Teleks: Other Words / Oare Wurden. Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt

logo.ensafh

Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt yn it ramt fan Lân fan Taal
Skriuwers út Masedoanje, Sloveenjë, Baskenlân en Ierlân komme nei Fryslân

Fan jannewaris 2016 ôf docht Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, mei oan it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words/ Oare Wurden. Fiif Europeeske lannen en regio’s wurkje meiinoar gear om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Yn it projekt krije skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en om yn harren tydlik wenplak warber mei te draaien yn it kulturele libben. Yn totaal kinne fiif Fryske skriuwers, ferspraat oer in perioade fan trije jier, oan de útwikseling meidwaan. Yn maart fynt de seleksje plak foar it earste skriuwersferbliuw yn Masedoanje. Fryske skriuwers dy’t belangstelling hawwe om útstjoerd te wurden, kinne har plannen oant 15 maart yntsjinje. Mear ynformaasje oer Other Words/ Oare Wurden en de iepen call foar in ferbliuw yn Masedoanje kinne jo fine op www.tresoar.nl.

It projekt Other Words/ Oare Wurden is in inisjatyf fan it keunstsintrum Donostia Kultura yn San Sebastian (Baskenlân, Spanje), de stêd dy’t yn 2016 Europeeske Haadstêd fan Kultuer is. Doel fan it projekt is om mear omtinken te jaan oan literatuer yn lytse en minderheidstalen binnen Europa en om it kreative literêre proses sichtber te meitsjen op digitale en analoge platfoarms. Njonken Fryslân dogge ek Baskenlân, Ierlân, Sloveenje en Masedoanje mei oan Other Words/ Oare Wurden. Ynsidinteel slute oare Europeeske partners oan, lykas Wales, Malta en Ossitaanje.

Yn maart set Tresoar útein mei de seleksjeproseduere foar de earste útwikseling: in Fryske auteur mei yn de simmer fan 2016 acht wiken ferbliuwe yn Bitola, Masedoanje. Nei dy acht wiken moat de skriuwer in literêr wurk mei in kop en in sturt makke hawwe en op syn minst twa kear meidien hawwe oan in kulturele manifestaasje yn it gastlân. It literêre wurk wurdt dêrnei oerset yn fjouwer oare talen en online publisearre. Yn ruil dêrfoar krijt de skriuwer in honorarium, in deistige talage en reiskosten. Alle ynformaasje oer de seleksje en kritearia om mei te dwaan stiet op www.tresoar.nl.

Yn april 2016 komt de earste bûtenlânske auteur yn Fryslân. De Ierske skriuwster Orna Ní Choileáin skriuwt proaza, poëzy en drama. Sy publisearre in tal suksesfolle bondels mei koarte ferhalen en skriuwt fampierferhalen foar de jongerein. Dêrnjonken docht sy toanielfoardrachten (ferklaaid as fampier) en is sy singer-songwriter fan Iersk repertoire. Har wurk krige ferskate awards en nominaasjes en waard selektearre foar ynternasjonale bondels.

De twadde Fryske útstjoering fynt plak yn de hjerst fan 2016, as Baskenlân gasthear is foar in Fryske auteur. De seleksjeproseduere foar dat ferbliuw set letter útein. Yn deselde perioade is yn Fryslân in Masedoanyske skriuwer te gast.

It projekt Other Words/ Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd 2018-programma Lân fan Taal dêr’t Fryslân mei, troch in ferskaat oan projekten, it Europeeske kennissintrum fan Meartaligens wurde wol.

Projekt URL:
http://www.tresoar.nl/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx
http://oarewurden.frl

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op