Piter Boersma, Bartle Laverman

Iepeningstaspraak by de útstalling ‘Bestiet der Fryske ferbylding?’ fan Bartle Laverman

logo.ensafh

Piter Boersma

Ik begjin mei trije sitaten:

Sitaat ien:

‘Wa’t it net sjoen hat, kin him net foarstelle hoe’n protte yntime, heimsinnige en romantyske poëzy de keunstner yn dizze ienfâldige holle lein hat. De pinsielstreken binne hast te sjen, sa as op in protte fan syn skilderijen, de kleurskakearingen binne net fel of yntins, mar krekt oarsom tige sêft en tige ynhâlden, it docht hast griis oan, mar it is folslein fan harmony.’

Sitaat twa:

‘En omdat gjinien it seit, sil ik it mar sizze: dit skilderij is perfekt fan tekening, perfekt fan foarmjouwing. Hat it publyk wol troch hoe dreech it is om mei kleuren foarm te jaan? It probleem hat twa kanten, foarmjaan mei ien inkelde kleur, dat wol sizze mei in dûzeler, is ien ding; – dêrfoaroer betsjut foarmjaan mei kleuren earst it finen fan de logika fan ljocht en skaad en dêrnei de krektens en harmony fan de tint, en dat allegear yn in hookstrookse, spontane, komplisearre aktiviteit, oars sein: is it skaad earne grien en it ljocht read, dan moat fan it earste momint ôf in harmony fûn wurde fan grien en read, it iene donker, it oare ljocht, dy’t mei-inoar de yndruk jouwe fan in monogrome draaiïng fan in foarwerp.’

Sitaat trije:

‘De beminden folgje net allinne har ynstinkt, se binne net allinne op syk nei it genot, se ûnderfine net allinne it gefoel, de oanlûkingskrêft dy’t jo of ik ûnderfine soene. Nee, se wurde dreaun troch ‘in hegere macht’! Om soks te skriuwen moatst dochs wol hiel dom wêze, of dy der net om bekroadzje wat de minsken fan dy tinke! Ik wyk net fan my stânpunt ôf: de toanielstyl – wy binne op it terrein fan de komeedzje – moat de styl wêze fan it libben, en dêr bedoel ik mei dat men op it toaniel deselde taal prate moat as op ’e dyk. Oars makkest allinne mar minne literatuer.’

Ik ha de sitaten mei in soad wille hearre litten, net omdat se streekrjocht slaan soene op it wurk fan Bartle Laverman. Want dat dogge se net. Net streekrjocht, bedoel ik, want der mei te krijen ha se wol deeglik.
It lêste sitaat komt út in toanielsresinsje út 1915 fan de Frânske proazaïst en toanielresinsint Paul Léauteaud. De earste twa binne fan dichter en keunstkritikus Charles Baudelaire en komme út syn essee De salon fan 1845. Se slaan op skilderijen fan de romantikus Eugène Delacroix.

Om tichter by Bartle Laverman te kommen jou ik noch in sitaat út Baudelaire syn essee: ‘Normandië, myn iennichst lân / Ik kom by dy werom… Sa hawwe alle doeken van Camille Flers songen. – Dat is net iroanysk bedoeld. – Al dy lânskippen wiene nammentlik poëtysk en rôpen it langstme op om mei dy sa treffend werjûne, ivige, gerzige greiden yn ’e kunde te kommen – mar dit jier is dat liet net fan tapassing, want ik leau dat Flers, noch yn syn tekeningen, noch yn syn skilderijen, ek mar ien kear Normandië opnommen hat. – Flers is en bliuwt in treflik keunstner.’

It wurd ‘iroanysk’ is fallen en dan binne wy yn alle gefallen by Bartle syn gedicht ‘in echte Fries’. (Redaksje: it gedicht is achteroan dizze tekst pleatst.) De ‘ik’ yn it gedicht foldocht om in echte Fries te wêzen oan gjin inkeld klisjee. Mar sa graach wol er der by hearre, dat er de lju mei in útblaasd ljipaai ferrifelet. En dêrom doart er dochs te pleitsjen om yn ’e Fryske mienskip opnommen te wurden. Bartle spilet yn syn gedichten de romantikus, of, sa as yn dit gedicht, de ironisearjende of sels sarkastyske romantikus. Yn syn irony toant er engaazjemint, want hy regearret fansels op de tema’s dy’t Fryslân tsjintwurdich ferlamje: identiteit en mienskip.

Bestiet der Fryske ferbylding?, hat Bartle dizze útstalling as titel meijûn. It is wis in nijsgjirrige boarterij om mei dy fraach yn ’e achterholle nei it wurk fan hokker Fryske keunstner ek te sjen. Mar om by Bartle te bliuwen. It is in feit dat it tema Fryske identiteit, syn eigen identiteit en Fryske saken yn syn poëzy in grutte rol spylje. Yn syn skilderwurk is dat amper of net it gefal. Bartle Laverman dichtet yn it Frysk, mar syn skilderijen hawwe Nederlânske titels. Dy tsjinstelling lit sjen dat men yn Fryslân yn in, en no formulearje ik it negatyf, brutsen wrâld libbet; posityf formulearre lit it sjen dat it hjir in iepen wrâld is.
Mei it skilderij ‘de bedstee’, dat nêst it gedicht ‘in echte fries’ hinget, konfrontearret Bartle ús mei in tema dat by de tema’s identiteit en mienskip fuort om ’e hoeke kipet: nostalgy. De fraach ‘Bestiet der Fryske ferbylding?’ fynt syn grûn yn dat gefoel.

Sawol yn syn dichtsjen as yn syn skilderjen liket Bartle in man sûnder poespas. Syn wurk eaget rjochtút as in bargesnút. Hy liket dêrmei folslein greep te hawwen op wat er nei foaren bringe wol. Yn de skilderijen op dizze lytse útstalling leit noch alris in fisk op in boardsje op ’e tafel en troch it rút is der útsoch op see en op dy see dobberet in fiskerskip. En wat ik dêryn sjoch is gjin antwurd mar in fraach. In fraach oan himsels en oan de beskôger. Hy konfrontearret jin mei wat, stelt jin in fraach. Sawol yn syn poëzy as yn syn skilderkeunst is Bartle gjin befêstiger. Hy set dingen op losse skroeven. Hy besoarget de lêzer en de beskôger in skientmesensaasje mar beëaget dat net te dwaan mei wat nofliks of glêds.

Ik ha lêsten sjoen nei de dokumintêre De Konfrontaasje fan Ditteke Mensink oer de jonge keunstners fan de postakademyske keunstoplieding De Ateliers yn Amsterdam. Twa jier lang hat Mensink dêr filme. Frank Heinen skreau der yn de Volkskrant fan 8 jannewaris 2016 oer: ‘It resultaat is boeiend, komysk en pynlik… De skichtigens hong neffens Mensinks voice-over foar in part gear mei har winsk om de minske achter de artyst te toanen. Dêr seagen de jonge keunstners net folle yn…. Wêr’t De Konfrontaasje wol yn slagge, glânsryk, wie it bleatlizzen fan de striid fan filosofy en ûnwissichheid dy’t dêr achter weistoppe sit. It wie rau, abstrakt, gauris rûnút ûngesellich, mar hiel echt.’

Yn in stik fan Karolien Knols yn de Volkskrant fan de dei dêrfoar fertelt Mensink , ‘…dat se net ien kear in petear filmje kinnen hat dat gong oer de driuwfearren fan de keunstner, dat de fraach, wêrom dochst dit?, net steld steld waard – net foar de kamera alteast. Ja, ien kear, troch de ûnderwilens net mear by it ynstitút belutsen Marlene Dumas. “Yrritant,” seit dy yn de dokumintêre tsjin ien fan har pupillen, “dat keunstners tinke dat se sa goed binne dat se net nei hoege te tinken oer wat se dogge. As soe keunst samar út ’e loft falle.”’ Mensink seit dêrnêst dat se eins gjin befleinens en besieling fielde, dat de sfear serebraal en rasjoneel wie, en dat se dat yn de byldzjende keunst net ferwachte hie. ‘Ik ha de yndruk dat it noch altyd hearskjende dogma yn de hjoeddeiske keunst is: as in wurk de fraach opropt: is dit keunst, dan is it keunst. Dêrmei bliuwt konseptuele, ferfrjemdzjende keunst, alteast yn it Westen, de noarm. Skientme en ambachtlikheid binne begripen dêr’tst better mar net mei oankomme kinst.’

De iennichste kear dat yn de dokumintêre mei passy oer keunst praat wurdt, is ûnder it jierlikse diner foar begeunstigers. Victoria de Heus, mei har man keunstsamler en sponsor fan De Ateliers, betsjûget yn in, sa’t it yn de Volkskrant sein wurdt, ‘rjocht-út-it-hertspeech har leafde foar de keunst en har bewûndering foar de keunstners’. Victoria de Heus seit oer keunstners: ‘Se hawwe wat yn har kop en dat moat derút.’ En dêrom hâldt se fan harren.

Wat moat der by Bartle Laverman út? Dat sille ûnderskate dingen wêze, mar foar dizze gelegenheid stel ik dit: der is gjin keunstner sa Frysk as Bartle; ek gjinien dy’t sa Unfrysk is; en dat is wat der by him út moat.
Ik hâld fan Bartle Laverman.

*

Bartle Laverman

in echte fries

ien kear mocht ik
mei omke Klaas fan Marrum
te aaisykjen:
bongel oan ’e poat
doarde net mei de pols
oer in sleat te springen
omrinne dan mar
mei dy skiter út de stêd

omke en syn ploechje
de pet fol aaien
ljip
strânljip
skries
tjirk
ik hie allinne
in wite kuif

mar eltse maaitiid
wie ik yn it lân
om nei de ljippen te loeren
om úteinlik
de hiele ikker by del
om neat te finen

ien kear in lege dop
út myn samling
bij it blaasgatsje
tichtsmard mei modder
om omke en muoike
wiis te meitsjen dat ik
in ljipaai fûn hie!
oant de hifkjende hân
fan heit
de wierheid foar it buordsje brocht

mar ien kear priis!
it earste aai fan it F.D.
kristlik deiblêd,bêste minsken
it priisboek myn pronkjewail
tusken de boeken

ik kin net sile, Folksgenoaten
gjin alvestêdekrús
stiet yn myn rêchfel baarnd
fan keatsen ha ’k gjin
snars begrepen
en ljeppen is oan my
wier net bestege
in hynder is te grut foar my
ik hâld it graach by
skiep en kij
mar ea
ha ik in ljipaai fûn!

dêrom
sa pleitsje ik foar jim
slút mij
yn jimme mienskip
en neam mij
ien fan ús

*

Klik op it plaatsje foar fierdere details oer de útstalling. (pdf)

fryskeferbylding

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op