Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Nûmer 7 fan ensafh op papier is út

freed, 8 jannewaris, 2010
pjotr

It sânde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 7 yn print

3 Redaksjoneel
4 Sipke de Schiffart
Lotte op De Feanhoop
17 Steven H.P. de Jong
The High Poetical Diction Cathedral
22 Jacobus Q. Smink/Edwin de Groot
Grap fan Quatrebras
24 Sytse Jansma
De bus nei riobamba
25 Goffe Jensma
Giftige Simmer
30 Jelma Knol
It moeras
35 Ane Bote Jukema
Thúskomme
Ald

37 Hidde Boersma
The man is here
40 Gerben Abma
In optocht probleem literêr-histoarysk hifke
51 Simen Oetie
Troch it izeren gerdyn
62 Foppe Venema
Troch de skodoarren: Clément Marot (1496-1544)

Redaksjoneel

IN JIER ENSAFH
Mei dit nûmer beslute wy de earste jiergong fan ensafh, dat ûntstien is út de fúzje tusken Hjir en Farsk. Dêr’t de belangstelling yn ús lân foar literêre tydskriften ôfnimt, lit it tal abonnees fan ensafh in lytse groei sjen. Dêrnjonken witte hieltyd mear minsken ús op ynternet te fi nen; de lêste moanne krige ús
side hast 3000 besikers, wêrfan 900 unike.
Yn dizze tiid fan kommersialisearring, dat in resinsje foaral kommentaar by in produkt liket te wêzen en lêzers har gauris liede litte troch listen mei nammen as ‘Top 10 literatuur’, binne literêre tydskriften miskien noch mear as oars it plak om koarte ferhalen, gedichten, essees en besprekken te publisearjen.
Ensafh wol Fryske skriuwers in plak jaan dêr’t se sjen litte kinne wêr’t sy mei dwaande binne en eksperimintearje kinne om harren fi erder te ûntjaan.
It is moai dat út it tal lêzers en besikers fan ensafh bliken docht dat der ferlet is om de Fryske literatuer te folgjen. Foar ús in goede motivaasje; wy sjogge út nei it twadde jier fan ensafh!

DIT NÛMER
Yn dit nûmer stiet benammen in soad proaza. Der binne ferhalen fan Sipke de Schiffart, Jelma Knol, Hidde Boersma en Simen Oetie. Fierder kinne jo de tekst fan de lêzing dy’t Goffe Jensma útspruts by de presintaasje fan it boek ‘Giftige Simmer’ lêze, in stik fan Gerben Abma oer Fryske beweging, literatuer
en taalbefoardering en Steven H.P. de Jong reagearret op it Gysbert Japicx-nûmer en krijt dêr wer in reaksje op fan Jacobus Q. Smink en Edwin de Groot.
Poëzy is der fan Sytse Jansma en Ane Bote Jukema en fan de Frânske hôfdichter Clément Marot (1496-1544) yn de oersetting fan Foppe Venema.

BYLDSONNET
De redaksje fan ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot dat op ús thússide te fi nen is, om te setten yn in ‘wurdsonnet’ neffens Van der Sloot syn skema. Sjoch om mei te dwaan op www.ensafh.nl.