Eric Hoekstra

In boer eksperimintearret mei Viagra

logo.ensafh

 

Bring ta syn essinsje
de âlde sater werom.
Wyn jout elk lisinsje
en strún yn Leafde om.
Reitsje op Rokjedei eagen oan,
ûnmeilydsum is it froulik machtsfertoan.

De homeie is yn stien en toer ferankere,
swaait iepen as de god him oppenearret
op in Jaguar lutsen troch twa hynders,
want it bist bringt it meganyk op gong.

Blaupiltsje rydt foar wûnder, mar it hert
jout belies en blaublomkes op it grêf
bringe gouden bloeitiid yn it ûnthâld
fan de boer dy’t oan syn hurde reis begjint.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op