Janneke Spoelstra

Tetman 100 jier

logo.ensafh

Tajûn, Bitgum Merke oantinkens spilen net swak by, doe’t ik de kaarten bestelde foar de foarstelling 100 jier Tetman. In moaie gelegenheid om nochris yn Zalencentrum Groot Terhorne yn Bitgummûne te sjen. Mar it wie ek om dat iene ferske wer ris te hearren, dat my de earste kear dat ik it hearde, as njoggentjinjierrige, djip yn it moed taaste: ‘Dan komt de maityd’. It wie yn 1981, yn it krekt iepene doarpshûs fan Hijum. Hoewol’t ik it neitiid wol faker heard ha en de glâns noait mear sa west hat as dy earste kear, soe ik it no hearre kinne op it plak dêr’t it foar it earst foar publyk songen is.
De âlderein dy’t ik meifrege, stimde graach ta. Tetman? Dy is dochs al lang dea? O, sa. Ja, dat wolle wy wolris sjen! In santiger, twa tachtigers. In njoggentiger frege earst oft it op middei wie. Ja? Dan wol. De jongerein heakke ôf. Nee, neat oan. Seit my neat. Oare drokten.

It wie ôfrûne sneintemiddei eins fierstente moai waar om binnendoar te sitten, mar dochs strûsde it terras samar leech doe’t de seal om 14.30 oere iepengie en waarden stokken en rollators yn ’e striid goaid foar de plakken foaroan.
Rients Gratama en Leny Dykstra spilen en songen poerbêst. De muzikale begelieding fan Clara Rullmann wie tige. It wie in foarstelling mei âlde eleminten, sa as ferskes en sketskes út De tiid hâldt gjin skoft. Mar der wiene ek nije eleminten ynbrocht, lykas i-Pads (dat in bytsje foarsisber ferbûn waard oan in aaisiker syn ‘aaipet’) en ‘DNA’, dat yn ’e fjirtiger en fyftiger jierren noch net in oerbekend begryp wie blykber. Rients: ‘DNA, dat bestie doe noch net. Genen ek net. Ja, je hiene dizzen en genen.’
Dy’t ik in bytsje hope hie te moetsjen (oangeande dy merke-oantinkens), wiene der net. Dat hie ek al in tref west mei safolle foarstellingen. Mar de seal siet fol. En Tetman syn wurk taaste my wer yn it moed. Nét it ferske, mar dat al dy âlderen al dy ferskes sa hertstochtlik meisongen. En ik stelde my de âlde minsken om my hinne foar as jonge minsken, mei harren peer groups op boppesealen en yn tinten. 50, 60, 70 jier lyn.

De foarstelling wie ek ynformatyf. Sa hearde ik hoe’t de âlden fan Tetman en dy hieten. Leny har pake en beppe dus, dêr’t se sa wolkom wiene, as se hielendal op ’e fyts út Ljouwert wei dêr kamen. As beppe tsjin Leny sei: ‘Fanke, do bist jim heit ta de mûle út stapt!’ En dat de âldelju harren bern, doe’t dy optreden yn ’e tún fan it Popta-slot yn Marsum, yn Bitgummûne sjongen hearre kind hiene.
Ik tocht oan hoe’t begjin tachtiger jierren op Bitgum Merke immen noch yndruk meitsje koe, mei te sizzen famylje fan Tetman te wêzen. Mar as dy heit sa hiet en dy hiet sus en dy sa, betocht ik, dan koene dat noait, lykas ponearre, neven wêze. Sneintejûn thús, achter de kompjûter, socht ik it út, want dat kin no maklik mei De krant van toen. – Ik seach, trouwens, dat der noch in âldere broer wie fan ’e fjouwer bruorren en twa susters, dy’t dus noait meispile hat. – De konklúzje wie dat de ponearre neven heechút achterneven wêze koene. Miskien wie it jeugdige ûnwittendheid en miskien wie it oanstriid om Tetman en dy tichterby te heljen.
Sa hat ek ien my meardere kearen ferteld dat Jarich neist in famyljelid fan har yn it sikehûs lein hie. En dat Tetman dan op besite kaam. Dat lêste wie wol sa – sa die bliken út neipetear – mar it wie net Jarich yn it sikehûsbêd, mar in buorman.

Moat ik noch neigean oft de iene muoike wier, sa’t se sei, by in audysje op twatal stien hat (doe’t Riek Landman it waard). It soe samar kinne, muoike is in artyst. En soe it wier wêze dat de oare muoike De tiid sjoen hat yn Stiens yn it kafee, of dochs yn in tinte of yn Ljouwert yn ’e Harmonie?
Oft in santiger De tiid sjoen hat of in oare Tetman-revu?
In leeftiidsgenoat sei my dat er Tetman noch wol spyljen sjoen hie. En ik begûn te tinken, hy wol en ik net? Miskien haw ik him dochs ek wolris spyljen sjoen, betocht ik, doe’t er mei soan Tsjip of dochter Leny op paad wie. Hoe langer ik der oer neitocht, hoe wisser ik der fan waard.

Dat it yn 1981 yn Hijum net Tetman wie, dêr bin ik wol wis fan. Dat wie it Selskip Roel Bergsma. Mar docht it der fierder wat ta? En oft it keunst of folkskeunst of kitscherich wie, wat jout it? It wie wat!
Sa’t Rients sei: ‘Tetman wie de freon fan elkenien.’

———–

Alle foarstellingen binne útferkocht, mar wa wit komme der noch ekstra foarstellingen: http://www.tetman100.frl/nl/over-de-voorstelling/

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op