it boek der yngien as in preek yn in âlderling, nettsjinsteande guon kritykpuntsjes. No, dan moat dat noch marris wurde mei oare wurden. As hja al de GJ wint (ferwachtsje ik net, want dat wurdt De Schiffart), moat men dy al lêzen hawwe om der oer meiprate te kinnen, no.

Hylke Speerstra – Op klompen troch de dessa (2014)

As Josse de Haan de matador is, is Hylke Speerstra de feteraan fan de Fryske letteren. Speerstra is nominearre mei in histoarysk dokumint, it giet oer Fryske jonges dy’t yn Indië west hawwe of dy’t prinsipieel wegere hawwe. Ferhalen dy’t opskreaun binne troch Speerstra, it is dêrtroch net hielendal syn eigen ferhaal. Mar hy skriuwt it wol op sa’t it him útkomt en yn syn styl. ‘Betiden is it gâns detaillearre en wiidweidich, mar om’t it sa byldzjend en persoanlik is kriget men in yngeand byld by dy ellinde safolle tûzenen kilometers hjirwei en fan safolle jierren tebek.’ (Tigchelaar, G. kommendeweis). Dat mei sa wêze en it is in wichtich dokumint en it lêst as in jongesboek, mar dochs jou ik de foarkar oan folslein orizjineel wurk foar sa’n prestizjeuze priis. En Speerstra hoecht dêr net sneu oer te dwaan, want hy kriget grif noch wolris de GJ-priis foar syn hiele oeuvre. Soe it net, dat hawwe wy faker meimakke, no?


Ale S. van Zandbergen – Littenser merke (2013)

In boek dat ik wol lêzen haw, mar net besprutsen. Ek in boek dat in soad omtinken krigen hat, boppedat hat it ek al in priis as twa krigen. Wat my oanbelanget hoecht dêr net in Gysbert Japicx-priis by, want ik wie net sa botte entûsjast oer it boek. It sei my net al te folle, om mar net te sizzen dat de figuer fan Eeuwkje my op it lêst wat tsjin stie. It wie my te keunstmjittich opsetten en de ein wie dêrby foarsisber. Mar goed, it boek hat goede kritiken krigen en stiet net foar neat op de longlist, tink ik dan mar. De Schiffart bliuwt him wol de baas yn myn optyk. Mei gemak…

Margryt Poortstra – Kofje ferkeard (2011)

No moat ik goed yn myn ûnthâld djipje om dit boek wer yn it sin te bringen. Dêrmei doel ik net op it feit dat it boek faaks gjin yndruk makke hat, mar om’t it al hast sa’n fjouwer jier lyn is. Boppedat haw ik der oars net oer skreaun as in koart sinjalemintsje. Myn konklúzje wie ‘De ferhalen binne stilistysk tige sterk en knap ferteld.’ (Tigchelaar, 2011b) Dat is wier, mar it is nei myn betinken net in boek dat der útkipet en dêrmei goedernôch is om de GJ-priis yn de wacht te slepen.

Koos Tiemersma – Einum (2012)

Dat is wol it gefal mei Einum fan Koos Tiemersma, dat skreaun is ûnder syn pseudonym Froon Akker. In tige keunstich opsetten e-boek, dat ek nochris poerbêst skreaun is. In soad ferhaallinen, mar trochdat de personaazjes yn de ferskate haadstikjes yninoar oerrinne, is it goed nei te kommen. Dêrmei wurdt de konstruksje der allinnich mar knapper op. Yn myn besprek neam ik wat bonkjes, mar dat nimt net wei dat dit boek mei rjocht en reden nominearre is.

Marga Claus – Kompleten (2013)

De fjirde en lêste frou op de list is Marga Claus. Ik haw Kompleten net lêzen. Hie ik neffens Nienke Jet de Vries wol dwaan moatten, want ‘It boek makket yndruk en sil in soad minsken oansprekke.’ Ik betwivelje earlik sein oft ik by dy minsken hear, want de tematyk lokket my ien, twa, trije net sa bot. Mar ik sil objektyf bliuwe, want ek Jaap Krol is posityf oer it boek. Dus dan sil dêr grif in kearn fan wierheid yn sitte. Boppedat is it boek nominearre foar de GJ-priis en dêr hawwe ek betûfte lju oer gear west. Jo nederige besprekker sil him dêrom gau ynbine en oergean nei de lêste skriuwer.

Leo Popma – As gong dêr in oar (2013)

Dat is ek in knap stikje literêr wurk en mocht net ûntbrekke op de longlist, oars hie ik der wat fan sein. Ek dit boek fertsjinnet it, of better sein, freget om faker as ienris lêzen te wurden om it eare oan te dwaan. In keunstich opsetten roman yn Coetzee-eftige styl. Alles sa by delgeand en myn âlde besprekken werris ôfstoffe te hawwen, falt my op dat de boeken dêr’t ik it meast lyrysk oer bin, boeken binne dêr’t in soad yn sit, in soad út te heljen falt. Dat is mei As gong dêr in oar net oars, sa kinne jimme lêze: ‘Mei oare wurden, in soad streken op it doek, men kin der lang genôch foar stean bliuwe. It is in doek dêr’t men letter skoan werris foar stean kin om jin deroer te ferwûnderjen.’ (Tigchelaar, 2015c).

No, allegearre gjin ûnaardige boeken, om my sa mar ris út te drukken. Mar der kin mar ien de bêste wêze en dat is noch altiten Sipke de Schiffart. Nee, ik neam hjir net oare boeken dêr’t ik fan tink dat dy eins op de list moatten hienen. Boppesteande titels binne besletten foar ús gewoane folk om der wat fan te finen, dêr moatte wy it mar mei dwaan. En jimme moatte it dwaan mei myn oardiel, dêr’t ik graach reaksjes op krij!

Brûkte boarnen

Dijkstra, Yvonne: ‘De wierheid kreëare’, De Moanne (20 maart 2013).
Jong de, Hanneke: ‘Inoar yn de bek hingje as keunst’, Boekenbijlage.nl (3 novimber 2012).
Krol, Jaap: ‘Achter en om de kleastermuorren’, Friesch Dagblad (21 desimber 2013).
Meulen van der, Jelle: http://home.planet.nl/~meul2882/fries/Schotanus,Elske.html (riedplachte op 10-04-2015).
Reitsma, Meindert: ‘Fragminten fan in libben’, De Moanne (15 augustus 2013).
Sijens, Doeke: ‘In fernimstich wûnder’, Leeuwarder Courant, side 12 (14 septimber 2012).
Sijens, Doeke: ‘Oanienwei assosjatyf’, Leeuwarder Courant, side 6 (19 july 2013).
Steege van der, Tryntsje: ‘Libbene oantinkens omteare ta skiednis’, Ensafh (7 augustus 2013).
Tiemersma, Koos: ‘In kop as in almenak’, Froonakker.nl (23 maaie 2014).
Tigchelaar, Geart: ‘Rêdbêd’s Saga’, Ensafh, jr. 3, nr. 4, side 35-40 (2011a).
Tigchelaar, Geart: ‘Sinjalemint Kofje ferkeard’, Ensafh (23 desimber 2011b).
Tigchelaar, Geart: ‘Ien doarp, ien fûgeltsje, in soad ferhalen’, Ensafh (12 oktober 2012).
Tigchelaar, Geart: ‘Sa no witte jim ek ris…’, Ensafh, jr. 5, nr. 1, side 4-8 (2013).
Tigchelaar, Geart: ‘Tragyske skientme yn ’e parallely’, Ensafh (19 jannewaris 2015a).
Tigchelaar, Geart: ‘Groteske, humoristyske, aburdistyske, dadaïstyske en surrealistyske ferhalebondel mei hjir en dêr in bytsje tragyk’, Ensafh, jr. 7, nr. 1, side 47-49 (2015b).
Tigchelaar, Geart: ‘Unwennich omdoarmjend yn it ferline’, Ensafh (4 maart 2015c).
Tigchelaar, Geart: ‘Is in oarloch sels ferskriklik, de neisleep is dat likegoed.’, Ensafh (kommendeweis).
Vries de, Nienke Jet: ‘Tusken eachwink en ivichheid’, De Moanne (5 maart 2014).
www.sirkwy.nl (riedplachte op 10-04-2015).

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Arjan Hut Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Arjan Hut
Gast

Tige fermakke mei Sipke de Schiffart syn boek. It iene ferhaal knalt der noch mear yn as it oare en de skriuwer hat in noflike, natuerlike styl dy’t jin it idee jout dat alles wat er typt it lêzen wurdich wêze sil. In soad begraffenissen en rou-adfertinsjes, jawis, en ik bin ek wol benijd nei wat de froulju fan it boek fine. Men kin it iene boek net mei it oar ferlykje, mar ik bin sûnt ik foar it earst Charles Bukowski lies net sa fermakke troch in skriuwer. Dit liket my eksakt it soarte fan boek dêr’t de Rink… Lees verder »