Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (2)

logo.ensafh

Diel 2: Frou Radsma fertelt.

‘Ik bin yn 1902 berne, op de Boekeleane 12, hjir yn Twizel. Wy wiene mei ús fiven, ik hie fjouwer broers, ik wie de jongste. Us heit hat altyd boere-arbeider west, mar ferstoar al jong, op syn njoggenentritichste. Op in dei yn ’e simmer, it wie tige waarm, kaam er net thús fan it lân, it hiele doarp hat om him socht, mar hy lei yn in groppe, bedutsen mei losskuorde tiksels en strewellen. Ik wie der by doe’t se him fûnen. Syn grutte deade eagen sieten fol mei in freeslike eangst, ik sil it nea ferjitte. Dokter Willemsma hat him ûndersocht, mar koe neat fine. “It hat wierskynlik in hertoanfal west,” sa sei er. Mar hoe’t dat mei dy strewellen siet, dat haw ik nea begrepen. Wy mochten der letter ek net mear oer prate fan ús mem. Ja, mem wie earder in leave, fleurige frou, dy’t de hiele dei psalmen en gesangen song, mar nei heit syn dea waard it stil yn ’e hûs. Trije jier letter is ús mem ek ferstoarn, se wie doe al in moai skoft opnaam yn Frjentsjer. Net ien woe sizze wat der krekt bard wie mei ús leave mem.

Ik kaam doe mei Harke, myn broer, by omke Lyckele en muoike Haitske te wenjen, myn âldste bruorren wiene it hûs al út. Muoike Haitske hie it net sa op ús begrepen, sil ’k mar sizze. Wat seine jo? Ja, nee, ik moat dit allegear earst fertelle, oars begripe jo net hoe’t it krekt sit mei Simke en har heit, mar ik wol ek wol ophâlde hear, as jo dat leaver hawwe.’

Frou Radsma hat ynienen in fûle, obstinate eachopslach, en har lûd kriget in aaklike yntonaasje; ik wurd der in bytsje kjel fan en besykje it âld wyfke wat del te bêdzjen, dat slagget aldergeloks al rillegau.

‘Lit ik it mar daliks sizze en der net mei ompankoekje: muoike Haitske hat ús, en dan benammen Harke mishannele. Myn broer wie net hielendal richtich, wat it ferstân oanbelanget, en muoike koe dêr mar min oer. My sloech se geregeld mei de brijleppel op ’e holle en se luts om it hurtsje oan myn hier, mar by Harke gie it noch wol in bytsje fierder. Op it lêst moast er tegearre mei Theo, ús falske swarte hiemdogge yn it hunehok sliepe. Hy waard dan fêstsetten mei in keatling, Harke dus. Mear as ien kear is er op ôfgryslike wize troch Theo biten.
Ik koe it net mear oansjen en op in jûn bin ik nei dûmny Klaver, hy wenne in moai ein bûten it doarp, tarûn en haw ik alles ferteld. Dûmny hat doe daliks de plysje en bernebeskerming der byhelle.’

Frou Radsma faget mei in grutte reade bûsdoek yn ’e eagen en suchtet: ‘No wurd ik al wat wurch, ik moat my efkes deljaan.’

Wy prate ôf dat ik oare wike wer efkes delkom. Werom op ’e fyts nei Ljouwert fernim ik dat de wyn nei it noarden draaid is, ik huverje yn myn tinne simmerjas.

Diel 1

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op