Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Soan, team, tonger en spin

Heite’, oerheitsheite’ namme
(Oan P. Lenige)

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,
namme dy’t syn jierdei daget
dy’t myn sielnocht nea mishaget
en docht gjalpen om myn soan.

Betink, spruts wize keningsmûle,
betink dyn Makker, en dyn skûle
dêr’t dyn jeugd noch grient en blomt
en har jobbelich blier fermakket,
sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swimt.

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,
dy’t hoasfuotling ta elk krûpt, –
wa kin ûnmachts need ûntrinne?
Wa sil net yn skamte stinne:
Wurk te dwaan is my ûntslûpt.

Ier godstsjinstich, âlden achtsje
docht myld-libbensjeft ferwachtsje,
mei’t se yn himels geunste stean!
Hja dy’t hjir gjin tiid fermotsje
sil God mei Syn seine oerskodzje;
hert hoop mjitte, is mear as lean.

Yn it wenstige patroan fan nammejouwing waard de soan gauris nei pake ferneamd. Dat wie mei Durk Lenige syn soan Piter ek it gefal. Sadwaande koe er skriuwe:

Heite, oerheitsheite namme,
rûn roald, fiif kear al ferstamme,
‘k laitsje dy yn myn Piter oan,

Want Piter wie de namme fan syn soan, fan Piter syn pake (Durk Lenige syn heit), fan Piter syn pake syn pake, en sa fiif kear alle kearen byinoar. It eigen bern is sadwaande in skeakel yn it keatling fan ginneraasjes, dêr’t de minske, noch net ûntwoartele, in grutte ferbûnens mei fielt.

It twadde kûplet begryp ik net alhiel. Yn myn taasten nei sinjouwing ynterpretearje ik de skûle as it âlderlik plak fan de lytse Piter dêr’t syn jonkheid noch grient en bloeit. Alsa wurdt berneboarterswille ferbûn mei it gebod fan earbied foar God en heit en mem, lykas troch wize keningsmûle ferkundige. De minske fan de 19 en 20ste ieu fielt dat gebod as in knellende bân, as stridich mei syn stribjen nei frijheid. De minske fan de 18e ieu sjocht it gebod as in natuerlik gefolch fan de tankberens dy’t it bern fielt foar it lok fan syn jonkheid en it noedstean fan heit en mem. Wat ik lykwols net begryp binne dizze regels:

sulveren koard mei krêft omstutsen
dêr’t se yn seine kielsdjip swom.

Wat is dat sulveren koard? My bekrûpt no in ynterpretaasje dy’t ha wol dat de skûle it skûlliif fan de mem is, en it sulveren koard de nâlestring en dat it kielsdjip swimmen yn it fruchtwetter plakfynt. It hiele kûplet is dan in weromsjoch nei de prenatale tiid, dy’t him likegoed mei de earbied foar jins âlden ferbine lit. It hat dan universele sizzenskrêft, want wy binne allegear boarne troch en ferbûn west mei nâlestring en skûlliif. Sa’n metafoar soe krekt wat wêze foar de tiid fan de barok. It brûken fan de notiid suggerearret dan dat dy tiid noch altyd bestiet earne djip yn it ûnthâld. It alternatyf is dat it sulveren koard gewoan in wetterke is dêr’t de lytse Piter wolris swimt. Hok ynterpretaasje is korrekt? Brouwer’s noate-apparaat biedt gjin útkomst; miskien moat ik Lenige syn Hollânske gedichten derby pakke.

Yn it tredde kûplet komt de fergonklikheid, de slinende tiid, op it aljemint. Wis, in universeel klisjee, mar mei hok hearlike retoaryk wurdt it de tiid oantsjut!

Snijtosk-brok’ler, each-fertsjustrer,
fuotten-skodder, hertferbjustrer,

Lês dit kûplet nochris lûdop foar! Lenige wie net de earste om dit retoarysk keunststik te fertoanen, om alsa mei omskriuwende gearstallings in personifiearre barren of ding oan te sprekken. It komt ek al foar by Gysbert-Om, en dêrfoar by Christiaan Huygens yn syn Voorhout (1621), as er oer in kanon skriuwt (rigel 167-168, sjoch ek 410-424 oer de sinne):

Benen-maaier, muren-boorder,
donder-dover, duivel-sang

Mar orisjineel of net, it heart yndrukwekkend. De tiid makket je ûnmachtich, dat it wurk dat je noch dwaan wollen hie je by de hannen omt ôf brekt: Wurk te dwaan is my ûntslûpt. It lêste kûplet is net bysûnder en dat lit ik dus fierder gewurde, want de kritikus fan it ferline rjochtet him op de sterkste punten fan deade skriuwers. Mar ho, wacht efkes, de lêste regel is wer in riedsel fan komplekse barok:

hert hoop mjitte, is mear as lean.

