Cornelis van der Wal

Nij op ’e planke Juny 2015

logo.ensafh

Poezij

Abe de Vries
Brek dyn klank

Gerben Rypma Stifting, Blauhûs 2015.
ISBN 9789081581820
Ferkeappriis € 15,00

Brek dyn klank is poëzij, skreaun troch in heit foar syn bern, dêr’t it libben trochhinne gien is. Taal, tusken langst en ferlies, begjin en ein, is net ûnskuldich mear, mar jout sawol omearming as ferantwurding. Taal dy’t fertart is feroare yn taal dy’t tsjûget fan ferynderliking. Hjir sprekt in dichter dy’t wit wat er fan it libben ferwachtsje mei, en foaral wat nét, wiis wurden troch eigen ûnderfining.

Hinke Veenstra
Lang om let : Fryske gedichten en foto’s
Eigen behear, Drachten 2015
ISBN ?
Ferkeappriis € 10,00

Yn “Lang Om Let” kombinearret Veenstra 36 fan har Fryske gedichten mei ek 36 eigen foto’s.

Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn it libben fan Hinke Veenstra. Dit is net allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har skilderijen. Hinke’s wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In oantal Blues-teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube.

Har wurk is in utering fan it yntuïtive, naïve en puere sjen en belibjen fan de wrâld. Har fotografy stelt it deistige sintraal, mar jout de taskôger dêryn faak in net alledeistige ynfalshoeke.

Ferskate auteurs
It museum fan binnenút/Het museum van binnenuit
Museumwinkel Natoermuseum Ljouwert 2015
ISBN 9789088601156
Ferkeappriis € ?

Gedichten in het eerste katern in het Fries, in het tweede katern de Nederlandse vertaling. Samenwerkingsproject van Natuurmuseum Fryslân met Tresoar en de Nederlandse Kring van Tekenaars (NKvT).

Elmar Kuiper
Granytglimkes (twadde printinge)
Bormeer De Gerdyk 2015
ISBN 9789056152635
Ferkeappriis € 12,50

[…] As koe Kuiper allinnich op dizze wize, yn dizze taal, syn folslein eigen poëzij skriuwe en syn ferburgen martelkeamer iepenstelle foar it publyk. Keapje in kaartsje, achte lêzer. Lês, ferwûnderje en fernuverje dy. En huverje.  Abe de Vries, Friesch Dagblad

Tsjisse Hettema
Heehoo Heehoo – De leafde is as de mage fan in ko
Frysk en Frij, Ljouwert 2015
ISBN 9789085660385
Ferkeappriis € 5,00

Tsjisse Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten.
Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel út. Fjouwer jier letter ferskynde de opfolger.

Proaza

Frédéric Lenoir (oersetting Jacobus Knol)
It Geheim
KFFB Dokkum
ISBN 9789491971051
Ferkeappriis € 16,00


Emilie wie de iennige dy’t seach dat der wat nijs yn de eagen fan har soan lei, wat ûngrypbers, in riedseleftich ljocht dat har tinke liet oan de inerlike blidens dy’t hjasels fielde as se yn har geheime nis seach. Se wist dat Pierre it wêzentlike foar himsels hold, mar hja sei neat. Wat is der dochs bard yn dat âlde, ferlitten wynhôf, dêr’t se Pierre Morin bûten westen weromfûnen nei’t er twa dagen spoarleas west hie? Yn it doarp fregen de lju it har allegearre ôf en se besochten út te finen wat it geheim fan Pierre Morin wie… Dizze boeiende roman dy’t it midden hâldt tusken in filosofysk ferhaal en in thriller, giet oer wat echt fan wearde is yn ús bestean.

Sjieuwe Borger
Eksamenjier
Hispel Wiuwert 2015
ISBN 9789074516167
Ferkeappriis € 15,00


Mei de roman Eksamenjier slacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriiuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

Charles Dickens (oersetting Geart fan der Mear)
David Copperfield
Elikser, Ljouwert 2015
ISBN 9089547576
Ferkeappriis € 37,50

Dit bekendste boek fan de 19e ieu giet oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren. Mar ek oer in sterkere macht, de macht fan suverens fan motiven en betingstleaze tawijing, tagedienens en leafde, sa’t wij dy sjogge yn de ûnferjitlike bernefaam Clara Peggotty, de âldmuoike Betsey Trotwood, de styfheit fan Em’ly, en David syn skoalkammeraat Tommy Traddles. En, yn de wurden fan Dickens sels: hoe kinne wij leare fan de earste ferkearde ynjouwingen fan ús ûnbelearde hart? In ûnferjitlik boek.

Meindert Bylsma
Allegearre snie

Elikser, Ljouwert 2015
ISBN 9789089547620
Ferkeappriis € 14,95

 

De biljertklup ‘Krijt op tijd’ wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op ’e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek ‘de Blomkes’ neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa’t de gewoante is fan ‘de Blomkes’, komme se ta ferrassende ûntdekkingen. In fermaaklike misdiedroman.

 

Anne Frank (oersetting Jacobus Q. Smink)
It Achterhûs (twadde printinge)

Afûk, Ljouwert 2015
ISBN 9789492176059
Ferkeappriis € 12,50

Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy’t de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard.

Foar it boek jildt in aksjepriis oant en mei 30 juny fan € 12,50, dêrnei kostet it boek € 17,50

Frysk, paperback, 320 siden, Afûk Ljouwert

Yn juny wurdt yn Deinum it iepenloftspul “It deiboek fan Anne Frank” spile. Sjoch op www.itdeiboekfanannefrank.nl

 Sjoerd P. Hoekstra
It ferdielde libben
Frysk en Frij, Ljouwert 2015
ISBN: ?
Ferkeappriis ?

Scanned-at-17-6-2015-18-27

‘Romanteske oarlochsreportaazje.’

Johan Fabricius (oersetting Anne Tjerk Popkema)
De skipsjonges fan de Bontekoe

Regaad, Grins 2015
ISBN 9789082197013
Ferkeappriis € 19,50

Het leven van een mán jongens, gaat nooit zonder stormen voorbij.’
Bekende wurden foar wa’t oait it ferneamde jongesboek De scheepsjongens van Bontekoe lêzen hat.
It ferhaal fan de ûngeloksreis fan skipper Willem Ysbrantsz. Bontekoe en syn ‘Nieuw-Hoorn’ is tige bekend. Op basis fan it orizjinele 17e-ieuske skipssjoernaal fan Bontekoe hat Johan Fabricius yn 1923 syn ferneamde jongesboek skreaun. It boek mei de aventoeren fan de trije skipsjonges Hajo, Padde en Rolf is al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, as strip útjûn en ek al oerset yn acht talen – en no ek yn it Frysk!: “It libben fan in mán giet net sûnder stoarmen foarby.”

Ferskaat

Jelle Krol; Abe de Vries; Durk Gorter; Meindert Reitsma
Tresoar, Ljouwert
Fryslân en de wrâld 2.0

ISBN: ?
Ferkeappriis € 10,00

Essees by de lêzingen Sirkwy Sympoasium 28 maart 2015.

Abe de Vries
Erfskip & krisis
De Contrabas, Utert/Ljouwert 2015
ISBN 9789079432905
Ferkeappriis € 17,50

De Fryske literatuer kin net begrepen wurde sûnder syn skiednis derby te beheljen. Yn dizze twadde esseebondel fan dichter, publisist en sjoernalist Abe de Vries, nei Identiteit en kowesturten, is wurk sammele út de jierren 2008-2014. De skriuwer bejout him net inkeld op it mêd fan de literatuer, de literatuerskiednis en it literêre ûndersyk, mar ek op dat fan it ynterview en de regionale skiednis. Boppedat giet er op syk nei syn eigen biografy.

John Melis en Mark Koopmans (red.)
Fiskatlas Fryslân
Bornmeer, De Gerdyk 2015
ISBN 9789056153465.
Ferkeappriis € 25,00

Fryslân kan met recht een waterrijke provincie genoemd worden; het Friese merengebied, de laagveenmoerassen en de slotenrijke polders in het veenweide- en kleiweidegebied kunnen beschouwd worden als wetlands van formaat. Het leven in de wereld onder water onttrekt zich echter grotendeels aan onze waarneming. In bijna alle wateren is vis te vinden, maar het ene water is het andere niet. Er zijn grote verschillen in de kwaliteit en de geschiktheid van het water voor vissen. De aanwezigheid van vissen zegt daarom iets over het water en de waterkwaliteit. Deze atlas werpt een blik onder water, voor zover dat betrekking heeft op het leven en de verspreiding van vissen.

Elizabeth de Groot

Laet doch niemant dese brief leesen. Vrouwenbrieven uit Friese familiearchieven 1600-1800
Bornmeer, De Gerdyk 2015
ISBN 9789056153489
Ferkeappriis € 17,50


In de historische familiearchieven van Tresoar zijn een groot aantal persoonlijke brieven van vrouwen te vinden, waarvan er nu een zestigtal gebundeld zijn in de uitgave ‘Laet doch niemant dese brief leesen. Vrouwenbrieven uit Friese familiearchieven 1600-1800′. De auteur Elizabeth de Groot heeft de brieven ontcijferd, hertaald en van een inleiding voorzien.


Anton van Renssen
In naam van Cornelia

Louise, Grou 2015
ISBN 9789081974882
Ferkeappriis € 17,50

Op 18 mei 1915 werd de Cornelia-Stichting opgericht in Beetsterzwaag. Het initiatief daarvoor was genomen door Jacob baron van Pallandt, nadat hij in 1896 het vermogen van zijn zwager Reinhard Boelens baron van Lynden kreeg toebedeeld.

Aart Cornelissen
Fryske frijbûtsers
Afûk, Ljouwert 2015
ISBN 9789492176011
Ferkeappriis € 5,95

De aventoeren fan Oebele en Abele – Fryske Frijbûtsers. In humoristysk stripboek fan Aart Cornelissen oer de Fryske Frijheid.

Wim Visscher
Verveningen en verveners in Friesland

Wijdemeer, Ljouwert 2015
ISBN 9789492052094
Ferkeappriis € 35,00

Grote delen van Friesland waren vroeger bedekt met veenmoerassen. Het oostelijk deel (de Wouden) van de provincie stond bekend om zijn hoogveen, terwijl het zogenoemde Lage Midden van Friesland het gebied van de laagveenmoerassen was. Het Lage Midden omvat de brede strook van lage landen, meren, plassen en poelen, die zich vanaf Staveren en Lemmer noordwaarts uitstrekt tot even ten zuiden van Dokkum.
Beide onderdelen, de hoogveen- en de laagveengebieden, maken deel uit van dit boek. De auteur beschrijft in ieder hoofdstuk over een bepaalde periode één of meer Friese verveningen en de rol van de daarbij betrokken – al dan niet met veencompagnieën verbonden – personen en families.

Pieter Breuker
Ljip en aai yn hert en holle
Wijdemeer, Ljouwert 2015
ISBN 9789492052070
Ferkeappriis € 25,00


Yn it boek Ljip en aai yn hert en holle fan Pieter Breuker steane de ljip, syn aai en it aaisykjen sintraal. De skriuwer hat foar syn ûnderwerp trije ynfalshoeken keazen: it gefoel (hert), de ferwurking dêrfan yn wurden en bylden (holle) en it aaisykjen sels. Mei-inoar binne goed 100 skilderijen, tekeningen, oare yllustraasjes en (fragminten fan) gedichten en ferhalen oer de ljip en it aaisykjen opnommen.

Berne- & Jongereinboeken

Riemkje Pitstra & Luuk klazenga
Tomke útfanhûs
Afûk, Ljouwert 2015
ISBN 9789492176035
Ferkeappriis € 6,50

Tomke sil by Yana Yu útfanhûs. Hy nimt al syn koesers yn syn kofferke mei. As se op bêd sille, fynt Tomke it dochs wol wat spannend! Yana Yu helpt him om al syn koesers út te pakken en mei syn allen falle se dêrnei lekker yn ‘e sliep.

Dieuwke van der Meer-Posthumus
Mem, fertel!
Afûk, Ljouwert 2015
ISBN 9789062738335
Ferkeappriis € 7,50

Wa wie mem har bêste freondinne?
Wannear kaam mem ús heit tsjin en wat makket mem gelokkich?
In boekje fol fragen foar mem en in moai oantinken foar de bern.

Audioboeken

Ferskate auteurs
Fryslân en de wrâld 2.0
Audiofrysk, Easterwierrum 2015
ISBN 9789460381034
Ferkeappriis € 12,00

It harkboek fan it fyfde Sirkwysympoasium is no te keap.
Jonge Friezen mei kulturele ambysje.

Hawwe jo opmerkingen en/as oanfollingen? Reagearje dan ûnderoan dit artikel!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *