Teleks: Ynskriuwaksje twadde druk bekroande “Erik of it Lyts Ynsekteboek”

logo.ensafh

Op it Frysk Boekefeest fan freed 9 septimber waard bekendmakke dat Geart Tigchelaar foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it Lyts Ynsekteboek’ (Regaad, 2015) de Obe Postmapriis 2016 krije sil. De útrikking fan de “Obe” is op freed 4 novimber yn Ljouwert.
It boek wie al binnen in healjier sa goed as útferkocht en dus is it bekroande boek net mear leverber. Utjouwerij Regaad, in stifting sûnder kommersjeel eachmerk, hat net de mooglikheden om it finansjele risiko fan in twadde druk te dragen. Dêrom hat de útjouwer in ynskriuwaksje op tou set: as der fóar 15 oktober 150 stiks yn it foar ferkocht wurde, binne de kosten dutsen en wurdt de twadde druk yn gong set. Nigethawwers kinne har foar ien of mear eksimplaren oant 15 oktober ynskriuwe fia erik@regaad.nl. Wa’t dat wol kin syn eksimplaar sinjearje litte troch de oersetter en de yllustrator. Under de bestellers wurdt in fergees, sinjearre eksimplaar ferlotte.
Mear ynformaasje stiet op: http://www.regaad.nl/wp/ynskriuwaksje-twadde-druk-bekroande-erik/

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op