Yn it Midfryske orisjineel stiet: traap heap mjitte is mear as lean. “Traap” fetsje ik op as “stap”, mei rjocht en reden want yn it earste gedicht kaam de fraze “sekonds-traap” foar, dat ik jim ferdútste as “sekonde-stap”, dêryn stipe troch Brouwer syn noaten. Dat kin dus it tikjen fan it hert wêze, symboal fan sûnens, mar ek symboal fan tiid troch de assosjaasje mei de klok, dy’t wer de lengte fan it libben ôfmjit en dus by sûnens oanslút. Sadwaande ha ik “traap” as symboal fan sûnens ferfongen troch “hert”. “Heap” sil wol “protte” betsjutte, mar mei “hoop” pak ik in ynterpretaasje dy’t, al hat Lenige him faaks net bedoeld (faaks al), it gehiel wol begrypliker makket, en ek oanslút by de bibelske moraal. “Mjitte” by einsluten is in 18e ieusk begryp: de regelmaat yn de natuer sa’t God dy deryn lein hat en de morele plicht fan ’e minske om út syn frije wil wei mjitte te hâlden. Twa ieuwen fierder en wy binne safier dat wy tinke dat dy regelmaat ek wol sûnder God bestean kin.

Wat ik dêrfan tink? De kristlike God? Lit ik oer spesifike notasjonele farianten lykas God en Allah swije, mar tsjin it Godlike sis ik, sels sûnder yn ’e spegel te sjen, JA, want dat alles dat der is der is, is in wûnder.

De frees foar tonger en spin, Fij en Frank

“Wat wurdste troch de frees belegere!”
Sei Fij, tsjin Frank, “it is te gemien.
Troch lofts-kôk, tonger, wurdst oandien,
hat Himel dan foar dy gjin eagen?

Wat need, wat kwea, briedt yn dy fleagen?
Har bealch brekt, skuort, falt op ’e stien.
As hûnderttûzen stean tsjin ien,
spriedt noch de eangst dy tiisknots-reagen!

Sa’n ien syn hert sakket sûnder need,
is berne-boartlik of fammich benaud.”
“Hâld mjitte”, sei Frank, “toe asjeblyft.
Koartby, yn it hôf, sloechst op ’e rin,
en settest sok, want seachst in spin:
hie dy by him in deadlik knyft?

Ik betink faak sels wûndermoaie titels by Linige’s gedichten, simpelwei troch in moaie regel út it gedicht sels ta titel te ferheffen. Dizze fraaie titel stie lykwols yn it orisjineel der al boppe, dus alle eare foar Lenige. It gedicht yllustrearret simpelwei it sprekwurd: de pôt ferwyt de tsjettel dat er swart sjocht.

Op dit plak wol ik ek efkes wize op in apart stylskaaimerk fan de Fryske barokpoësy: it brûken fan healwize genitiven lykas: lofts-kôk, dat is koaitsjen fan loft betsjut lykas by tonger. Ik ha foar de lêsberens mei streekjes (-) oanjûn dat lofts en kôk byinoar hearre. Sokke genitiven brûke wy net mear. Yn ús tiid kin inkeld in persoansnamme yn de S-genityf stean: Jans boek bygelyks. Dingen kinne net yn de S-genityf stean, * reins rûzjen, en dochs fine wy sokke konstruksjes hieltyd wer by Durk Lenige en Gysbert Japix. Kamen sokke konstruksjes yn de sprektaal doedestiids al foar? Of ha wy hjir te krijen mei in keunstmjittige opset? Yn alle gefallen passe gearballe útdrukkings lykas lofts-kôk goed yn it jambyske ritme. En it konsintrearre karakter fan sa’n fraze hat in sterke retoarysk-poëtyske sizzenskrêft.

Foarwis komme de niis besprutsen konstruksje ek foar yn de Hollânske en Ingelske barokpoëzy, mar hoe sit it mei de Dútske? De Skandinaafske talen?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op