Jannewietske de Vries

Gysbert Japicx rede Deputearre de Vries

logo.ensafh

Taspraak fan Jannewietske de Vries, deputearre fan Fryslân, by gelegenheid fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis fan de Pro-vinsje Fryslân op 25 oktober 2007 yn de Broeretsjerke yn Boalsert.

Achte oanwêzigen,

De Broeretsjerke foarmet eins de ferbylding fan âld en nij, fan it ferline en fan it heden. Der is respekt foar de oerbliuwsels fan de eardere tsjerke. Dy stiet der en mei wêze sa’t der is.
Tagelyk fiel ik hjir de ferbyldzjende krêft fan nije arsjitektuer en kreative spanning.

Ald en nij:
As nije deputearre fan Fryslân fiel ik ek krekt sa’n soarte fan spanning:
Is Jannewietske de Vries deputearre fan de Fryske kultuer of deputearre fan kultuer yn Fryslân?

Oars sein:
Is Josse de Haan no in Fryske skriuwer of
in skriuwer dy’t de Fryske taal brûkt?

It wêzen fan de keunstner is dat hy de taal kiest dêr ’t hy syn ferhaal yn fertelle wol.
By Josse de Haan is dat syn memmetaal: Frysk.
De ferhalen dy ’t hy fertelt, reitsje universele tema’s.
En dat makket him yn myn eagen in skriuwer en net per definysje in Fryske skriuwer.
Want wat is de Fryske literatuer? Ik sit hjir yn it hol fan de liuw, mei allegear eksperts, dus ik lit de fraach bewust iepen.

Fryslân is in iepen provinsje, ús ynwenners wurde hieltyd mear wrâldboarger.
Dy fleane yn en út; helje en bringe rûnom wat op’e wrâld en fine hjir ek wer nijsgjirrige saken werom.
Hjir komst net allinnich thús, hjir fynst ek romte foar fernijïng.
Wy sjogge in generaasje ûntstean dy ’t meartalich opgroeit en kiest tusken talen.
De iene kear in dichtbondel yn it Frysk, de oare kear yn it Nederlânsk en dan yn ’t Spaansk.
Kreative meartaligens. Moai! Hokker ferhaal wolst fertelle, dêr giet it om. Dat is ommers it wêzen fan de keunstner.

Deputearre wêze is in oar ferhaal.
Ik wol deputearre wêze fan kultuer yn Fryslân; en dat is breder as de Fryske taal en kultuer.
As deputearre kies ik der foar om it Frysk safolle mooglik te brûken.
Ik nim dy earst-ferantwurdlikheid -tegearre mei it Ryk- hiel serieus.
It Frysk is in libbene taal dyst rûnom tsjinkomme moast; yn dyn persoanlik libben, it iepenbiere libben, it wurk en yn de keunsten.
Ik hâld by myn taalkar -tot op sekere hichte- rekken mei it publyk, want ik wol ek dat it boadskip, it ferhaal oerkomt.
Kreative meartaligens, dy’t tichtby minsken bliuwt; dat is myn keunst.
As it giet om de Fryske taal yn de keunsten, yn dit gefal de literatuer, realisearje ik my hiel goed dat wy in lyts taalgebiet binne. Dat jout beheiningen as it giet om in lêzerspublyk. Der is in lytse merk foar Fryske boeken.
It soe gjin beheiningen jaan moatte as it giet om kwaliteit.

Lykwols… sûnder brede basis, gjin hege top.

Wat my oangiet kin der net genôch skreaun wurde yn it Frysk.
Dy hege top ûntstiet dan wol en dy wurdt ek oerset.
Dêrom stipet de provinsje de kommende jierren it Frysk lêzen en skriuwen by jonge minsken (13 oant 23 jier).
Wy besykje dêr de mooglikheden fan de nije media optimaal by yn te setten.
En jawis, dan sil der in SMS-taal ûntstean en dy sil net geef wê-ze. Is dat slim?
Ik tink dat it tûk is. Jonge minsken ferliede de taal te lêzen en te skriuwen op har eigen wize, stap foar stap.
Minsken bewege en de taal beweegt mei.
En sis no sels: de tuten fan no priuwe dochs better as de patkes fan Gysbert Japicx?

Utnoegje, bewege, fernije op in iepen en eigen wize.

Dat bringt my op in oar punt. Want wat is dy eigen wize fan Fryslân?
Der wurdt op it stuit hiel wat ôf diskussearre oer identiteit en kul-tuer. Us provinsje hat in sterke identiteit;
ik tink dan oan it lânskip, de taal, de eveneminten, de tradysjes, de sporten, de minsken.
Wy hawwe hiele goede ambassadeurs dy ’t oan dy identiteit keppele wurde (Foppe de Haan, Sven Kramer, Doutzen Kroes, Nynke Laverman).
Dy identiteit kinne wy goed yn ‘e merk sette.

