Andries Miedema

Mandelstam: Konsert yn it stasjon

logo.ensafh

Ik krij gjin lucht, om’t ‘t swurk fan maitsen krielt
en nergens is in stjer dy’t my wat meldt.
Mar der is muzyk dy’t it stasjon besiel’t,
faaks binn’ dêr sanggoadinnen mei besteld.
Soms dat it fluitsjen fan ‘e trein de klank fernielt,
alear’t de strikersgroep ta ien wer gearsmelt.

In park. De glêzen stolp fan de stasjonshal.
Betsjoend is ‘t ryk fan stiel en steam.
Yn ‘e bewalme, himelske gehoarseal, oer ‘t al,
spraat in wagon syn galmjend spul, ik neam:
in pauwegjalp en Steinway’s swiere tongfal.
Ik bin te let. Bin bang. Dit is in dream.

Fan fioelen klinkt dêr lûd it kleiliet
en ik gean yn ‘e hal, dat glêzen wâld,
dêr’t woast de wel fan ‘t nachtlik koar kryt,
de rook fan roazen yn in moffe kas tahâldt.
Dêr ûnder glês en yn ‘t gewoel rekke ik kwyt
it dreambyld dêr’t ik rjocht fan hâld.

En hiel dy stielen wrâld liket feroardield,
‘t is krekt as oft er jammerlik fersinkt
en op it glêsferwulft syn lêste noaten mielt.
Sjoch sa’t yn bline strykstôkeagen steam blinkt.
‘t Is op it lykmiel fan it teare dreambyld
dat de muzyk foar ús noch ien kear klinkt.

Oersetting nei it Frysk: Andries Miedema

Brûkte edysje: Spiegel van de Russische poëzie, Uitgeverij Meulenhoff (2000)
Oersetter: Peter Zeeman

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op