Willem Winters

Hûnen en hynders

logo.ensafh

Wy wiene mei de Pinkster op de kemping yn Lettelbert. Hearlik rêstich, allinne wy en noch in kerreven. Yn De Like wie in eksposysje fan Otto Eerelman. Ik koe syn wurk fan plaatsjes yn boeken en in inkeld skilderij yn in museum en no yn ’t echt! Hûnen en hynders! Mar och hear, der foelen nochal wat skilderijen ôf. Foar my wiene der trije kategoryen; ien: hûnen en katten, twa: portretten, trije: hynders – yn dizze folchoarder. De hûnen en katten, mar fral de hûnen, hat er prachtich typearre, benammen harren gedrach.

Dat is yn de portretten al minder it gefal. It binne knap skildere portretten, mar se jouwe neat bleat fan it ynderlik fan de persoanen. En dan de hynsteskilderijen… freeslik. Eerelman liket sa’n hûndert jier foarút sjoen te hawwen: hy hie wol gjin kompjûter, mar hy hie wol aan fan knip-en-plak-fotosjoppe. By it hynderportret giet it om it baaske. Dy wol it bist yn in soarte ideale stân en hâlding op it doek hawwe. Neat gjin spontaan gedrach, neat gjin oandwanings. Dy hynders binne kâld, ôfhâldend. Harren hechhertigens docht my tinken oan de Houyhnhnms, de hynders dy’t Jonathan Swift op syn reizen moetet. De Houyhnhnms hawwe it plak fan minsken ynnaam en dogge as minsken. Mar de hynstehoeven binne net gaadlik foar it hantearjen fan itensark bygelyks.

ofbylding huntsjes by hunen en hynders

Nee, sjoch dan ris nei dat nêst jonge Gordon setters dy’t in krante ferskuorre en dy Sint Bernhardpups dy’t in hoed te pakken nimme, ien hat in strieke dwers yn ’e bek, in oar sjocht net nei it fûgeltsje fan de skilder. Yn de hynsteskilderijen is sok ynformeel gedrach net te finen. Dat komt om’t de opdrachtjouwers gjin leafhawwers fan hynders wiene. Hja woene harren hynder yn de klassike poazes werjûn hawwe. Dat dat gjin moai, libben skilderij opleveret sil harren [hynste]woarst west hawwe.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op