Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ensafhynternetôflevering fan 2009, mei it gedicht ‘Mare Frisicum ‘fan Jaen, mei dêryn de rigels: ‘sinne strykt oer Schylgeralân / en oer Hessel syn one street town / oer fyts- en ruterpaad / oer wykein en oer wrâld’; mei it ferûntrêstigjende ferhaal ‘Tritich jier sechtich’ fan Hidde Boersma en it twadde ferhaal oer syn fytserij by de Mont Ventoux op, ‘In man wurdt âlder’ fan Bert Bakker; mei in desimberkollum fan Willem Winters en in sniekollum fan Skermer; mei in oersetting troch Anne Feddema fan proaza fan de Russyske absurdist Daniil Charms; mei in besprek troch Piter Boersma fan de de debútbondel Ik Skip fan Edwin de Groot.

En ek op dizze ôflevering noch wer it ‘aaisoonet’ fan Koos van der Sloot.

Dizze 20ste ynternetôflevering is de ôfsluter fan de earste jiergong fan ensafh. It is slagge, sa’t it ek slagge is om ensafh op papier, sa’t de bedoeling wie, 7 kear út te bringen.
Dat ha wy oprêde kinnen troch de trou en ynset fan ús fêste meiwurkers en ús ynstjoerders. Tank.

De redaksje winsket elkenien goeie krystdagen en in goed nijjier ta.

Wy ha no even fakânsje. De earstfolgjende ôflevering, de earste fan 2010, ferskynt op tiisdei 19 jannewaris. De rubriken Teleks, Aginda, Blogfragminten ensfh. sille wol byhâlden wurde

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op