Bartle Laverman

I. Carus

logo.ensafh

 

hy woe net
achter de pûst
boppe komme:
dus mei de lift
nei flier 20

it wie om’t ik
net leauwe woe
dat er fleane koe
hy soe
dat mei syn sprong bewize

syn prachtsprong
einige op tegels
seach ik wat
wjukwapperjend
omheech kaam
en sûnder groetsjen
yn de fiere loft
ferdwûn

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
jqs Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
jqs
Gast

Hee Bartle, ik sis: snoad betocht om de siele te bewizen.