Ik sjoch lykwols net in sterk kultureel profyl.
Want wat is it kulturele ferhaal fan Fryslân (en dan haw ik it wer oer kultuer yn brede sin).
Sit dat yn’e ferbining fan lânskip en keunsten? Of binne der mear of hiel oare dingen oan te wizen?
De kommende moannen wol ik graach mei elkenien dy ’t dêr ideeën oer hat yn petear.

De ferbylding fan Fryslân.
Fryslân sjen as ien kultureel gebiet fan 650.000 ynwenners:in metropoal fan talint kinne jo dan sizze.

As wy dat ferhaal, dat kulturele profyl skerp krije, dan kin de provinsje dêr in programma ûnder lizze.

Opbouwend nei Fryslân kulturele haadstêd fan Europa yn 2018.

En litte wy dat no ris net Frysk eigen dwaan: dus net eamelje op ús postsegel en wat lêbje út de loopgraven wei.
Mar cross-mediaal, elkoar sykje, moetsje; kreative minsken, kulturele ûndernimmers, bestjoerders en wrâldfriezen.
Wy hawwe al in sterke identiteit, wy hawwe in soad talint, no noch in útdaagjend kultureel profyl.
Ik wol dêryn graach in tsjinjende rol spylje.

In protte fan wat ik niis sein haw, fyn ik werom by Josse de Haan.
Hy wennet no sa’n acht jier yn Frânsk Baskelân en libbet mei de talen om him hinne.
Frânsk, Spaansk, Baskysk. Hy sil him beynfloede witte troch dy oare kultuer,
troch de ferskillen en troch de oerienkomsten.
Dy ûnderfining bringt hy yn syn wurk en ek yn syn persoan wêr-om nei Fryslân.
Dat soarte ûnderfiningen hawwe wy hjir nedich, want Fryslân is in part fan de gruttere wrâld, dy’t ek syn ynfloed jilde lit.
De wrâld op jo ynwurkje litte, wat kinne jo leare fan oare mins-ken, fan minsken dy’t in oare lytse taal brûke. Hoe geane dy dêr mei om.
Dat hearre wy fan minsken lyk as Josse de Haan.

Yn it tydskrift De Moanne fan septimber 2007 oer identiteit seit hy dat syn Frysk en Nederlânsk riker en iepener wurde binne troch it gebrûk fan mear talen.
Is hy dêr sels ek net riker en iepener fan wurden?
Ik tink it wol.

Josse de Haan seit dat minsken dy’t opgroeid binne mei de ei-gen memmetaal positiver binne oer it opgroeien yn mear talen.
Hy fynt it spitich as minsken har opslute yn har eigen lân, yn har eigen taal, yn har eigen kultuer en yn har nostalgysk wrâldsje fan eartiids.
Josse de Haan wol tink ik net sizze dat it âlde sûnder neitinken ynwiksele wurde moat foar it nije.

Josse de Haan sjoch ik dus as in wrâldfries, as in ynspirator foar de Fryske taal en foaral ek foar meartalichheid.

Ik bin dus ek bliid dat de sjuery in kar makke hat foar in skriuwer dy’t meartalich taalbelied stipet en in skriuwer dy’t de klam leit op in orizjineel ferhaal.

De trije sjueryleden binne:
Sjoernaliste en skriuwster fan resinsjes Aukje Holtrop,
Willy van der Meer fan de Afûk dy’t ek resinsjes oer Fryske lite-ratuer skriuwt en literatuerwittenskipper en redakteur Ernst Bruinsma.

Dizze sjuery hat in kar makke út mear as 120 boeken út de jier-ren 2003, 2004, 2005, 2006.
Dat hat fansels net maklik west.
Mar de gearwurking wie hiel konstruktyf, haw ik begrepen.
Ik wol de sjueryleden út namme fan it provinsjebestjoer tige tank sizze foar it wurk dat sy dien hawwe en de moed om in kar te meitsjen.
Ek wolle wy tank sizze oan de Fryske Akademy dy’t yn gearwurking mei Tresoar dizze trije sjuery-kandidaten foardroegen hat.

Dan kom ik no ta oan it oerlangjen fan de priis.

Ik soe Josse de Haan en de sjueryleden freegje wolle om ûnder it applaus fan it publyk, dat jimme tige fertsjinne hawwe, nei foaren te kommen om de Gysbert Japcxpriis fan de Provinsje Fryslân yn ûnfangst te nimmen.

(Hjirnei folge it oerlangjen fan de priis.)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *