Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Juny 2016

logo.ensafh

 

Poëzij

Jaap Veenstra
gatten yn it tek / gaten in het dak
Bornmeer, De Gerdyk 2016
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789056153694

Omslag-Veenstra-werkt-DEF-510x783

De gedichten yn dizze bondel longerje nei de minsklike maat en in libben om ’e nocht. De ôfprinte keunstwurken binne fan de hân fan Marty Poorter.

Jaap Veenstra (1959) wennet yn De Rottevalle. Fan him ferskynde earder – ientalich Frysk – De nacht midstwa.

Geart Tigchelaar
leech hert yn nij jek

Utjouwerij Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 10,00
ISBN: 9789074516181

Yn leech hert yn nij jek, syn earste dichtbondel, rekkenet Geart Tigchelaar (1987) ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear. Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.

wy slachten mekoar
snijden bonken út
raanden it smoar yn ’e maaitiidssinne
waarden wei troch de iepen hikke
(út: ‘slachtfee’)

gearttigchelaarleechhertynnijjek

Geart Tigchelaar (1987) debutearre yn 2010 mei de kaairoman De kweeste fan ridder Piter (skreaun tegearre mei Dirk Jan Muntendam). In jier letter ferskynde syn humoristyske ferhalebondel oer in luzehúshâlding, Lúshâlding en yn 2015 kaam syn oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans út. Geart Tigchelaar is redakteur fan it literêr tydskrift Ensafh, dêr’t er gedichten, proaza en resinsjes yn publisearret, sawol yn de papieren edysje as op ’e webside (ensafh.nl). Dêrnêst publisearret er ek yn it ynternettydskrift Y-skrift (skanomodu.nl)

Sigrid Kingma
Readetriedleas/Red wireless
Frysk en Frij, Ljouwert 2016
ISBN: 9789085660422
Ferkeappriis € 15,00

triedleas

Debútdichtbondel fan Sigrid Kingma, twatalich Frysk-Ingels. In Omkearboek. Treflike Ingelse oersetting fan Trevor Scarse.

 

Proaza

Rommert Tjeerdsma
De foet by de kûle
KFFB, Dokkum 2016
ISBN 9789491971082
Ferkeappriis € 16.00

de-foet-by-de-k_le-web

Fryslân 1946. Bareld is in jongkeardel dy’t mar ien ding foar eagen hat: hy moat en sil keunstner wurde. Dat ta grutte argewaasje fan syn heit dy’t wol dat er, krekt as elkenien, gewoan wurk siket. Richtsje is de op ien nei âldste dochter fan Lysbet Brolsma, in widdo dy’t har man op nuveraardige wize yn it lêst fan de oarloch ferlern hat. Richtsje hat ek in dream: skoaljuffer wurde. Wannear’t Bareld en Richtsje elkoar foar it earst moetsje is it leafde op it earste gesicht. Der komme lykwols safolle swierrichheden op harren ta, dat it noch mar de fraach is oft dreamen werklikheid wurde kinne.

 

Nelly Jongsma-de Jong
Moard út it ferline
KFFB, Dokkum 2016
ISBN-nûmer: 9789491971075
Ferkeappriis € 16.00

moard_ferline030

De perfekte misdied. Klaas Swart, in jonge boekhâlder út Grins, dreamt dêrfan. It bliuwt net by dreamen. Mei in pear maten docht Klaas in oerfal op in juwelier. Dy oerfal ferrint sa’t er it him tocht hie: perfekt. Mar dan! Wêr moat de bút de earste tiid ferside brocht wurde? Klaas mient in oplossing te witten en behellet in pear ûnskuldige jonge minsken by syn misdiedich plan. Dan giet it mis, grouwélich mis. Hoe koe dat en wa hie dat op syn gewisse? Fyftich jier letter binne dy fragen noch net oplost. Yn dit spannende boek docht bliken dat it kwea, troch Klaas Swart yn 1960 siedde, no wer om slachtoffers siket.

R.R. van der Leest
Komme dy kepers?
Frysk en Frij, Ljouwert 2016
ISBN: 9789085660439
Ferkeappriis € 20,00

voorkant2

‘Komme dy kepers?’ is a crime novel switching nimbly and playfully from adventure to satire and comedy. A beautiful young woman and her friend become involved in the malpractices between two international superpowers.This updated edition is still as full of surprises as the original one of almost fifty years ago.

(tekst fan de útjouwer)

R.R. van der Leest
Boef fan Rys
Frysk en Frij, Ljouwert 2016
ISBN: 9789085660446
Ferkeappriis € 20,00

voorkant1

‘Boef fan Rys’ is a crime novel switching nimbly and playfully from adventure to satire and comedy. A beautiful young woman and her friend become involved in the fight about the allocation of one million for provincial culture.This updated edition is still as full of surprises as the original one of almost fifty years ago.

(tekst fan de útjouwer)

Ulke Hessel Brolsma
Oarloch yn en om Grou

Bornmeer, de Gerdyk 2016
ISBN 9056153765
Ferkeappriis € 19,90

omslag-Grou-kopie-510x710

Grou ûnder de Dútsers. Dat is it ferhaal dat Ulke Brolsma yn syn nijste boek fertelt. Hoe’t it moaie doarp yn wetterlân hieltyd mear mei de besetter te krijen hat. Der komme ûnderdûkers nei Grou en omkriten. It ferset stekt syn kop op. Minsken dy’t harren libben der foar oer hawwe om de Dútsers oan te pakken. En fansels de ferrieders, dy binne der ek.

Oant septimber 1944 seach men de Dútsers suver net. Dan sette se har te wenjen yn de filla fan fabryksdirekteur Halbertsma. Tweintich ‘Grünen’ giselje dan dei yn dei út troch Grou en omkriten. Se jeie op Joaden en fersetsminsken. Se witte in protte en komme, holpen troch Nederlânske ferrieders, oeral te plak. Elkenien is benaud oft se yn de nacht de learzens mei spikers derûnder op strjitte hearre. Komme se op my ta?

Op 2 en 3 maart 1945 slaan de Dútsers in slach. It grutste part fan de fersetsminsken wurdt oppakt. Wa is de ferrieder? Dêr is noch nea oer skreaun. Dit boek jout hjir in andert op.

Aggie van der Meer
De achttjin

Afûk, Ljouwert 2016
ISBN 9789492176240
Ferkeappriis € 13,50

de_achtjin

Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy’t sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy’t dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels.

“Alhoewol’t er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy’t my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy’t my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen”

Geart Tigchelaar
Bêste jonge
Afûk, Ljouwert 2016
ISBN 9789492176233
Ferkeappriis € 14,50

beste_jonge

In relaasje tusken man en frou, dat leit soms wat yngewikkeld. Sa ek by Tine en Jarich. Tine liket tefreden mei har libben, mar benammen Jarich krijt it geregeld benaud fan it feit dat alles al sa’n bytsje fêst leit yn syn libben. Risiko’s nimme, it ûnferwachte in kâns jaan, in heger lok sykje, dêr giet de nije roman fan Geart Tigchelaar oer.

“Op dy iene middei sloech it yn as in bom. Ik woe al langer folslein wat oars en it leafst wat oars as oars. Ik wist hieltiten mar net wat, mar doe’t ik út it wurk wei ús strjitte ynried en oer it sket fan de oerbuorman de grutte koppen fan de sinneblommen weauwen seach, ferskynde der stadichoan in grutte glim op myn holle.”

Josse de Haan
Reedride op glêd iis
Elikser, Ljouwert 2016
ISBN: 9789089548320
Ferkeappriis € 24,50

f768b32714408a4df912a09a0c6e77ec

 

Fjirde bondeling ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, anarkys en kollaazjes fan Josse de Haan

Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy’t Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat – Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op glêd iis.

Oersettingen

 

Apollonios fan Rhodos / Klaas Bruinsma
De Tocht fan de Argonauten
Elikser, Ljouwert 2016
ISBN: 9789089548511
Ferkeappriis € 20,00

e41520bf075a940d671b40e7eae8c5bf

De Argonauten belibje in bulte aventoeren as Jason it Gouden Flues helje moat en Medéa him helpt mei tsjoenderskeunst

Troch alle tiden hinne hat it ferhaal fan it Argonautenskip, fan Jason en it Gouden Flues en de tsjoenster Medéa ta de ferbylding sprutsen. En noch hieltyd lêze we mei niget hoe’t de jonge held Jason de útdaging oannimt om de riskante, suver ûnmooglike taak op him te nimmen om it Gouden Flues te bemasterjen, dat bewekke wurdt troch in neasliepende draak. Jason syn doel is, hjirtroch it regear fan syn omke Pélias werom te krijen.

Kathy Reichs / Geart Tigchelaar
Firalen
Elikser, Ljouwert 2016
ISBN: 9789089548467
Ferkeappriis € 19,95

99c87edde33c4e55844c6770083cf190

 

In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.
Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.
Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.
Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

Ferskaat

Jules Verne / Bert-René Luimstra
In wrâldreis yn 80 dagen
Regaad, Grins 2016
ISBN: 9789082197037
Ferkeappriis € 7,99

Boek_VERNE

‘Jawis’, moat Phileas Fogg sein ha, ‘men kin hjoed-de-dei al yn tachtich dagen om de wrâld reizgje’.
Huh? sille jim tinke. Dat kin dochs wol yn tachtich óeren?! Ja, no wol, mei fleantugen en sa. Mar anno 1872 wie dat wol oars! Muiterij, stoarm, brânsteapels, ynstoartende brêgen, in jonkfrou yn need, drank&drugs… Alle tûkelteammen dy’t in hastige reizger treffe kinne, oerkomme de gentleman Fogg en syn reisgenoaten. Reizgje yn dit spannende stripboek mei op treinen, stoomskippen, sliden en oaljefanten! En fyn, tagelyk mei de 21e-iuwske John en Julia, út oft dizze bekende wrâldreis no fiksje is, of dochs…
Jules Verne, de grutte skriuwer en fisionêr, skreau syn boek In wrâldreis yn 80 dagen yn 1873. It ferhaal is sûnt al talleaze kearen oerset, ferfilme en bewurke… mar noch noait sa as yn dit Fryske stripboek!
Under lieding fan Bert-René Luimstra is Vernes ferhaal fannijs bewurke. Striptekener Roelof Wijtsma hat der in prachtich boek fan makke.

Pier Boorsma
Kulturele autonomy yn Fryslân
Hispel, Wiuwert 2016
ISBN: 9789074516198
Ferkeappriis € 8,00

pierboorsmakultureleautonomy

Yn dizze bondel, gearstald troch Pier Boorsma, stean artikels fan Will Kymlicka, Maarten Mourik en Pier Boorsma sels oer it tema kulturele autonomy. Boorsma hat dêrta de stikken fan Kymlicka en Maurik oerset, dy fan Kymlicka út it Ingelsk en Mourik sines út it Nederlânsk. Neffens Boorsma is it artikel ‘Liberaal Nasjonalisme’ fan Kymlicka ien fan de alderwichichste teksten oer it tema.

 

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch te reagearjen ûnderoan dizze side.

 

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *