Laotse, Eric Hoekstra

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

logo.ensafh

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de earste fan de trije foarpublikaasjes. De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke. It getal 81 is foar it neist mei opsetsin troch de auteur of gearstaller keazen want 81 is 9×9, en 9 sels is wer 3×3, dus 81 is de treddemacht fan 3. It getal 3 komt ek werom yn it Orakelboek, de I Tjing, dy’t bestiet út trigrammen, dat wol sizze, 3 linen dy’t hiel of brutsen wêze kinne. En boppedat is it gewoan handich om wat substruktuer yn de 81 gedichten te hawwen.

It taoïsme is de útdrukking fan suvere religiositeit, suvere mystyk. Der is yn it taoïsme meast net in persoanlike God, al wurdt soms oer de Tao sprutsen as in persoan. De Tao is it godlike Riedsel, dat wat alles trochkringt, de betingst fan it universum. Wiisheid is om mei de Tao yn harmony te wêzen, dat itselde is as mei jinsels yn harmony te wêzen. Dy mystyk is net kompromittearre troch prysters en earetsjinsten: it is wat it is. Dêrom is it taoïsme yn teory de meast anargistyske fan alle religys. Krekt as oare religys draait it om ’e fraach: hoe moat men libje? It taoïsme jout dêr syn mystike antwurden op. Wol net tefolle, wol sa min mooglik, hâld it simpel, tink om jo sûnens, wês hoeden mei drugs, mei wurk, mei ôfhinklikheden, mei al te fêste struktueren. Bemuoi dy mei dyn eigen saken. Down to earth. Dat is de essinsje fan it taoïsme.

De Tao Te Ching is skreaun yn ’e fjirde ieu foar Kristus. Dat makket fan Lao Tse in tiidgenoat fan Boeddha en fan Plato. It wie in tiid dat sawol by de Griken as by de Sinezen it tinken alle kanten útfleach, allegearre tinkrjochtingen waarden ferkend en foar it earst waarden de resultaten fan dy ferkenningen opskreaun. De Tao Te Ching leit oan de basis fan de tinktradysje fan Sina en Japan. It hjoeddeistige Zen-boeddisme grypt der ek wer op werom.

Foar myn ferfrysking ha ik my basearre op meardere oersettingen, yn it bysûnder op twa wittenskiplike oersettingen:
.  de Ingelske oersetting fan D.C. Lau (Penguin books, Harmondsworth, 1963)
.  de Nederlânske oersetting fan K. Schipper (uitgeverij Augustus, Amsterdam, 2010)
De oersetting fan Prof. Schipper is foarsjoen fan in taljochting en in ynlieding dy’t ik elkenien oanriede kin. Myn ferfrysking is oars as besteande oersettingen mei’t ik yn it bysûnder besocht ha fan de oersetting poëzy te meitsjen.

It taoïsme docht woldiedich oan. It is in hearlike foarm fan frijheid, in idyllyske dream. Belibje dy frijheid, dream dy dream.

Eric Hoekstra

I. De ivige wei

I.1. De ivige wei

De ivige Wei fan ’e Tao wurdt net
troch de wei fan it wurd oerset.
De ivige namme
is sûnder namme.

Sûnder wurd is it begjin fan,
de boarne fan de tsientûzen dingen.
It wurd is de mem fan,
de hoeder fan de tsientûzen dingen.

Altyd ast dy fan behoeften befrijst,
jousto oan it Mystearje dyn fleis.
Jousto oan dyn behoeften ta,
dan joust it Mystearje oan dyn lea.

Dy beide binne ien en mien,
mar troch de taal is de skieding ûntstien.

Dat ienwêzen is it Mystearje
yn ’e lea fan libbene wêzens.
Yn ’e poarte fan it Mystearje lokje
de tsientûzen geheimen.

I.2. Elk begrypt wat moai is

Elk begrypt wat moai is
op grûn fan wat net moai is.
Elk begrypt wat goed is
troch syn kennis fan it kwea.

Mear wurdt minder en minder mear.
Maklik en dreech hearre byinoar.
Lang en koart binne ien gehiel,
heech en leech in moai partuer,
toan en lûd yn harmonije
oant yn alle ivichheid.

Dêrom docht de wize syn ding
sûnder dat syn ding him docht,
sûnder wurden lit er sjen
hoe’t in minske libje kin.

Hy praat net, mar dingen barre,
hy stjoert net, mar it giet oan!
Is er klear, hy bliuwt net hingjen
en sa swingt er yn syn swang.

I.3. Ferhef de treflike net

Ferhef de treflike net,
oars komt it folk yn it ferhef.
Stel gjin priis op kostber guod,
reagje dief en keapman fuort.
As yn it hert begearte sit,
dan jout in pronkjuwiel trelit.

It bewâld fan de wize makket
de holle leech,
de mage fol,
ferlangen swak,
de bonken strak.

Lit it folk neat witte, neat begeare,
sadwaande dat wa’t wit, it sitte lit.
Dat is alles, dat moatst leare
en dan hast it op ’e rit.

I.4. De Tao is leech

De Tao is leech.
Hoefolle oftst der ek yn dochst,
hy rekket net fol.

De ôfgrûn sûnder boaiem is sa heislike djip
dat it hillichdom dêr wolris wêze koe,
de boarne fan ’e tsientûzen dingen.

Hy makket skerp stomp,
hy makket fêst los,
hy makket gleon myld
en bringt alles yn it lyk.

De ôfgrûn sûnder boaiem is sa heislike djip
dat de Tao dêr wolris húsmanje koe.
Mar ik wit net fan wa as er ien is.
Hy bestie al ear’t it wurdsje God der wie.

I.5. Wa sei dat it hielal partidich wie?

Wa sei dat it hielal partidich wie?
Yn ’e dea is al dat libbet in offer fan strie.
Allyk is foar de wize syn fleis,
syn folk in offer fan strie.

Is it universum net in blaasbalch lyk?
Beide binne leech mar se binne noait op.
Wat mear oft se útpûste,
wat mear komt derút.

Wa’t op oaren taset,
komt oan himsels net ta.
Ferjit de libbensazem
yn dyn leechte net.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op