Oprop poëtyske dialooch mei Fryske dichters

logo.ensafh

Oprop

Earder dit jier melde Edith Lomovasky-Goel har by Ensafh. Se is in Argentynske, dy’t wennet yn Israël. Se hat koartlyn yn Fryslân west en is ûnder de yndruk fan it lân en de minsken. Se wol graach in poëtyske dialooch mei Fryske dichters. It idee is dat de Fryske dichter in pear fan har gedichten oerset yn it Frysk, en dat sy in pear gedichten fan ’e Fryske dichter yn it Spaansk of Hebriuwsk oerset.
Se is ek dwaande mei in artikel oer Fryslân foar har site: https://literaturasyperiferias.wordpress.com/.
Sjoch foar foarbylden fan oersettingen: http://centrodetraduccionliterariarecipr.blogspot.co.il/.
Biografyske ynformaasje: http://artgallery-edithlomovasky.blogspot.co.il/.
Om te begjinnen hat se twa Fryske fersen fan Janneke Spoelstra oersetten yn it Spaansk. Oarsom hat dy in Spaansk fers fan Edith Lomovasky-Goel oersetten yn it Frysk. Se wurde yn jannewaris publisearre op www.ensafh.nl, mei de Ingelske (tusken)oersettingen derby.
Wa’t sa’n dialooch aardich taliket, kin rjochtstreeks kontakt opnimme mei Edith fia: edith.lomovasky@gmail.com.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op