Teleks: Aldste Frysk op perkamint

logo.ensafh

(Tekst fan Fryske Akademy op Facebook)

Aldgermaniste Erika Langbroek fan Amsterdam is op it spoar kommen fan fjouwer snipeltsjes perkamint, dêr’t acht Aldfryske wurdsjes op skreaun binne, as glossen by Latynske psalmen. Dêrmei is dit it âldst bekinde Aldfrysk oant no ta. Han Nijdam, ûndersiker Aldfrysk oan de Fryske Akademy is út ’e skroeven oer de fynst. “Dit nije fragmint toant oan dat der al koart nei 1100 Aldfrysk skreaun waard.”

Selection_093

Foto: LC

Sjoch ek by Omrop Fryslân

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments