Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Cornelis van der Wal nije reachmaster fan ensafh

woansdei, 13 jannewaris, 2010
pjotr

Mei’t Sito Wijngaarden, reachmaster en redaksjelid fan ensafh binnen syn baan by de Afûk no ek by it tydskrift De Moanne belutsen is, is er mei yngong fan no mei syn wurk foar ensafh ophâlden. Dat leit fansels foar de hân, want sawol foar De Moanne as foar ensafh yn ‘t spier dat byt inoar. It is foar Sito moai dat er by de Afûk nije fêstichheid krigen hat, foar ensafh is it spitich dat wy net mear fan syn tsjinsten gebrûk meitsje kinne. Aldergelokst ha wy foar it reachmasterskip in tige geskikte opfolger foar Sito fûn: Cornelis van der Wal. Cor hat earder in skoft reachmaster west fan Farsk, de foargonger fan ensafh-ynternet, en hy is as gjin oar thús yn de (literêre) ynternetwrâld. Wy sizze Sito tank foar wat er allegear foar ensafh, en earder Hjir en Farsk, út ’e wei set hat en lokwinskje him mei syn nije taak by de Afûk en De Moanne.

Cornelis van der Wal syn opfolging fan Sito beheint him ta it reachmasterskip en dêrbinnen de ferantwurdlikheid foar it byhâlden fan de ûnderskate rubriken op ensafh-ynternet.

De redaksje fan ensafh