Geart Tigchelaar

‘Is in oarloch sels ferskriklik, de neisleep is dat likegoed.’

logo.ensafh

Besprek Op klompen troch de dessa: Indiëgongers fertelle fan Hylke Speerstra

In keppel manlju stiet al mei bamboespearen en hakmessen om him hinne. Hy wrot him op ien side, dan op ’e rêch lizzend, as wol er him yn syn hiele hear en fear oerjaan. It stiel fan in hakmes wurdt him yn syn krús treaun. Hy wol sizze dat er him oerjout, siket om wurden yn de taal fan de oermacht. Se roppe en raze, hy begrypt dat er him útklaaie moat, besiket it, mar is ta neat mear yn steat. Dan wrame en snije se him alle klean fan ’e lea. De lea wurdt him oermânsk.
(s. 148)

Op klompen troch de dessa: Indiëgongers fertelle fan rasferteller Hylke Speerstra lêst betiden as in spannend jongesboek. As in té wier spannend jongesboek. Detaillearre en byldzjend wurde de aventoeren fan achttsjin Indiëgongers en saneamde ‘tsjinstwegerders’ beskreaun. Dat oanfolle mei gâns foto’s makket it boekwurk ta in weardefolle dokumintaasje.
Té wier stiet hjirboppe. Want men moat net tinke dat it boekwurk in romantysk byld oproppe wol. It wie oarloch en in oarloch is altiten ferskriklik. Men kriget troch it lêzen fan Op klompen troch de dessa in ynfielend ferslach fan hoe’t de oarloch yn Indië krekt nei de Twadde Wrâldoarloch troch gewoane Fryske jonges belibbe waard. Ferhalen oer dea, ferlies, fertriet, ûnrjocht en ûnwennigens. Guon sochten júst it aventoer op, oaren woenen harren der út plichtsbesef net foar wei wine, oaren wienen prinsipiële tsjinstwegerders mar waarden dêrom oppakt en opsletten yn ’e kazerne te Schoonhoven – ‘it plak dêr’t út alle macht besocht waard wegerders dochs noch “Indiëbereid” te krijen.’ (s. 248). Hast allegearre hawwe de jongemanlju in krekt bloeiende leafde thús dy’t hja efterlitte moatte. Allegearre hawwe hja maten ferlern. Allegearre hawwe hja in tryst ferhaal te fertellen. En Speerstra bringt de ferhalen op sfearyske wize ta de lêzer. Men fielt suver de kliemske hjittens en heart de kûgels fleanen.
De grutste wearde is faaks net de literêre kant fan it boek, mar de minsklike en histoaryske kant. De lêzer lêst troch dit boek fan binnen út oer de oarloch en hoe’t gewoane jonges yn ’e bloei fan harren libben der mei omwrakselen. En hokfoar grutte gefolgen oft it almeast hie. Details wurde jin net besparre, it wurdt wiidweidich út de doeken dien sadat de lêzer meifiele kin mei alle achttsjin fertellers. Dêrby komt ek de ûnrjochtfeardigens fan de oerheid op it aljemint. Krekt nei de Twadde Oarloch sette Nederlân perfoarst gjin suvere kofje. ‘Oerheden kinne wierheden ferswije, yndividuen net,’ (s. 294) sa seit frou Van der Heide, dochter fan in Indiëgonger, wyslik. Sa wurde in soad aspekten út dy tiid op it toaniel brocht.
Waarden soldaten net rekke troch in kûgel, dan koe it wêze dat hja in geslachtssykte oprûnen. Dy sykten wienen it twadde slachfjild sa’t Klaas Soeten ús te witten docht. ‘De hoer as frontsoldaat.’ (s. 213). Fier fan hûs en healneakene Indyske fammen, dan lôget der wat op by sokke jonge jonges. Der moat wol foarljochting west hawwe, mar dat hat net it measte jûn. It hat in soad deaden ta gefolch hân dy’t foar it gemak net teld binne as oarlochsslachtoffers.
It sechje fan dat men wol ien út ’e oarloch helje kin, mar krij de oarloch marris út dyselde wei, giet ek sekers op foar de Indiëgongers. De traumatyske neisleep is by elkenien grut. In soad mannen dy’t yn it boek in namme krije hawwe nea prate wollen oer wat hja yn Indië belibbe hawwe. Yn ’e dreamen komt it meastentiids nei de oerflakte. ‘…yn syn sliep die er it somtiden sa mâl, dan skodde er my as in kat trochinoar. Ik haw it wol hân dat ik moarns gjin knoop mear oan de pyama hie,’ (s. 155) fertelt de frou fan in Indiëgonger. In oaren slacht sa wyld om him hinne dat syn frou mei in bloednoas fan it bêd komt. It hie syn wjerslach op de hiele húshâlding.
It wurdt dúdlik út ’e ferhalen dat der fan neisoarch foar de jonge jonges absolút gjin sprake west hat. Hja stienen der folslein allinnich foar. Mar ek as der guon net weromkamen, koenen âlden en famylje net in soad stipe ferwachtsje.

‘In protte neibesteanden wiene al bot yn ’e steek litten troch oerheid, troch legerlieding en somtiden sels troch harren dûmny of pastoar dy’t net de moed hie om it swarte boadskip persoanlik oan de âlden oer te bringen. Ik ken ek in gefal dat de klean fan in sneuvele jonge nei hûs stjoerd waarden mei it bestjurre bloed der noch op.’
(s. 301)

Wer oaren besleaten om net werom nei Fryslân te gean, mar emigrearren nei Austraalje of Nij-Seelân. De Nederlânske oerheid propagearre dat ek, al moast elk it sels bestuiverje.
De ferhalen sa’t Speerstra dy optekene hat, wurde nochris oanfolle mei miny-ferhaaltsjes. Soks fersterket it persoanlike en anekdoatyske karakter. Bygelyks oer: In frou dy’t nea wer wat heard hie fan har eardere leafde. Doe’t se mei in oar troud wie, kaam se derefter dat in famyljelid de brieven fan him efterút holden hie. No woe hja witte as er noch libbe, mar in reaksje op de oprop die witten ‘dat har grutte leafde op in manmoedige wize oan syn ein kommen wie.’ (s. 49).

Lykas earder skreaun is de minsklike en histoaryske kant fan grutste wearde, mei’t achttsjin ferhalen fan noch libjende Indiëgongers optekene binne. It binne harren persoanlike wjerfarrens en ûnderfinings dy’t Speerstra sa goed mooglik werjûn hat. Dat wurdt oanfolle mei histoaryske gegevens. Sjoen nei de bibliografy hat Speerstra him goed ynlêzen yn ’e matearje.
Speerstra hat mei Op klompen troch de dessa in mânsk dokumint ôflevere dat in must-read is foar elkenien dy’t mear eftergrûn witte wol oer dy oarloch yn Nederlânsk-Indië. Betiden is it gâns detaillearre en wiidweidich, mar om’t it sa byldzjend en persoanlik is kriget men in yngeand byld by dy ellinde safolle tûzenen kilometers hjirwei en fan safolle jierren tebek.

klompendessa

Hylke Speerstra
Op klompen troch de dessa: Indiëgongers fertelle
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN: 978-90-5615-335-9
Ferkeappriis: € 25,00

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op