Willem Winters

Tink derom, de oprommers komme der oan

logo.ensafh

Myn kasten kreakje, de flierren fersakje. Mar ik hâld fan sammeljen. Dat begûn al doe’t ik in jier as acht wie: sûkerpûdsjes, postsegels, sigarebantsjes, lúsjefersdoaskes en letter opsette fûgels. Tsjintwurdich fotokamera’s [sa’n 30] en harten; dat begûn hiel ûnskuldich mei in hartsje fan Van Meegeren, doe oare harten en harteftige bisten yn byldzjende keunst, doe ek 3D-hartobjekten [fyftich stiks] mei as topper in jachttrofee-hartekop-op-in-planke. En boeken, in hiel soad boeken. Allinne al 110 boeken oer katten en 130 oer it dadaïsme. Fierder noch 300 sniebollen en santich keunstwurken. Ik ken wol minsken dy’t mear hawwe. [Ek wol dy’t minder hawwe of hielendal neat sammelje!]

Hoe lang kin dit noch trochgean? Sels meitsje ik my der gjin soargen oer. Om in bytsje romte yn ’e boekekast te krijen haw ik in setsje lyn op in bradery boeken ferkocht. Dat smiet fjouwer tientsjes op. Neat wurdich! Earder al brocht ik in pear hûndert boeken nei de doarpsbibleteek fan Aldwâld en nei in ûnderwiisynstelling yn Ljouwert en ek in moaie poarsje nei de OMRIN en noch sjochst der neat fan, gjin lege planken. Der binne noch sa’n 10.000 boeken. En as ik it net tocht, ik hie noch mar krekt wat boeken fuortdien, moast ik krekt wat brûke út presys dy boeken. Sûnt bin ik wat efterhâldender mei it fuortjaan fan boeken.

Dat is alhiel tsjin de ideeën fan de opromgoeroes, begryp ik. Dy trune jo oan om alles mar fuort te smiten.

Yn de GROENE AMSTERDAMMER stie in artikel oer dy rêders fan de minskheid [10-12-2015]. It wie de earste kear dat ik fan dit type oprommers hearde. Fan in freondinne liende ik Opgeruimd: de manier om orde en rust in je leven te brengen fan Marie Kondo. Oer Kondo binne hûnderten artikels en reaksjes op ynternet skreaun, allegear omearmje se har. Ynstee fan oarderlik en rêstich waard ik opsternaat; ik bin noch lilk, razend! Wat in humbuch, wat in ûnsin. It liket har yn ’e plasse slein te wêzen en har folgers rinne blyn efter har oan, alles fuortsmitend, oant se harsels fuortsmite.

It giet by Kondo net allinne oer it opromjen fan boeken mar ek om alle oare dingen dy’t men yn ’e hûs hat. Dat immen 10.000 boeken yn ’e hûs hellet is der – by har – fier by troch. Hja fynt tritich mear as genôch. Boeken binne ommers mar plakjes inket op papier, dêr hoecht men net sa dreech oer te dwaan. Om ta in skifting te kommen moatte alle boeken út ’e kast; dan kriget de samler de gaos it bêste te sjen en kin er maklik ôfskie fan de boeken nimme. Boeken dy’t men hâlde wol binne dy boeken dêr’t men op itselde stuit lokkich fan wurdt. Har eigen boek ûntkomt ek net: ‘Als je geen blijdschap voelt wanneer je het vast hebt, heb ik liever dat je het weggooit.’

Ik haw dus in soad boeken, mar in gefoel fan gelok, allinne fan it beethâlden, ik leau net dat my dat ea oerkaam is.

Kondo jout net samar in hân fol regeltsjes, nee, har boek is in ‘gids naar de juiste instelling om een geordend en net mens te worden’. Wat in pretinsjes. Ik leau net dat ik sa – oardere en kreas – wurde wol.

It is net te leauwen hoefolle guod troch Kondo as nutteleas fuortsmiten wurdt. Se rommet sels kasten op dy’t net fan har binne, giet soms stikem te wurk, ferstoppet de dingen: ‘Als niemand opmerkte dat ze niet meer op hun plek lagen, gooide ik ze een voor een weg, alsof ik onkruid wiedde. Toen ik drie maanden deze strategie had toegepast, had ik in totaal al tien zakken troep weggedaan.’ Tink derom, tsien pûden fan in oar syn guod. Dus, betitelje in oar syn guod as rotsoai en do hast in perfekt aliby om it fuort te smiten.

Doe’t ik noch thús wenne, moast ik altyd op woansdei soargje dat ik thúskaam foardat de jiskeauto west hie. Hieltyd wer troppen myn âlden ‘troep’ fan my yn in pûde foar de jiskemannen. Sa bin ik in hartepoatsje kwytrekke en myn samling skulpen.

Dyn geast feroaret; it is of libbest yn in oare wrâld. Altiten neffens Kondo. Hja seit: ‘Mijn criterium bij het beslissen of je iets moet houden is dat je een soort trilling van blijdschap moet voelen, als je het aanraakt.’

It heucht my net dat my sa’n bui trof. Myn guod foldocht dus net oan har kritearium. Ik soe dan neat oerhâlde, oaren miskien wat mear, mar elk bliuwt efter mei in keal hûs. Ik sjoch dy al sitten neidat Kondo lâns west hat te opromjen, of do hast it sels dien neffens har ynsichten: yn in hûs sûnder hert, gjin libben, bloedeleas. By har gjin spoar fan de territoarium-teory: minsken beakenje harren gebiet ôf mei guod en dat guod seit tagelyk wat oer dysels, dyn identiteit.

Stel do hast in dokumint nedich, mar do hast it al fuortsmiten. Dan hast foardiel fan dat fuortsmiten, do hoechst gjin hege steapels troch te sykjen, want dy hast net mear. Dat nimt in soad spanning wei, seit Marie Kondo.

Ik freegje my ôf oft de belêstingtsjinst of de syktekostefersekering meigiet in dizze brike redenaasje. Miskien binne dy ynstânsjes ek oanhinger wurden fan Kondo en hawwe se harren databestannen yn ’e kachel smiten.

Jou alles in eigen plak, seit Kondo en se beskriuwt hoe’t se dat sels docht: ‘Elke dag als ik thuis kom uit mijn werk volg ik de volgende routine. Eerst doe ik de voordeur open en zeg tegen mijn huis: “Ik ben er weer!” Ik zet theewater op en ga naar mijn slaapkamer. Daar leg ik mijn handtas zachtjes op het schapenvel en doe mijn kleren uit. Ik doe mijn jasje en jurk op een knaapje, zeg “Goed gedaan!” en hang ze tijdelijk aan de deurknop van mijn kledingkast. Ik doe mijn panty in een wasmand die precies rechts onder in mijn kast past, trek een la open, kies de kleren uit die ik binnen wil dragen en kleed me aan. Bij het raam groet ik de kamerplant die tot heuphoogte reikt en aai zijn bladeren. Mijn volgende taak is het leeghalen van mijn handtas op het kleed en alle spullen op hun eigen plek leggen, eerst haal ik alle bonnetjes eruit’, ensfh., ensfh,, ensfh… ik hâld der mei op.

In freondinne fan my kaam mei de krystdagen even lâns. Ik liet har it boek sjen. Hja is psychoterapeut en blêde wat yn it boek om en lies stikjes foar. Al gauw lei se slop fan it laitsjen oer de tafel: ‘Dat mins is gek, twangmjittich!’

‘Aha, in meistanner!’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op