Cornelis van der Wal

Max Jacob: in ynlieding

logo.ensafh

Al in moai skoft fassinearret my de Frânske dichter en skilder Max Jacob (1876-1944). Ynearsten net iens sasear, moat ik tajaan, fanwegen syn keunstsinnige uteringen, mar benammen de biografy fan dizze aparte man luts my oan. Dêr sit wol in boek yn, sa tocht ik – dat hawwe oaren lykwols al dien.

Max Jacob

De data dy’t by Max Jacob syn libben hearre: berne 12-07-1876 yn Quimper (Bretanje) en stoarn 05-03-1944 yn in ynternearringskamp fan de nazi’s. Jacob wie fan Joadske komôf. Ik hoech hjir net alles fan Wikipedia te werheljen.

Wat lûkt my no sa oan yn Max Jacob? No, dat sil ik jo sizze. It is werkenning, mefrou. Lykas Jacob bin ik in bekearling ta it Paapske leauwe, en lykas Jacob bin ik in beoefener fan de astrology en oare mantyske (foarsizzende) systemen. En ja, ik wie ek wol in bytsje in bohémien. En dichter fansels. Bin ik noch. Wy moatte mar hoopje dat myn libbensein wat fleuriger ferrinne sil as dat fan Jacob.

Max Jacob: Racine

Yn syn tiid as in soarte fan bohémien yn Parys hie Jacob kunde oan Picasso, Cocteau, Appolinaire, Modigliani… En noch folle mear, no tige ferneamde artysten en dichters mocht er syn freon neame. Hie ik dêr mar by west! As Frysk dichter moatte jo it mei it selskip fan in A…, in E… rêde… Och, litte wy mar gjin nammen neame, it is sa al slim genôch sa.

‘Wenje op 7 Ravignan strjitte, it byld fan Kristus ferskynt oan de 22 septimber, 1909 op ‘e muorre fan syn keamer en leit in sirkel’, dat makket Google Translate fan Jacob syn earste mystike ûnderfining. Max hie krekt syn pantoffels oanlutsen. It duorre oant 1915 dat er doopt waard yn de Roomske tsjerke, de preesters wiene ynearsten wakker skeptysk wat Jacob syn leauwe oanbelange.

Under oaren Elisabeth Bishop hat wurk fan Max Jacob oersetten: ûnder dizze link steane twa religieus ynspirearre fersen.

Jacob skreau in soad proazagedichten. Justernacht skreau ik ek samar, grif ynspirearre troch myn ûnderwerp, in proazagedicht; no ja, it is noch net klear. Ris sjen hoe’t soks him ûntjout…

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments