Aginda 29-01-2016: Poëzijmarathon ensafh yn Snits

logo.ensafh

 

Bêste dichter/belangstellende!

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 29-01-2016 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.

De dichters en foarlêzers krije allegear in no noch geheim presintsje, en, omdat foarlêzen toarstich makket, ien konsumpsje fergees.

De muzyk wurdt fersoarge troch Jankobus Seunnenga. Klik hjir foar mear ynfo oer Jankobus Seunnenga.

Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits
Wannear? Op 29-01-2016
Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere

Yntree fergees

Redaksje Frysk Literêr Tydskrift Ensafh

Klik hjir foar de lokaasje fan café Vellinga yn Snits
Klik hjir foar de side fan Literêr Tydskrift ensafh
Klik hjir foar de side fan de Poëzieweek

 

gedichtejun2016

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *