Willem Winters

Sinees

logo.ensafh

Prachtige foto! Twa Sineeskes mei Nijntjes. Wat is der mei dy foto dat ik der wer en wer nei sjen moat? Se sille wol tige sekuere ynstruksjes krigen ha. ‘Der komt in kening op besite.’ Keningen ha se al lang net mear yn Sina. Dit is in bytsje oare kening. Hy giet yn ’e hoksen foar dizze bern. De jonge swalket, it famke sjocht beteutere en se lykje beiden ferjitten te wêzen wat se mei dy Nijntjes oanmoasten. Moasten se dy oan de kening jaan of krekt net?

Wêr is dizze foto makke? It rút is mei izerwurk befeilige. Yn it glês fan ’e doar sit ek wapening. Mar wat in rommelige doar, rustplakken, in kyl om tsjin te halden en in stik izerbeslach mei in ûndúdlike funksje. It is yn in hutong, in tradisjonele Sineeske wenwyk, guon binne al hûnderten jierren âld, gjin sanitêr. Der binne al hiel wat ôfbrutsen fanwege de smoarge omstannichheden. De manlju en froulju op de foto binne allegear perfekt yn ’e klean en hawwe in fersoarge uterlik, útsein kening Willem-Alexander. Syn hier is te lang en is wat rûchwei nei de siden kjimd.

Scan 1 (1)

Oan de bûtenlânske autoriteiten moat op symboalyske wize dúdlik makke wurde dat it ienbernbelied foarby is; no meie twa bern. Mar om no mar oan te fokken as de kninen, dat giet noch altyd te mâl. It famke stammeret; hoe lis ik dat dy kening út, dy’t al trije berntsjes hat. Allegear famkes!

Dit wie foarearst de lêste kollum fan WIllem WInters op de digitale ensafh. Winters sil tenei wat langere stikken foar ús papieren edysje leverje.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op